Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Ofskied Goede, echte Fryske ljuwe! d' Smertlike oere is 'er wer, Dat ik hjir net mear mei bliuwe, d' Ofskiedsklok wer brommen hear. Goede, echte Fryske ljuwe! Ik mei hjir net langer bliuwe; 'k Hear de ôfskiedsklok wer byljen. Och, ús oere is ferrûn. Trije, grutte, hege, winsken, Winskje ik jimme, eed'le minsken! Soe ik dûbelfâldich wêze? Dat is 't Fryske wêzen net. De earste is, dat w' as Fryske ljuwe 't Swiet fan echte freonskip priuwe, 't Alde sizzen goed onthâlde: ‘Rjucht troch see, dat giet 'ermei!’ Lit ús 't oarde wol onthâlde; Mei ússels de frede hâlde. Lit de wrâld ús dan ferlitte, 't Stringe IK ferdomt ús net. [pagina 262] [p. 262] Einling, bêste, golle ljuwe! Wol yn iiv'ge freonskip bliuwe Mei dat onbegryplik hege, Dat ús de ivichheid ontslút. Goede, echte Fryske ljuwe! Langer doar ik hjir net bliuwe. 'k Hear de himelharpen klinken. God en segen oer dit hûs! e.h. Grou Vorige Volgende