| |
| |
| |
Aid Greult-omme
Ald Greult-om wenne yn Twellingea;
Dy hie wat efter 't linnen,
Mar hjerstmis wie er meast healdea,
Dan hie er frjemde sinnen.
Dan suchte en stinde Greult-om sa,
Yn 't bêd of de hurdsherne,
Dan sûgd' en rach'le it boarst him sa
As 't dûnsjen fan de tsjerne.
‘Dat komt fan al dat stoffich hea,
Dat komt fan 't simmerreinen;
Men fuorret minske en bisten dea.’
Sa siet de man te weinen.
Hy wie no twaensantich jier,
Wat hiene 'er folle jier op jier
Yn 't ein ús Greult-om hie 't wer wei,
Mar 't waard net folle achte;
‘Och!’ sein' de boaden, ‘'t is hjerstdei;
It is wer de âlde klachte.’
Mar 't like slimmer dizze kear:
De âld boer dy bleau mar lizzen,
En alle lidden dien' him sear;
Hy wie hast net te rissen.
En hetsich wie dy âlde man,
Hy dronk mar ferske sûpe.
Dat stoe syn freonen machtich oan,
Dy woen' syn pong wol strûpe.
Hy wurdt, sa 't liket, swakker oan;
Hy wiist al oan syn âldste soan
Syn gouden knopen út it himd
Dy skonk er foar de namme;
In bernsbern Greult dy het se nimd,
Dan bleauwen se yn de stamme.
En testamintsje moast er ek:
Dat al syn spul kaam yn de heak,
Ear't him de dea behelle.
Syn lânen gongen hân oer hân
Dat noaske har; de pong wie wan;
Hja hien' hast neat te kerven.
Syn lytsfaam tsjinne him wat skoan,
Dat koe men heel wol merke:
Dêr makke er tûzen gûne oan;
In miedstik oan de tsjerke.
En dokter kaam 'er ek op ta,
Dy rûn der flitich hinne:
Dy tocht: ‘Ald Greult sil stryksum ha!
Dêr soe 'k my bryk om rinne.’
‘Want in dukaat twa min of mear,
Dat kin syn bern net bate;
Hja krije it jild, en dizze kear
Mar sûpe hâldt âld Greult him oan,
Hy woe nin dranken hawwe,
Mei 't fearke moast al oan en oan
Dy Bilsfaam him dan lave.
Dy koe de âldman soms ek temûk
Dy klitse! o, dy wie sa tûk,
Dat kin gjin minske leauwe.
Syn bern en bernsbern kamen op,
't Wie merke by Greult Rommerts,
Fan Offenwier en fan de Top,
Fan Drylts en Heech en Hommerts.
Dat spriek dêr mar de flesse oan,
Net ien syn mage wie bedoarn;
Wat snienen se yn de skinke!
It flêsk dêr snien' se net by troch,
Dêr waard mar tige yn fege,
En hie 't wat duorre, mei in sjoch
Wie 't hele flêskfet lege.
En klontsjes as in lytshûs, man!
(Dy soe ik hast ferjitte;)
Dy treauwen se yn de kofjekan,
| |
| |
De aaien treauwen se yn 'e hoed,
De tsjizen stielen se fan 't boerd,
Trochsnúfden alle hoeken.
Dan gongen se nei Greult-om ta,
Sawat om him te treasten.
Hy draaid' him om, en knikt' har ta;
Ynwindich koe 'r de measten.
As 't ljocht dan fan de himel gong,
Dan stoepen se wer hinne;
Want Greult-om net, mar och, syn pong,
Wie 't reizgjen om allinne.
En onderweis dan gong it mâl,
Dan koen' se oan 't fjochten reitsje.
In earme sweager wêrzen se al:
Dy stakker woe al pleitsje.
Yn 't ein hja lizz' him yn de bank,
Dêr woe er oars net hinne;
Dêr rûn ek bygeloof mei mank,
Twa buorren moatte nacht op nacht
Dêr oer de flier omkrûpe,
En hâlde dêr by Greult-om wacht,
Dat duorre sa in nacht of tsien;
De man waard tydliks swakker,
Mei 't lijen fan dy stakker.
