Seemansklachte
Onder de boartfeinten fan syn jonkheid hie Gabe ien dy him nei oan 't herte lei. Hy wenne te Abbegea, der Gabe in omke en muoike wenjen hie; dêr kaam er folle koarts foar de ongetiid te útfanhûzjen; dêr toudûnse er mei syn niften, of siet 'er hele nachten by op te jongfolkjen en te sjongen. Dan wie Sierd Anes, in flugge sterke Fryske feint, syn maat. Dêr bleau, der wie syn libbenslust. As moamsier de prachtige sinne syn blinkjende holle út de dauwe opstiek, en oer de marren en puollen begûn te spegeljen, dan gong de sinne ek yn syn hert op; mar as er oer dy wetters brûsde en sûsde mei Sierd yn it lichte boatsje, dan dûnsen syn sinnen as it skipke op 'e weagen. En dochs ferlange er, as de tiid om wie, wer nei hûs en hiem, nei heit en mem. Sa'n bestean hie Sierd net. In lytse mistribelinge yn de frijerij mei Eke jage him it seegat út. De jonge, sterke, feardige Sierd, dy oars nin see te heech gong, dy ienris dy hoop, dy fleur fan syn folk wie, rekke onder ferkearde makkers en ferwyldere ta dy uterste mjitte, dy in beskaafd minske berikke kin. Einlinge kaam er werom, mar it wie foar in koart eagenblik. Hy rûn in lytse tiid yn it doarpke om as in balling mei in ferbrutsen gemoed, en is fuortgien, sonder dat immen oait wer fan him heard het. Dat taaste Gabe yn syn siele oan, en hy makke 'er it rymke op, dat hjir folget.