Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 251]
| |
Dokter Eeltsjes LetterkeDr. Eeltsje hie de lêste deis fan 1822 by mr. Johannes Haitsma, boargemaster fan Boalsert, te gast west. By boargemaster en syn wiif mefrou Lisk Tichler, dy 'er de fynste wynkelder fan Fryslân op neihâlde, wie alles nei âld-Fryske wize fan it bêste yn 'e romte, en de minsken wiene sa foldedich, sa opromd en freonlik, dat men 'er altiten mei in fol liif en in bliid sin fandinne kaam. De Frânske lekkerbekken hawwe 'n wetboek, dêr dit artikel nûmer ien yn is: ‘De tankberheid foar 'n gastmiel hoeft net langer te duorjen as de tiid, dy de gerjuchten fan it miel nedich hawwe om te fertarren’; mar dr. Eeltsje wie nin Frânskman; sa'n mieltiid wurke by him nei, en de nijjiersbrief, dy hjirefter folget, de earste en lêste, dy er sa skreaun het, wie 'er 't gefolch fan. - Te Boalsert wenne doe ek in âlde fjoerfretter, mei namme Portegies, 'n echte kriichsman, dy it sei sa as de wrâld woechsen wie. Hy wie in bernsbern fan de skriuwmaster fan prins Willem de Fiifde, en as prinseman yn 'e widze lein, woe er de Bataafse, of sa as hy it neamde, de Baviaanse republiek net tsjinje; want de Bavianen hienen de prins weijage. Hy naam tsjinst onder it legertsje fan de prins op it Ingelske eilân Wight, en dêr naam er letter tsjinst yn it Hannoverske rezjimint dragonders, dat onder Wellington yn Spanje en yn de fjildslach by Waterloo braaf fochten het. Hy hie it brocht oan de rang ta fan majoar en it Ingelsk pensjoen fan dy rang feriet er te Boalsert mei syn beheind, mar kreas lyts wyfke, dat him as 'n moedige Friezinne yn alle noedlike kampanjes troch Spanje folge wie. Lykas it mei âlde krigers giet, dy ta rêst komme en goed foer krije, waard hy te Boalsert wakkere grou en boarste út de naden fan al syn foarige klean. Nei de bataille fan Waterloo moast hy mei al de offisieren fan syn rezjimint foar de kening fan Ingelân ferskine, om út de keninklike mûle de taans foar har dapperheid en befochtene fiktoarjes te hearren. It wie doe 'n wet oan it Ingelske hof, dat nin kriichsman yn syn montearring of mei skerp dêr ferskine mochte; de boargers stienen dêr heger as soldaten en offisieren, dy allinne as feinten en tsjinners betelle waarden om de boargers as it need wie, te beskermjen, en dêrom mocht nin kriichsman oars as yn boargerkledaazje foar 'e kening fan it lân ferskine. Sa hie dan ek ús Portegies foar de audiïnsje 'n fyn swart lekkenspak meitsje litten by de skroar fan it Ingelske hof, dy by guinea's rekkene, lykas ús skroarren by gûnen. No mei dy moaie 'joere rôk kaam Portegies altiten oan 'e mieltiid by boargemaster Haitsma, mar omdat hy de rôk op nin hânbree nei fan foaren tichtknoopje koe, sa grou wie er wurden, sei boargemaster op 'n kear, dat wy beide by him te iten wiene: ‘Lûk jimme baitsjes ris út, feinten; it is my no ris te dwaan om grou en smel beide te geriven.’ Wy loeken de rokken út en ik paste Portegies sines oan, dy my siet, krekt as er my om it liif getten wie. ‘Dy rôk is foar dy makke,’ sei boargemaster my, ‘do jouste fjirtsjin gûne en de rôk is dines. Want mei sa'n pyst fan 'n ding, dat op nin heal foet nei ticht kin, wol ik de dragonder dochs net wer oan tafel ha.’ ‘Sa sein, sa dien. Nin ien fan ús beiden, dy tsjin dat útstel kikke doarst. Ik krige de rôk, dêr ik wol twa jier mei pronke ha, ta grutte bewondering fan de kenners, dy my de namme fan de skroar fregen, dy sa'n tsjep stik knippe koe. Boargemaster sels eigene him as makeler de eare fan dizze gelokkige keap ta, dêr keaper en ferkeaper beide mei tsjinne wiene. As er my mei dy rôk oan seach, glimke er altiten, en iender's die hy 'er dit steile wurd by: ‘No wytste ek wat it Fryske sizzen betsjut: Heal divel, heal minske; want it kleed makket de man, en mei dy rôk oan biste heal ierde-, heal himeldragonder.’ Nei Portegies' eigen sizzen wie it 'n heal mirakel, dat er as bern net ferhûneloarte wie. Te witen, syn heit wie ek 'n kriichsman; dy troude de dochter fan de ontfanger te Wurdum, dêr er dizze soan by krige. Hja wennen te Ljouwert; it wie 'n moaie winterdei en dêr lei frijwatte beriden snie; it bern wie noch yn 'e ruften, mar de jongeljuwe tochten, hja moasten mar 'is mei de lytse erfgenam mei hynst-en-slide nei pake-en-harre ta. Dat | |
[pagina 252]
| |
gong oan, en doe se 'n oere twa te Wurdum pizele hiene waard de lytse feint fan beppe yn 'n wollen tekken betrollemolle en mem op 'e waarme skurte lein. Doe mynhear op 'e slidesturt, grutmachtich de klappende swipe 'er oerlein, en sa fleach de tuitige slide rinkelbeljende fuort, dat de snie 'er neistau. Hja kamen mei 'n blits te Ljouwert. Memke die it tek op, dêr de jonge onder lei; mar hoe kel waard it earm minske, doe se nin jonge seach. ‘Heares myn tyd, Portegies,’ rôp se, ‘ut kyn is 'r niet!’ ‘Wat dúvel nou,’ sei de man, ‘ut kyn 'er niet? He' jou dan niet foëld dat de jonge fan 'e sleed ròld is? So donders bryk kan ik 't niet an.’ Mar hy mei kûgelsfeart deselde weis mei hynst-en-slide werom, en jawol, in bolrinster hie it bern yn 'e snie op 'e Goutumer dyk fûn, en yn ien fan har bolkuorren by de frou fan it skieppehúske op 'e hoek fan de Goutumer opreed brocht. Dêr fûn de kaptein syn ferloaren soan wer, sliepende as 'n roas op 'e waarme skurte fan in meilijend jong wiif. Dêr is no de grouwe poep út groeid, dêr dr. Eeltsje op Nijjier mei te gast wie by boargemaster Haitsma. Hja betellen de gasthear en de gastfrou nei de mieltiid meastal mei Dútske sangen, dy de doctor leard hie by de studinten fan Heidelberg en de majoar fan syn rezjimint Hannoveranen. Dêr is no it letterke fan dr. Eeltsje oan boargemaster, datearre, lykas jimme sjenne, Grou, de twade jannewaris fan 1823, de ferneamde winter, dy noch hurder oankaam as yn 1740 of 1809.
Wurdige freon boargemaster!
Ik bin juster fan 'e pôleGa naar voetnoot1 ôfflein, dat my de brokken its tweintich foet boppe de kop fleagen. Man! Wat fleach it foar 'e wyn ôf, dat de stront fan 'e diken stau. Ik hâld oars net bjuster fan kaartsjes of briefkes, en dêrom soe ik juster ek wolris by jo komd ha, mar ik moast op 'e kreammesytsje mei 'n hele team âlde froulju en oare stadige minsken; en dêr-út te rinnen, dat mocht ik net om myn oversteGa naar voetnoot2 net te ferlitten. Oars hie ik al sa leaf ris 'n healmingelen fan dat skoane bierke by jo dronken; en dan hiene dy grouwe poep en ik ek jitris sjonge kind. Wyt' je net? Dy âlde fjochtersbaas, dy oars net praat as fan meiden en moardzjen. Voilà mon excuse! No oan it winskjen. Dêr dan 'n lyts flardsje! Libje lang, mar libje saûn;
Yt je lang jit tsjok en rûn!