Doe spriek er jit syn buorfeint ta,
Dy by him siet te weitsjen:
‘Och! Pier, do tsjinnest Greult-om sa,
't Past him dy wat te meitsjen.’
‘Ik meitsj' oan dy 't horloazje ta;
Dat wit ús Rommert lizzen.
Mits dan begear ik dy 'erta
Om 't leed mei om te sizzen.’
En dat beloofde Pier him trou:
Dy hie fan 't weitsjen gjin berou,
En wie wol yn syn noppen.
De tolfde nacht doe sieten twa,
Dat wiene froede minsken;
Dy griisde âld Greult-oms leger sa,
Dat hja syn ein mar winsken.
Hy slepte yn de foarnacht skoan,
En spriek syn sitters einling oan:
‘Ik droom fan spek en skinken.’
‘Dy sûpe,’ spriek er, ‘wêrzet my,
Ik kin 't net mear ferdrage.
Och! siikje in flaubyt dochs foar my,
Hoe sleau wurdt my de mage.’
De ien dy seach de oare oan,
En tocht: ‘Soe buorman baze?’
Mar Greult-om spriek al oan en oan:
‘Ik moat fan honger raze.’
‘Soen' dêr nin bargefinken stean,
Ik wyt, de lytsfaam het guod sean;
Dêr sille jimme it fine.’
Hja fine op it onderst boerd
Fan 't alderdreechste bargeguod,
Fiks onder 't smoar besouske.
‘Hjir Greult-om! hjir is bargeguod;
Mar ik nim it net op myn noed;
Want dit rint út de kinken.’
Hy yt net, mar hy fret 'erfan;
Sa wie dy man ferhong're.
Hy sei: ‘'t Is kost, dy helpe kin.
Dêr hie ik lang op long're.’
Om 't pantsje om te feien;
Hy waard gesûn, en mei in snjit
Wie 't kreunen oer en 't kleien.
De sitters gongen lilk nei hûs,
Want lake waard 'er by de rûs,
En 't joech sa'n rare namme.
| |
| |
De feint dy har de doar útliet,
Dy rôp: ‘'t Is wer gedonder;
As Greult oan 't sûpe-drinken giet,
Dan het er 't hypokonder.’
‘Mar hy moat jûns in sûpke ha,
En nêst de lytsfaam sitte.
Dy streaket en dy streelt him sa,
Dat kin nin minske witte.’
De freonen wien' beteut're doe,
Dat Greult syn dea mislearre,
En dat er finken ite koe.
Dat moasten se doe hearre.
De winter dy foel einling yn,
En Greult moast ek ris ride;
't Wurdt sterker, en hy nimt syn Tryn
Heel Twellingea kaam op in ein
Der waard fan 't bargeguod wat sein
Fan bizen en fan sitters.
Hy rydt by al syn bern yn 't rûn
Om 't har bekend te meitsjen,
Hoe dat er op syn libbensjûn
Jit oan it wiif sil reitsje.
Sein' al syn bern al: ‘Heit is mis;
Sei Greult: ‘Wat ien allinne is,
‘Dy twaensantich jierren het,
Dy kin jit tweintich krije.
Ik haw myn sin op Tryntsje set,
'k Wol sa net langer lije.’
Doe skelde en skrieme by de rûs,
Mar Tryn dy ried mei Greult nei hûs,
En koe dat heel wol sette.
Want Tryn dy hâlde fan syn splint,
En hâldt de âldman yn wêzen.
De bern (is 't net ympertinint?)
Woen' Greult-om onder 'e gerzen.
Sa rekke Greult ta mannichs spyt
Oan 't wiif, en ek 'eronder.
Hy rekke lân en grûnen kwyt,
Want Nynke libbe 'er hearlik fan,
Foar 't hypokonder joech se wan,
Dan koe se jûpsum spylje.
Grou, 3 des. 1838
e.h.
|
|