ter, ‘as jy foar de prins bidde, dan gûle de hûnen it út.’
De Friezen is altyd in frij folk west. Frije ljuwe litte har net licht oan it lyntsje bine fan seremoanjes; as it ding, dêr it op oankomt, yn 'e heak is, kinne har de omballingen net folle skele, en wat de ljuwe mei kompliminten fan har sizze, dêr laitsje se watte om. Dat sjocht men noch oan de Ingelsken; en sa wie it tefoaren ek mei de Friezen. In folk no, dêr sa'n frije geast yn spilet, het kwinkslaggen en oanslaggen, dêr in folk, dat nei oarmans pipen dûnset, nin begryp fan het. As ik de Friezen ferlykje mei ús lânslju yn de oare provinsjes, dan leau ik, dat 'er wol minder kristenen binne as hja. Flokwurden dy yn de mûle fan oare provinsjelju bestoarn binne, en spotten mei de godstsjinst, wie har in grouwel; mar dat naam net wei, dat 'er yn dy pleatsen, dêr se oars nin wurd kikke doarsten, onfoege dingen barden, dêr wy no nuver tsjin opsjenne. Yn de tsjerke selme, dêr de Friezen oars sa dimmen en stil binne, koenen se it net litte om soms mear mei har gemak, mei har lust en spotfûgelige aard as de deftichheid fan de pleats te riede te gean. Ik sil 'er jimme in pear staaltsjes fan sizze, mar ik wol nin nammen neame, hoewol ik se wyt. De neikommelingen fan dy nammen libje noch, en dy soene licht tinke, dat dit wie om har in stikel te stekken, dêr it fier fandinne is. Wierheid sis ik, mar ik bin bang, dat de ljuwe my dochs net leauwe sille, omdat ik nin nammen neam. In tûk leagener het dit boppe my foarút, dat er altyd syn minsken neamt, en de oere, en de pleats.
In dominy fan Aldegea bepreke Hynljippen eftermiddeis, as it dêr fakant wie. Yn de toer te Aldegea wie in klok, mar sonder slachwurk, en omdat er bang wie, dat er te lang preekje soe om yntiids te Hynljippen te wêzen, liet er syn dochter om tsien oere mei in kneppel op de tsjerkedoar bûnzje. As dy pomp kaam, wie de oere ferrûn, en dominy sei Amen.
De dominy te Eastermar, dy de twade augustus 1705 stoarn is, kaam as elts treftich predikant mei rôk en mantel op stoel; mar as it simmers myld wie, en de boeren yn de tsjerke sieten te switten en te sliepen, dan hong er syn rôk en mantel oer de râne fan 'e preekstoel, en preke yn in rea damasten baitsje mei sulveren knopen, dêr peardsjes op wiene. Ik leau, as dat no barde, dat 'er mear om it baitsje as de preek fan dominy komme soenen, en lykwol preket it baitsje net of de mantel en rôk, mar de man, dy 'eryn sit.
In dominy, dy tuske de 4 en 5 april 1745 stoar, stie yn 'e Haskerdiken, dêr doe in lytse gemeente wie. De man wie bêst, mar hy koe it ein net fine; hy preke te lang. Iender's waard it sa let, dat de boeren ien foar ien dripjende út de tsjerke sloepen; op it lêst bleau de master allinne oer. Mar dy makke it ek koart, en sei by it útgean: ‘Dominy, as je dien hawwe, woll' je dan de doar wat efter jo talûke?’
Sommige dominys lieten ek wolris Frysk yn de preek floeie. De foargonger fan myn stalke sei ris op Palmpeaske oan de gemeente: ‘Freonen, ik fersiikje jimme takommene freed te begraffenis, mar 'er wurde nin bôlen jûn.’ Hy woe sizze: ‘Ornaris komme jimme op begraffenis om de leedbôlen; as 't jimme dêr hjir ek om te dwaan is, moatte jimme mar thús bliuwe. Hjir is it om de deade te earjen.’ De lêzer sjocht, de wurden, dy sa ienfâldich en plat lykje, sneinen as in flime.
Mar net alle dominys hiene safolle ferstân as dizze man. In bulte wiene better yn de flêskkûpe en har hôf thús, as yn de boeken. Dat giet yn alle fakken sa; goeden en tsjoeden rinne troch eltsoar, ek onder de doctors en abbekaten, mei dit onderskie, dat in kundich doctor of abbekaat, dy flitich is, fierder yn de wrâld komt, en dat it domme heapske in kundich dominy meast sitte lit, as se him mar net ferkettert. Sa meitsje domme gemeenten domme dominys, en beide binne se oan eltsoar weage. In leaf lyts eksimpeltsje sil jimme dat klearder meitsje.
In dominy yn Frjentsjerteradiel hâlde 'er sân of acht preken op nei. As er No. 8 preke hie begûn er wer mei No. 1 fan foaren ôf oan; dan hie er skjin linnen. De boeren hiene dy acht hurddravers sa faak rinnen sjoen, dat se it eindlik sa wurch waarden as spein spek. Twa boeren klagen doe har need oan de grytman Sicce Goslinga, dy har frege, wat foar teksten dy acht preken hiene. De boeren karden de holle; de iene seach de oare oan,