| |
Murk fan Ipekolsgea
Yn Ipekolsgea wenne Murk,
Hy hie de divel fan it wurk,
Hy waard ek wol Murk-ropper neamd,
Omdat er heislik skreaude,
En faak tsjin alle reden oan
Nei folle merken reizge er ta,
In frijster moast er altyd ha,
Sa teach er dan te fjild.
Dat gong him meastal kwalik ôf,
En mennich glûpske makker
Dy late Murk dan om it hôf;
Want hy wie oars in stakker.
Te Heech der wenne in âlde Foek,
Dy wie ek yn de kaarten tûk,
Alteast dêr gong hja foar.
It rûn no tsjin de Ljouw'ter merk,
‘Dan kin my,’ sei er, ‘Kei noch Tsjerk,
Noch Rommert wer beskite.’
Sy lei foar him de kaarten del,
En seach doe gleon op Murk;
It rûn him kâld lâns by syn fel.
Doe sei se: ‘Klear is 't wurk!
Do krijste in siden mantel oan;
Silst mei in juffer ride.
Mar leau my, grutte-Beinte soan,
Net ien sil 't dy benide.’
| |
| |
Murk stapt de winkel yn
Dêrop waard Murk al grutsker oan,
En brûkte ek frijwat drank.
Dan wie 't in walgelik persoan
Foar froulju troch de bank.
Te Snits der wenne in winkelier,
Dêr hien' se folle komste;
Dy man syn hûsgesin wie swier,
Dy hie it net fan 't romste.
Syn âldste dochter hjitte Rinsk,
Sa'n flodderkous en hânsum minsk',
Dy frege Murk op Ljouw'ter merk
Har oanstean hoefde er heel net sterk,
't Wie rekke oan beide siden.
It stoe de âlders hearlik oan,
De frou rôp al har buorren ta:
‘Heww' jimm' 't al hoard fan Rinske?
Dy sal na Lieuwter merke toe,
Dy het alheel hòr weenske.’
‘Ut is un seun fan grutte Beint,
En 't is un heel bestendech feint;
Dy het niet feul gepraats.
Ik weet wel, 't is un boereseun,
Maar dat ken Rinsk niet bruie;
Syn ouders binne kloek en deun,
Dy heww' wat in te struien.’
De merke dy kaam einling oan,
Hy hie in gloednij pakje oan,
Hy hie in lange rôk oantein,
Dy sloech him op 'e kûten;
In bûsdoek oan de tip útsnein
Dy hong 'er healwei bûten.
| |
| |
In machtich grutte fine hoed
Siet him yn de eagen del;
De râne like in wetterboerd,
Hy wosk him oars sa daachliks net,
Oars net as sneins foar tsjerke;
No sparre er ek de sjippe net,
De faam dy seach al nuver op,
Sy wie oars gâns in moadepop:
‘Och, Murk, gaan' jou na búten toe,
Om 't rydtúch klaar te maken.
De mînsen sien' as 'k weten't hoe.
Der binn' hier rare snaken.’
‘De moadens hier òf op ut lan,
En dy him dan niet skikke kan,
Dan gaan ik mar ut bolwerk om,
Dat my gien mînsen siene.
Want as ik daar met jou ankom,
Wat súd'n de mînsen miene?’
Dat noaske Murk mar just sawat,
Mar dochs hy die 't om har.
Hy tochte, bin 'k mar bûten gat,
Dan haw 'k myn eigen kar.
In âlden hierknol foar de sjeas,
Dat bong'le 'er sawat hinne,
Mar Rinske wie bysond're kreas,
Want, o! it wie sa'n snipp'ren faam;
Mar hy wie grutsk en dom,
En wat er yn de mûle naam,
Dêr tocht er meast net om.
Hy gong te jou net mei sa'n spul
En mei sa'n faam te fjilde!
De stoklju moasten op 'e dril,
Jild moast it hjoed ris jilde!
Hy dronk moarns-ier al reade wyn,
En smiet de helt hast wei,
De middeis wie it heal in swyn,
It stedfolk piuwd' him nei.
Yn 't allerheechste loazjemint
Dêr moast dat pear doe ite.
Hy siet oan tafel as in Drint,
Hja woen' him dêr wol slite.
In offisier, dy oer him siet,
It iten smakk' him dochs net swiet,
Doe 't mâl gong holp ek Rinsk him mei,
Hja naam him op 'e foarke;
En Murk waard onder 't iten wei,
Sadat er skielik snoarke.
No kui'ren Rinsk en de offisier
Plezierich troch de stêd.
It skieden foel har heel net swier,
Want Murk siet dêr foar slet.
En de offisier wie wol yn 't skik:
Dat folk hâldt meast fan slinen;
Hja rinne folle op 'e slik,
En dat yn oarljus spinen.
Mar dy man hâld' him opperbêst,
Dy brocht ús Rinsk yn 't skip.
En Murk dy smieten se op it nêst:
De jûns doe Murk te wekker kaam,
Doe waard it jit net better.
Hy skopte en sloech om feint en faam,
It lûd wie troch de toarst fergien,
Hy wie alheel ferheard, ontdien;
Hy miend', hy siet yn 't hok.
De feint rôp: ‘Poerke, sjop so niet;
Je pin noch niet kefangen.
Vor lauter sjaamte ond verdriet
Is 't meisk' al fort kekangen.’
