In trien
Nei 't lêste smert-útkriten,
Nei 't earste inerlik getroet,
Dêr mem har berntsje mei begroet?
Dêr hja har ingel earst mei moet,
As wurd en sucht fersmoare binne?
O, 't is in trien, in trien allinne.
En 't swietste fan de nocht,
As 't bern moai op har skurte
Sa gutich de eachjes opdocht,
En luorkjende nei har sjocht,
En streaket en aaiket en docht,
En 't swiete ‘Memke!’ lit rinne?
O, 't is in trien, in trien allinne.
Mar leafdes earst bewiis,
Wat mei dat dochs wol wêze?
Is 't dûnsjen? Djoeien op it iis?
Nee, yn dat frjemde singetiis
Hest wurd, of sucht, of sang, of wiis,
Jildt hege eed by moanne of sinne,
Mar in hândruk, in trien allinne.
Foar trouwe freoneherten;
De tiid wurdt lyts, de wei is fier,
En de onrêst fljocht troch hert en ier;
De lêste klokslach bromt sa swier!
Mar as klok en spraak ferstomme binne,
Dan sprekt yn 't each in trien allinne.
In freon ferjit syn wurd;
Dat flymt ús troch it herte:
't Ferjitten fan dat hillich wurd
Dat falt oan al de freonen hurd,
Dat flitset as in snijend swurd
Troch hert en nieren hinne;
Dat helet in trien mar allinne.
Do biste heech fan steat;
Nin kening is sa ryk, sa grut.
't Ferrie komt op; do biste neat,
En mei in wink do earm en bleat;
Dyn freonen ta de lêste tinne.
Wat bliuwt dy? In trien mar allinne.
Dêr stjert fersuffe en siik
In sloof; har suchten rinne
Nei 't lêst, it allerlêst ontwyk,
Nei 't ivich ljocht, it himelryk,
Dêr earme en rike binne allyk.
Foar de earme bern fan honger fertinne
Is 'er neat as in trien mar allinne.
De hân, dy jout, is ontslein
En jout har brea en segen.
Har tankb're blydskip kenn' nin ein;
Har hert is nei de himel tein
Fier boppe stjerren en sinne
Mei in trien yn de eagen allinne.
Dêr stiet dyn woaste soan,
It doel fan al dyn soargen.
Sjoch dêr dyn hoop, dyn earekroan,
Ferwoaste, ferwyldere en ferdoarn
Dyn deugds, dyn griisheids kroan.
As rie en treast fergongen binne,
Dan bliuwt dy 'n bittere trien allinne.
De dea stiet foar ús leger;
It flauwe libben wurdt in lêst;
De minske sucht om de iiv'ge rêst;
En 't ierdske lean op 't alderlêst,
As wy oprjuchte minsken binne,
Dat is in freonetrien allinne.
e.h.
Grou, 2 nov. 1842
|
|