Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 260]
| |
Ik wie syn makker op-en-út;
Ik waard om him in bern.
Syn aard, syn namme wie my leaf;
Eilaas! dat is ferlern.
Wie ik soms treurich yn 't gemoed,
Hie skuld myn siel bedrukt,
Syn freugd', syn onskuld wie myn treast:
Dy treast is my ontrukt.
It hûs, dêr 'k al dy wille hie,
Is my sa stil, sa near.
Ik sjen syn leafste boartersguod,
Syn boartfeint sjen 'k net mear.
Ferplettere is it hûsgesin.
De faam, him sa getrou,
Syn âlde trouwe foedstermoer
Ferkniest fan leed en rou.
De winter het mei stringe hân
It fjild mei snie befracht';
Yn 't hôf, dêr 'k mei him kui're ha,
Is 't winter en is 't nacht.
Faak rikte hy my 't hantsje ta,
Of naam myn rôksseam faat,
En hy fermakke my yn 't hôf,
Mei leaf healmûlich praat.
De keale strûken stean' no dêr,
De roazen, o! sa skoan,
Dêr 't boaike faak syn lust oan hie,
Dy binne as hy ferstoarn.
Dy habbe ienris bloeie dochs,
Troch Gods almachtichheid,
Sa leaflik, en sa swiet en myld,
Byld fan syn majesteit.
Sa libbet leave Justus wer,
As dizze roazestrûk,
Hjirboppe yn it paradys,
Sa hearlik en sa smûk.
e.h. Grou |
|