Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It liet fan in earm man Ik bin in earme biddelman, Allinne yn de wrâld, En simmers skroeit de sinne my; De winters bin ik kâld. Ik woe sa graach ris sjonge jit, Mar 't moed dat sinkt my wei, En tink ik my al effen bliid, In sucht dy folget nei. Want yn myn leave âldershûs Wie ik sa'n frolik bern; De bitt're kommer is myn lot Sont ik har ha ferlern. De moaie hôven bloeie sa; It noat dat stiet sa skoan; De keale wei dy is foar my; Ik earme minskesoan. Ik bin dochs graach dêr freugde is Mei myn bedrukt gemoed. En 'k winskje elts dan goeden dei Sa hertlik en sa goed. O, goede God! Do lietst my dochs Alheel net sonder treast. Ien hoop skink' jo oan heel de wrâld, Mar oan de earmen meast. Dêr stiet op ider doarpke jit In hillich hûs oerein; Dêr klinkt foar elts in from gesang, In treastwurd wurdt 'er sein. Jit ljochtsje sinne, moanne en stjerr'n Sa freondelik op my, En as de lêste bêdklok slacht, Dan sprek ik, God, mei jy. Want ienris komt jins himel op Foar eltse fromme siel. Dan tsjen ik ek myn feestklean oan, En sit my mei oan 't miel. Grou e.h. Vorige Volgende