Hylke kaam thús; hy moast no yn 't stookhok syn heil siikje. Hy sei neat; mar de earste sneintejûn de bêste, sei er tsjin seis nuvere feinten, skippers en kammeraten fan him, dy yn de Lemmer leinen, as se de oare moarns te 10 oere in gleske pons by him drinke woene. Jawol. It wiif gong, de bibel mei sulveren heaken by har, yn peaskepronk nei tsjerke en om 10 oere kaam it folk opdaagjen. Dat gong dêr op 'n sûpen fan sterke gleone pons as it pompwetter wie. De geasten waarden wekker, njonkelytsen roerich en op it lêst wyld, woast en oproerich. As 'er 'n glês of romer briek, rôp Hylke: ‘Dat 's bêst, toe mar, sa moat it gean! De fabryk moat ek libje.’ It eintsjebeslút wie, dat 'er ien oer de tong begûn te kakken en de moaie spegel bespei; in oare skuorde de kleden en gerdinen ôf om de boel watte op te himmeljen. Skipper Laas, dy troch it hier groeid wie, sette de prûk op 'n lege flesse, sa hjit waard hy om de kop.
By skipper Hylke
Sytse fan Twellinga hie safolle fan dat swiete guod ynkrige, dat er mei de rûge mûtse, fetlearzen en 'n skânsloper oan, op it pronkbêd stapte en yn 'n amerij begûn te snoarkjen as in baarch. Mei-ien kaam it wiif út de leare en sloech rare eagen op doe hja nin gerdinen foar 'e finsters fûn. Hja gong yn, mar doe waard hja sa wyt as snie en waard stom fan woede. Mar doe se dêr dy dronken útfanhûzer mei de rûge mûtse op en de learzen oan op har pronkbêd seach, doe wie it as se troch 'e grûn sonk, en wylst dy keardels it heechste liet songen: Ach, kapteintje, slaat mij niet, foel it earme minske yn flaute op 'e grûn. Hylke hâlde har 'n doek mei jittik onder 'e noas, en doe hja wer bykomd wie en de boel troch in âlde hûshimmelster wat opreddere wie, sei Hylke tsjin syn wiif: ‘No, Jeltsje, sa kin it net, en dochs moat it sa, as ik yn 'n stookhok libje sil; want dat ferdom ik sa wyt as sûpe. Dêrom wol ik it mei dy op 'n akkoart jaan. Wy sille yn 'e earste keamer wenje, yn 'e