Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Leed en wille As it gelok mei tûzen blommen Us om de kroeze lokken waait, En 't wyld gemoed, ferwend fan 't krommen, It swerk net sjocht dat oer him swaait; Dan komt it leed mei tûzen pleagen En bûket ús ferbolgen hert; Driuwt skerpe triennen ús út de eagen; Wy wurde wiis, mar faak to let. Dêr stean wy dan...hoe lyts! ferlegen! As frjemden yn in woastenij. No komt in ingel út den hegen, En stiet it earme skepsel by. Dêr seit hja yn har himeltale: ‘Drink, minsk', dit mingsel ta dyn dead!’ En rikt ús freonlik ta in skeale Mei blomt' bekrânze, wyt en read. ‘Dyn libbensbeker is fol wille, Mar 't swartste leed leit ek 'eryn; Lit dochs ferstân dyn lusten stille! Oars drinkst dy dea oan har fenyn.’ Dy skeale moat elts minske drinke; Dat is de wrâld; dat is dyn lot. En of wy fleurje, stige, sinke, Wy binne yn dy macht fan God. Sa binn' de blêden dy hjir lizze, Besonge yn nocht, beskriemd yn need; De sinnefleagen, dy hjir sizze: ‘No hien' se wille, no wer leed.’ Nim, rûne, nomm'le Fryske ljuwe, It Fryske, dat ús hert hjir biedt, En of wy rize, sinke, driuwe, Leaf bliuw' ús Fryske taal en liet! e.h. Vorige Volgende