‘Is that, kottorie, supen, poer?
Het is te slim, mijnheer.’
Sa hikk'le him dy Dútser oer,
Hy poetste him syn klean wat út,
Hy joech him tee en wetter.
Dy wosk en kjimd' him ta beslút,
En doe wie Murk wer better.
Mar 't stiek him machtich yn it krop;
De skamte sloech him oan.
Hy skuord' it hier him út de kop,
De divel wie yn 't koarn.
Hy tocht om 't wurd fan Foek te Heech:
Silst mei in juffer ride.
‘'t Is wier, do âlde hellefeech,
Gjin minsk' sil 't Murk benide.’
| |
| |
‘No moast de siden mantel oan;
Ik wie te dronken dizze moarn,
Mar jûn wurd ik nin slet.’
De hûn, dy moarns him biten hie,
Syn hier moast him genêze:
Dat wie doe sawat yn syn rie,
Der moast mar wyn wer wêze.
Ien flesse, tocht him, koe nin kwea,
Mar 't gong him fluch wer troch de lea,
Hy kaam wer troch de wyn.
No dwaald' er troch it merkgekriel,
Troch al dy minsken hinne;
Hy tocht, de merke-skiere-iel
Dy sil tenacht wol rinne.
Net lang tenei dêr kaam al ien,
Dy sloep him skean foarby,
Dy knikte him en seach sa grien;
‘Ha!’ tocht er, ‘dy 's foar my.’
Dy laat him nei in optrek ta
‘Kom,’ tocht er, ‘hjir kin 'k wille ha.
Dat kin in keamer hjitte.’
Der wennen oars twa susters yn,
Dy juffers wiene wakker fyn,
En jild dat hien' se rju.
Syn sleep dy hie in kaai fan 't hûs,
Dy hie as faam dêr tsjinne.
Dan koe se stelle by de rûs,
Dy âlde fammen wiene fuort,
Dat duorre yn de merk' net koart,
Hja fynt al gau de barndewyn,
En jout him mar te drinken.
Hy wie mei 'n oere wer in swyn,
Hja puollet him de bûsen út,
En lit him rôlje ta beslút
Yn 't bêd gerêst en goed.
Mar doe begûn jit earst syn krús!
Wylst hy dêr leit te sliepen,
Dêr komme de âlde juffers thús,
En dwaan de doarren iepen.
Hja gongen meast by moanneskyn
Sa sonder ljocht te koai,
Har nachtsguod lei dan op 'e wryn'
Dat knoff'le dêr al jierren lang
Jûns yn it tsjuster hinne.
Foar oaljebarnen wien' se bang,
Hja woen' 't 'er fyn út spinne.
De jongste stoep de keamer yn,
En sei: ‘Hoe hew 'k ut hier?
Hier staat un fles met brandewyn;
Hestou daar toe weest, Knier?’
‘Hee, Styntse! ikke brandewyn?
'k Hew ommers seare bienen.
Ik brúkte ut in gien jaar òf tien,
Hoe stoatst ut út de skienen?’
‘Mistiit! wat staan dy stoëlen raar!
En 't bedgerdyn is skeurd.
Ut wurdt my mislek, wee, en naar:
Want hier is wat gebeurd.’
Hja giet no op it bedsteed oan,
Om mûtse en jak te krijen;
Mar taast op grutte Beinte soan,
Doe gûlje en moartsje: ‘Dieven, hier!’
De buorren kamen yn it spier,
De rattelwacht foar doar:
Hja stiek'ne gau lantearnen op,
In swurd moast op 'e side.
‘Kom,’ sein' se, ‘fris 'er mar bij op.
De rattelwacht dy spriek him oan,
En sei: ‘Wat doëstou hier?’
‘Och! ik bin grutte Beint syn soan,
Ik bin hjir foar plezier.’
‘Wy wete hier fan grutte Beint,
Of fan syn seun gien donder.
Mar earlek bychte súste, feint,
Of dou raakst in 't foaronder.’
‘Dou maakste hier un nachtgerucht
En 't is oek lang gien merkeklucht;
Dy boël is hier niet plús.’
Hy bycht ek alles wat er wist,
Dêr wie net tsjin te kriemen;
Mar doe er jild en klean ek mist,
Begûn er lûd te skriemen.
| |
| |
Dêr stoe er no yn de onderklean;
Hoe graach skau Murk de flint!
Mar sa doarst hy dochs ek net gean
De rattelwacht seach yn in kast
‘Daar!’ sei er, ‘hang dy om dyn bast;
Dat is nòch krekt soa'n swabbert.’
Hja sjouden nei it loazjemint
Dy rôp: ‘Kotz tausend sapperment!
Dat steht er schnurrig voor.’
Kredyt dat hie er dêr jit wol,
Hy koe him klaaie en skoaie,
En de oare moarns mei de âlde knol
Werom nei Snits ta toaie.
By tsjuster gong er doe nei hûs,
Dan hie dat ding gjin wurd.
De rôk en hoed dat wie 'n abús;
Mar 't praat dat foel him hurd.
‘O!’ rôp er, ‘âlde galgestrik!
Do wist it alles op in prik;
En wa no oait nei merken teach,
It joech oars al in nuver each,
Mar 't ballet ôf sa'n set.
Hy tocht net mear om frijerij,
En gong noait wer te sink.
Grou, 8 juny 1839
e.h.
|
|