Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 266] [p. 266] De lytse toarnbeisiker In earme jonge yn de Wâlden Dy toarnbei-sike oan de wei, En song dêrby in aardich sankje; Hy neonte sa de hele dei. Ja, soms begûn er lûd te sjongen; Dat klonk sa yn dy stille loan'! O! 't earme boaike hie sa'n wille, Wol mear as mannich keningssoan. Mar, sus! dêr stûke wurk en sjongen. Wêrom, myn boai? Wat is 'er oan? Hy seach in siden ponkje lizzen, Dat lei dêr samar oer de loan'. De earme stakker wie besauwe, Doe hy dêr goud yn 't ponkje fûn. Want trije goudene dûkaten, Dy foelen dêr sa oer de grûn. Hy keart se om wol hondert kearen, Hy telt en sjocht se oer en nei. Hy lit it toarnbei-siikjen wêze, En gong sa bliid mei 't ponkje wei. En onderweis oan 't prakkesearjen Wat hy foar 't jild al keapje soe Oan moaie klean en 't swiete iten, Krekt of it jierren duorje koe. Mar, och, hy moast gau onderfine Wat oan sa'n stikje goud ek wie, En koart begûn hy al te kleien, Dat hy mar trije duiten hie. Hoe gau wie ek dat jild fersiedde! Yn koarte dagen hie er neat, En earm, ja, earmer as foarhinne Stoe dêr it boaike kâld en bleat. No gong er wer oan 't toarnbei-siikjen, Mar hy wie stiller as alear. Hy koe nin jolich sankje sjonge, En wêrom song er no net mear? Grou e.h. Vorige Volgende