Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Op Anna's dea Myn Anna, dy sa rein as snie, En my sa nei oan 't herte wie, De leafling fan myn siele; Myn Anna, och, myn ingelin, It blomke fan myn hûsgesin, Wa kin myn rouwe fiele? 'k Moat krite as in bern; Dy haw ik no ferlern. 'k Moat treure, God, sa inichlyk: Dat famke wie myn himelryk, Dat hjir sa koart mar tierde; Dat as in fûgel foar my song, Of dertel as in lamke sprong, En heel myn hûs fersierde; Dy lust, dy gloarje fan myn hûs, Fermoddert yn har klûs. [pagina 259] [p. 259] O, leave, dy ferjit ik net; Dat bliere each, dat freonlik hert Stiet ivich foar myn eagen. Myn okkebyld, myn ingelin! Do wykste noait wer út myn sin, Al sto ik oer de weagen, Dyn byld is ivich tichteby: It stiet, it praat foar my. Mar tankje God foar 't koart besit; Want hearlik, treastlik is it jit, Dat hja al op dizze ierde Sa goed, sa from en freedsum wie; Sa'n ingelachtich wêzen hie En noait myn hert beswierde. Mar, och, ik mis har al te ier; Dat fait myn herte swier. No bloeit nin blomke mear foar my, Nin ljurkje sjongt syn melody, Dat oars myn hert sa streelde; De simmer het nin freugd' foar my; Nee, de ierde is my in woastenij Mei al syn plantenweelde, No't 'k alles haw ferlern Yn dat oanminnich bern. De hjerstwyn bliest de blêden wei, En wy, wy stow' har efternei, En wurde in hânfol ierde. De stim, dy hjoed sa hearlik klonk, De blom, dy ús temjitte blonk En hôf en fjild fersierde, As God almachtich winkt, Ferdôvet en fersinkt. e.h. Grou Vorige Volgende