| |
It boaike fan Seisbierrum
Te Seisbierrum wenne in boaike,
Dêr in seemanskop op stoe,
En dy de earen wyld opstike
As er Noarman hearre koe.
‘Hark!’ sei Tsjerk dan oan syn âlders,
‘Hark! ik hear de see alwer.
Lit my farre, lit my sile,
Ear't ik op it lân ferdjer.’
En dan siet syn mem te suchtsjen,
Dat er ôfseach fan dy raanjen,
En him hâlde op 't romme fjild.
Mar hjir holp nin memme-suchtsjen,
Gjin fermoanjen fan syn heit.
As er boarte makke er skipkes,
Plankjes mei in mêst fan reid.
't Wie syn sliepen en syn weitsen,
As de weagen 't pealwurk bûtsten
Dan wie 't hearlik op 'e dyk.
Hy kaam ris yn Harns by skippen,
Rêd hie him syn heit ferlern,
En hy kladdere yn de mêsten:
't Wie in griis om oan te sjen.
| |
| |
En syn heit dy wie ferlegen,
Want it rûn al tsjin de jûn,
Mar hy hie ek gânsk syn moed net,
Doe hy Tsjerk by skippen fûn.
O, hoe krinkte it de âlde Hidde!
't Wie sa'n fluch, sa'n proastich bern!
Thús doe graude er op it boaike,
‘Do silst noait de see wer sjen.’
‘Ploegje leaver hjir ús terpen,
Och, dyn mem kryt har ta wetter,
Aste weifljochtst fier fan hûs.’
En syn mem begûn te kriten,
Mar it boaike skriemde mei;
Snikjend rôp er: ‘Ik moat stjerre,
As ik noait nei see ta mei.’
Wylst dy trije dêr sa tsjierden,
Kaam in liereman dêr oan,
Goaike mei syn houten stompe;
't Wie in Grienlânfarders soan.
Hy hie ek de see beswabbe,
Mar hy wie no earm en bleat;
Wat er mei de liere opskoaide,
Oars hie de earme stumper neat.
‘Jo komm' hjir al moai fan passen,’
Sa spriek doe de âlde boer,
‘Jo moatte oan myn soan fertelle
Al de see syn swiet en soer.’
‘'t Himelinkje, dat sa skriemt hjir,
Siket seemans lot en wee,
Praat hjir jimmer fuort fan farren,
Want syn hert lûkt nei de see.’
Goaike, bliuw hjir mar te nachte,
Yt en drink en sliep hjir swiet,
En fertel dan oan myn boaike,
Hoe it seemanslibben giet.
| |
Goaike Liereman
'k Sil de see net priizje of lekje,
Want dy het syn wille en wee;
Mar ik sil myn lot fertelle,
Dat ik hân haw op de see.
Heit het ek de see beswalke,
En dy wie 'er ek op bleaun,
Dy is oan Straat-Davis klippen
Tuske bergen iis tetreaun.
Dy binn' dêr sa ferklomme;
Dêr koe nin siel ontkomme.
En dêr bleau ús mem doe sitten;
Treast en steun hie hja ferlern.
Hele nachten koe se weine
As earm widdo mei seis bern;
As wy dêr onnoaz'len leine,
Nachts oan 't widz'tou weine.
En wy fregen ek nei heit al,
Dy brocht jild en koeke mei.
Bitter kriet ús earme mem dan,
Want foar ivich bleau er wei.
En mem bleau stil en sletten;
By ús wie 't gau fergetten.
Hoe myn bêste mem my rette,
Om te bliuwen oan de kust,
Sy koe noait myn sin fersette,
Want de see dat wie myn lust,
Mei syn hege wylde weagen,
Mei syn stoarm en touwer-fleagen.
'k Hie in broer, in skoander jonge,
Dy in jier twa jonger wie,
Dy liet him fan my ferlokje
Om te smaadzjen memme rie.
En dêr teagen wy doe hinne,
Lieten mem bedrukt allinne.
Meast op fluit- of koffeskippen
Teagen wy om hout te fjild,
By de Noaren yn har skjerrys,
En fertsjinnen frijwat jild,
Op 't iis wer te ferswieren.
| |
| |
En sa swalken wy tegearre
Ek nei Ruslân of de Eastsee.
Lang dat ús gjin reis mislearre,
Mar op 't lêst doe kaam it wee.
't Die ús mem it stjerren.
't Is yslik om te hearren!
Want ús wiffe losse sinnen
Dwelmden heel de wrâld yn 't rûn,
Doe ús in grut Smyrna's-farder
Foar in reis nei Zante wûn.
