| |
| |
| |
Twa berntsjes yn 't wâld
O, âlders! O! betink no wol
De wurden hjir beskreaun.
In drôvich stik fertel ik hjir
Oan Skotlâns kust bedreaun.
In edelman fan heech fatsoen
Alear yn Noardfolk libbe;
Hie lân en grûnen fier yn 't rûn,
Wie noait fan 't lot jinstribbe.
Mar siik waard hy, de dea neiby;
Moast fan syn rykdom skiede.
Syn wiif waard deadlik siik as hy,
En beiden wachte ien ierde.
Dochs leafdes treast wie net ferlern,
Mar, och, twa lytse leave bern,
Dy bleauwen helpleas nei.
Och, de iene in moaie fikse boai
En de oare in famke, o, sa moai!
In pronkstik fan de wrâld.
De jonker liet syn lytse soan,
Jiers trijetûzend gûne nei,
Syn lytse Jane's útset wie
De dei as hja ta trouwen kaam,
Dan lei it foar har klear.
Mar as de berntsjes stoarene
Dan waard har omke erfgenaam
‘O, broer-leaf!’ sei de sike man,
‘Sjoch op myn berntsjes del;
It is myn eigen flêsk en bloed,
Dat 'k oan dyn soarch befel.’
‘Oan God, oan dy, lit ik se oer,
Myn berntsjes nacht en dei;
Want mar in lytse wile tiid,
‘Do moatste wêze mem en heit
God wit, wat lot har is bereid,
‘En 't is no yn dyn folle macht,’
‘Har op te bringen grut en ryk,
‘En binne jo har treast en steun,
Is 't oars, syn straffe bliuwt net wei,
Doe tute hja har berntsjes jit
Mei lippen kâld as stien.
‘God segent jimme, leave bern!
En hark ris wat de broer doe sei:
‘Ik haw nin hert fan stiel.
Wat soarg't dyn teare memmehert?
‘En as ik oait dy leave bern
Ferdruk of kweadwaan mocht,
Dan winske ik, dat Gods swiere straf
My nacht en dei besocht.’
En doe de âlders leine yn 't grêf
Naam hy de berntsjes oan;
Hy brocht se beide yn syn hûs
Hy hâldt him oer dy leave bern
In jier heel goed en sacht;
Doe naam de divel fan it jild
Dat onminske yn de macht.
Hy hierde doe twa kearels ôf,
Dat dy foar jild dy lytse bern
Syn wiif dy makke hy doe wiis
Dy berntsjes soen' nei Londen ta
| |
| |
Wei gongen doe dy sloofkes, wei.
En seine yn har onnoazelheid:
Sy prate en snappe freonlikjes,
Och, sonder erch of kwea,
Mei dy ferwoaste moardeners,
Dy 't oanleine op har dea.
Dy leave praatsjes makken doe
En neiby rûn troch yntinken
Mar ien fan har, ferstield fan hert,
Spriek: ‘Nee, ik hâld myn wurd.
Hy leanne ús goed: hja moatte dea,
Al falt it stik my hurd.’
Mar de oare stimde 'er net yn ta;
Hja foelen doe yn striid,
En fochten hevich mei eltsoar,
Wa 't earst soe út de tiid.
En dy de seaftste ynboarst hie
Staat d' oare 't mês yn 't hert,
Dy berntsjes yn dat iensum bosk
Hy naam de berntsjes by de hân;
Hy sei: ‘Kom mei, en skriem mar net;
't Is alles no wer goed.’
Twa lange milen laat hy har;
En 't onminsk' sei: ‘Bliuw hjir mar stean;
Dy leave berntsjes hân oan hân
En seagen nei har rêder út,
De wylde beien yn it bosk
Hja skriemden doe de nacht oankaam
In minskehert moat brekke no,
Hoe dat dy leave onnoaz'le bern
Har flauwe moed ontsinkt.
Ferlitten yn dat iensum wâld
Och, koen' hja no mar bidde jit!
Mar hja wie'n jit sa jong.
Dus swalkene dy bloedsjes dêr,
Ferloste einlik har de dea,
Yn elkoarms earmkes klamd.
Nin minske makke in grêf foar har;
Nin deaklok waard 'er laat;
De hjerstwyn het har lykjes doe
Mei 't giele lof oerspraat.
Doe foel de hege wraak fan God
De fijân kaam ferwoastend op,
Syn binnenst' waard in hel.
Syn skuorren barnd; syn guod fernield;
Syn fee waard slachte op it fjild;
Nin hut bleau him oerein.
Twa soannen, beide yn Portugal
En ta beslút waard hy jit sets
Ta de uterste earmoed brocht.
| |
| |
En ear it sânde jier om wie
En kaam yn 't ein syn grouwelstik
Jit ek alheel oan 't ljocht.
De woastling, dy dy leave bern,
Siet op 'e dea om rôverij,
Dat wie de will' fan God.
En dy bekend' it yslik stik
Lykas hjir stiet beskreaun,
En de omke stoar, wylst by om skuld
Waard yn de kerker treaun.
Mar jimme, dy it opsicht ha
Dy yn de earste onnoazelheid
Har âlders haww' ferlern.
Nim in eksimpel oan dit ding,
En jaan oan elk syn rjocht,
Ear't Gods hân mei sa'n aaklik lot
e.h.
Grou
|
|