Nim foar 't iten in lyts wipke,
Nei it iten in lyts sliepke
En fertret jo dat te fel,
Lis dan stil de leppel del.
Mear, tinkt my, ha jo net nedich. Jo ha neat nedich as 'n libben, dat sonder tablet drop, gezondheidzolen, oder lebens essenzen te'n ein brocht wurde kin. Iten en drinken is 'er by jo net brek, tsjinners ha jo ek nôch. De oaljekoekenGa naar voetnoot3 rinne allegearre mei it huodsje yn 'e hân, as se de boargemaster sjenne. Mient jo wiif, dat it watte plomp fan my sein is, mefrou moat tinke dat 'er dat onderskie is tusken myn nijjiers- en oare ljus praat, dat ik it better mien as ik it sizze kin, en ik leau, dat it oars wolris omkeard is. | |
[pagina 253]
| |
Adieu! Gott befohlen, Herr Staddirector!
1823 Eeltsje, 2 jannewaris bûklaper en barbier by de Grouster skiere iel. De oare deis kaam boargemaster mei dit letterke by my en skonk it my. ‘Dêr,’ sei er, ‘dat is 'n masterstik. Dêr libbet nin twade Fries, dy sa'n briefke fleande skriuwe kin. Bewarje do it, en jaan it út nei myn dea: want by my komt it licht onder de papieren fan de ontfanger-generaal.’ Sokke letterkes floeiden myn broer samar út 'e pinne mei itselde gemak as 'n resept foar seare hakken. Foaral is 't merkwurdich troch 'n eigenskip yn de taal en it karakter fan de Friezen. Sa dageliks wei sjonge se yn har útdrukkingen, as dimmene lju, meastal onder de noat, mar yn it spotten en gekjeien sjonge se boppe de noat, en dat driuwe se safier, dat it iggen noch kanten roait. Yn dy groteske oerdriuwing leit krekt de biiseftige bespotlikheid. De gelearden neame dat de hyperbole. As dr. Eeltsje yn syn feart de iisskotsen neifleane, folget by gekskearende syn Fryske aard op. De taal is 'er fol fan, omdat it yn it nasjonale karakter sit. Sa heart men by foarbyld: Dar hoar ik jou! sei dôve Japik, en 'er rûn in lûs oer 'e souder. - No komt 'er romte om 'e hurd, sei de jonge, no ús heit en mem beide dea binne, en sokke sprekwizen by de rûs mear. - As 'n soan syn âlde heit slacht, soe jin it grim út 'e bealch spatte fan lilkens. Yn it briefke haw ik neat feroare as de spelling. Sommige lju prate wolris oer 'e ienfâldige spelling fan dr. Eeltsje. Myn broer hie nin spelling yn it geheel; dêr liet er my foar kedize. Hy hie Gryksk en Latyn leard, spriek en lêsde flotwei Ingelsk, Frânsk en Dútsk. Hy wie fierste goed taalkenner om dat gewicht yn de spelling te sjen dat ús lânslju 'eroan hingje. It wie him te dwaan om it echte skildereftige wurd, en as er dat fûn hie, koe him de rôk, dy se it yn 't skrift oanteinen, net folle skele. Onno Zwier van Haren het syn Geuzen aldermislikst spelde, en dochs sil syn heldentrompet de rom fan ús foarâlders noch ieuwen nei ús útsketterje, as de keurich beslikke en spelde rimen fan syn tiid mei de rimers selme al lang fergetten binne, as hja noait bestien hiene.
j.h.h. |