Skoander skip foer noait út Hollân,
Mei it flinkste folk 'erop;
Myn broer Ynte wie de gnapste,
Hja koe 't ús net belette.
Mei in frisse easterkoeltme
Stauwen wy hast troch 't Kanaal,
Lâns âld Ing'lâns wite bergen
Fleagen we as in bliksemstraal;
Op de hichte fan kaap Finster
Moast it folk nei boppen ta:
't Wie in neare tsjust're hjerstnacht,
De stoarm koe ús berinne.
Ynte rûn net, mar hy fleach hast.
O, it wie sa'n fluggen kwant!
Mar troch 't swypkjen fan de mêsten
O minsken, slút jimme eagen!
'k Woe him jit in tros tasmite,
'k Hie as man te roer de wacht,
Mar ik heard' him aaklik roppen:
‘Goaike, yn ivichheid goenacht.’
Oan help wie net te tinken:
Syn lot wie dêr ferdrinken.
'k Waard útsinnich doe fan rouwe,
't Libbenssin wie my fergien.
't Het myn wylde sin betomm'le,
'k Hie neiby mysels ferdien.
Mar doe het God my sparre,
En foar dat kwea bewarre.
En doe sylde it skip foardelich
By Gibraltars klippen lâns,
Mar by 't eilân fan Majorca
Stille nachts it wyntsje gânsk.
Dat siichjes deadlik swijen,
Dat brocht ús skip yn 't lijen.
't Grutte deiljocht boarste steatlik
En dêr dreau it macht'leas hinne,
Seil en wimpels hongen slop.
Moast ús sa wreed bedrage!
Fan de Barbarijske kusten
Roeiende mei fyftich riemen,
Mei de bloedflagge yn de top,
Om ús oan board te klampen.
Dêr wie net tsjin te kampen.
Daadlik sprongen tweintich Turken
As de kweade ús oan board,
En hja fleug'len ús as skieppen,
En wy moasten mei har fuort
Nei 't Algierske yn Barbarije,
En dêr haw ik sân jier tsjinne
Hoop en treast ferfleagen
Stjerren wie myn grutste sucht doe,
'k Waard wanhopich yn it lêst.
'k Flechte, mar op in galeie
Klonken sy ta straf my fêst,
Foar ivich dêr te roeien.
Mar Gods hân het my bewarre,
Want in Frânsman het ús nomd,
En in kûgel naam myn skonk wei,
Mar gjin Turk is doe ontkomd.
| |
| |
'k Waard behann'le as in broer doe,
'k Tink 'er jit mei triennen om.
't Wiene my wol frjemde ljuwe,
Mar wy hien' ien Kristendom.
'k Koe ús Ynte' dea ferjitte,
't Flymde my troch siel en sinnen,
't Wie te wreed foar 't Fryske hert.
'k Fûn ús mem jit al yn libben,
Mar doe ik fan Ynte spriek,
Niigde se as in wite leelje,
Sy wile en stoar dêr hinne.
En no siikje ik sa myn iten
Strompelje sa mei myn stompe
Oeral troch it Fryske lân.
Myn earme brea te bidden.
‘Wolst de see no jitte ploegje?’
Spriek de heit syn Tsjerk doe oan,
‘Yslik is it om te hearren!
Is 't net wier, myn bêste soan?’
‘Wy haww' lannen, wy haww' grûnen;
Bliuw dan by dit stille wurk.
Joechste dy oan 't wylde farren,
Licht ferfoelste by de Turk.’
‘Oerfloed heste hjir en wille,
Frijheid heste hjir, en brea;
Slimmer is se as de dea.’
‘Wat sis jy fan slavernije?
Dat wurdt noait Tsjerk Hiddes lot.
'k Sil my noait oan minsken oerjaan,
Mar ik jaan my oer oan God.’
‘Nee, ik wol net warleas farre!’
Sa sprong Tsjerk doe fan syn stee,
‘'k Wol se straffe en tegnjirdzje,
Dy my oantaast op 'e see.’
‘'k Haw nin skrik foar sa'n ferteltsje.
'k Sil se boarje yn de grûn:
Dy oait op myn frijheid loere,
En hy hâlde wurd, it boaike,
't Fyt're 'im oan, dit near ferhaal,
En in simpel boeresoantsje
Wurdt in Fryske admiraal,
Dy troch de admiraal De Ruyter
't Nêst oan him gelyk waard steld;
't Wie Tsjerk Hiddes fan Seisbierrum,
't Wie de grutte Fryske held.
e.h.
|
|