Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan Beslinga-state O, Beslinga! o, eed'le state! O, lusthôf fan de Fryske grûn Oer al de ridderlike staten, Hoe is dyn bluister no ferrûn! Dyn steatelike abeeljebeammen, Dyn fleur'ge loanen ticht en grien, De wylgen oan de wetterseammen Binn' keal en fan har lof ontdien. En Flora's núv're bonte drommen, Mei kleuren troch nin minsk' betocht, Dyn keur fan wonderfolle blommen, Ut alle wrâld hjirhinne brocht! Hoe blêdleas steane hja dêr hinne, Ferlitten, toar as in strewel, Of foar 't ferlies fan mylder sinne Besletten yn in neare sel. 't Noardwesten het mei woaste fleagen Dyn erf mei 't giele lof oerspraat, En, as de woaste wetterweagen, Neat sparre yn syn wylde feart. Mar komt 'er wer in mylder sinne, Ontjout him alles wer opnij. De twiichkes litte knoppen rinne, En alles libbet en is blij. De resida sa lyts, mar geurich, Magnolia yn syn hearlikheid, d' Oleänder mei syn blêd sa keurich, De roas mei syn oanloklikheid; 't Sil alles wer de grûn útstige, De fûgels sjonge yn it lof Fan beammen, dy har tûken nige As de earste beam yn Edens hôf. [pagina 261] [p. 261] Mar ien stam sil net wer ferrize; En freget me' dêr reden ôf, Ik moat him nei it tsjerkhôf wize; Dêr leit er op dat hege hôf. Us Eiso is dy eed'le stamme! De pin bestjert my yn de hân By 't skriuwen fan dy goede namme; Want goed wie by as ien fan 't lân. Me' mei geboarte in foarrjucht hjitte, As deugd en minsumheid har siert; Dy hie er yn in grutter mjitte As mannich dy nin wapen fiert. Syn oankomst sit my nea ferjitte, Mei flaggen, skippen sonder ein. Elts woe syn frolik hert útjitte; De soarch wie doe te side lein. My tinkt, ik haw it jit foar de eagen, Hoe doe de jonker huld'ge waard, En hoe de heit mei 'n trien yn de eagen Him oan ús opdroech as ús haad. Wat hoef ik hjir no út te lizzen, Hoe de eed'le man doe wie ontdien: De wurden stûken him yn 't sizzen, En my ontfoel ek al in trien. En Eiso wie sa gol fan wêzen! Syn rûne, nomm'le, Fryske sin Stie him yn 't freonlik each te lêzen, It woldwaan wie foar him gewin. Hy troude in frouwe fol fan deugden, Foarsjoen fan witenskip en keunst, Dêr w' allegear ús yn ferheugden, Hja wûn troch freonlikheid ús geunst. In hûs en hôven waarden stichte, Dêr 't jonge pear yn wenje moast; Mar, och, de dea kaam mei syn sichte, Dy skriklike fernielingsfoarst. Dy meande 'im wei yn prille jierren, En 't slot dêr jinder oan de wei Ropt alle minsken ta fan fierren: ‘De dea, de dea brekt alles wei!’ En wa sil no it leed útsprekke Fan de eed'le âlders en de rou? Dat kin de ierde mar bedekke, Dat wisket tiid noch wurden ou. Wol, lusthôf, sa bebeamd, beblomme, Fersierd troch keunst en troch natoer, Har faak it treurich hert opromme, En bring it brutsen hert yn stjoer. Wês lang de taflecht yn de smerte, O, stil, mar leaflik Beslinga! De treaster foar 't ferpletterd herte Fan de eed'le stam fan Sytsama. e.h. Grou Vorige Volgende