De Frânsken seinen net fan de Vries, mar op har
6. aug. 1622 - Tsjerk Hiddes - 15 july 1666
wize Tsjerk Hiddes. Yn de rapporten fan de Frânske admiraal oan de kening hjit er altyd Kierkides. Wy brûke de tsj foar de k, sa as yn tsjerke, tsjerne, foar kerk, kern (karn), en de Frânsken, dy tsj hearden, mar net uterje koene, brochten dy tsj ta de k tebek, ta in bewiis, hoe ticht dizze twa buorlju yn ús ear en mûle by eltsoar wenje. De Angelsaksen, folle bruorren fan ús foarâlders, seinen dan ek fan Cerdic, de namme fan ien fan har keningen, en de Yslanners Kiarkr, dêr wy Tsjerdic, Tsjerk, en Tsiark foar sizze. Cerdic, en kiarkrbetekent immen, dy syn man stean doar, en dat doarst Tsjerk Hiddes.
Admiraal Tsjerk koe it Hollânsk opperbêst, mar it wie him sa hiem net as syn moerstale. Dêrom spriek er leafst Frysk. Men soe sizze, wat koene ús foarâlders opjeie mei sa'n pringel, dy plomp boersk prate? Hy koe nin verzen opsnije oer Neêrlands vlag; nin lange oanspraken útbromme; nin volkslied mei de matroazen sjonge; admiraal Tsjerk koe fjochte.
Sjoch dêr alles! Fjochte, dat 'er de spuonnen neifleagen! Mar it like wol as dy boeren'er better regaad onder hâlde koenen as ús ljuwe. Want as de Ingelsken doe net in fyftich oarlochskippen by eltsoar dienen, doarsten se net op see komme, sa bang wiene se foardy ljuwe, dy boersk pratene; no stjoere se mar in pear fregatten om foar ús havens te krusen, en de âlde liuw leit 'er net stil efter syn izeren traaljes te gromjen?
Jimme sjenne, lânslju, dat wy gelyk hawwe, dat wy folle wizer en gelearder, folle polyster en machtiger binne as ús foarâlders. Wy moatte it sels wol sizze, oars soene de oare naasjes miene, dat it net wier is.
Dêr het altiten in teltsje onder de âlde Seisbierrumers gien, dat 'er sawatte, as yn it rymke sein wurdt, mei in liereman oan it hûs fan Tsjerke heit bard is. Wylst wy sa goed as nin byt fan sa'n held wite, woene wy dit teltsje net fergean litte, en oan ús neisiet toane, dat wy, hoe wol sels neat, lykwol de bewondering foar de trou en de dapperheid fan ús foarâlders net ferlern habbe.
j.h.h.