Leed en wille
fan E. Halberktsma
En de flotgerzen
fan J.H. Halbertsma
In wurdsje foarof
Friezen! Nommele lânslju!
Dêr is no it lêste gerjucht, freonen! Dêr mei noch in lyts priuwke neikomme; mar dêr moatte jimme net op rekkenje. Want it is burgerklokke mei ús, lykas de Grinzers sizze. Wy wolle hoopje, dat it jimme goed smeitse en ek goed bekomme sil, hoewol ik eang bin, dat dit iten in bulte te dreech of te skerp wêze sil; benammen dy in swakke mage of in rudige konsjinsje habbe.
My broer Eeltsje onthellet jimme hjir op syn Leed en Wille. In bulte fan dy stikjes binne nochal wakkere faai west; mar safolle as ik koe, ha ik se trou by eltsoar swile, en no is 't behâlden smoar, dêr jimme bernsbern my noch foar tankje sille. Hja seagen 'er ek al nuver út, en dêr is net ien onder, dat ik net ontsiferje, wurdsje foar wurdsje boekstaverje, bepuntsje en bestreepje, en oerskriuwe moast. It lêste foel my swier, noch swierder as it hoffenjen en himmeljen sels; want ik bin te loai om myn ei'ne tinzen op te skriuwen, ik lit stean dy fan in oar, en wie it net west foar Fryslân en myn broer, dan hie 'k se driuwe litten.
Dy ferfrysket of yn 't Frysk neifolget moat sizze, wêr hy te gast west is; want oars miene se jamk, dat me' mei oarremans fearren pronket, en dat soe watte smoarch stean. No soe ik jimme ek alle nammen wol opneame, dy Eeltsje by fierren of op 'e hakken folge het; mar hysels het it yndertiid fersloffe, en de measte stikjes binne al safolle jierren lyn makke, dat ik it net neifiskje kin; benammen ek, omdat ik hiel komselden Dútsk lês. Ik wyt, dat it Ingelske a tear him ta in trien en two children in a wood him ta de twa berntsjes yn 't wâld brocht het. Hy het my ek sein, dat it pelsrjucht besibbe is mei in âld teltsje fan Pater Abram, en dat Grubel neifolge is mei twa boeren en de skrie. Ik mien, dat de wylde ruter fan Dokkum ... mar lit ik leaver sizze, dat ik it net goed wyt. Ien ding wyt ik, dat it klaad, dat hy alles oantein het, suver Frysk is, en dat moat jimme genôch wêze. Dy 'er mear fan habbe wol, moat se mar rigel foar rigel neisneupe; mar ik leau net, dat hy folle mear fine sil.
Wat my oangiet, de holle stiet my fierste wyld om oan 'e liedbân fan in oar te rinnen. Ik ha myn bêst dien, om Fryske aard en tinzen, Fryske begripen en tsjoen-teltsjes, mei Fryske warden te uterjen, en dat ha ik dien, frij, sonder immen of eat te ontsjen; yn de miening, dat ik skriuw foar wize lju, dy op myn rekkening net stelle sille, wat ik in oar, om nei syn aard te praten, yn 'e mûle lis. Ik sis dit allinne, omdat yn lytse riken as uzes de lju al gau miene, dat men dy of dy persoan op it each hân het. Wy binne net folle; mar om ús op te hâlden mei de ljuwe, dy no libje, en dy onderdúms stekken te jaan, sjoch, dêr binne wy dochs noch te heech ta. As dat sa wie, soene wy allinne foar de tiid, dêr wy yn libje, skreaun habbe, en dat liket 'er net nei.
Yn de hoanne fan Westerein sprekke de Friezen onder de republyk, doe se de frijheid mei de ynfierenste genegenheid foar de prinsen fan Nassauwe yn har binnenste fersmolten hienen. Yn de ljuwe fan de pomp ha ik de tsjinnichheid fan de âlde Friezen op lotsjen, sûpen en de ierdappels yn 't eachmerk hân. Immen kin twifelje, of it wier is, wat 'er oer de reden en de doer fan de sjuchtme yn 'e ierdappels sein wurdt; hy mei mûlk sizze: ‘Minsken en planten kinne siik wurde, en ek wer betterje; krinten en druven hawwe ek de sjuchtme al, mar dêrom sille de minsken net ophâlde dy frucht te ferbouwen’; oare