| |
De blauwe skine
Us Oege moast út frijen tsjen,
Dat prate in biis him oan.
‘Toe, keardel! Om dy hinne sjen.’
‘O, froulju, man! dy binne 'er rju;
Toe, flean 'er mar op ta.
Do bist sa'n flinken stoeren ju,
Do moatst in slydsje ha'.’
‘Do biste in long'rich boeresoan,
Hest fiters oan de boksen,
Oeribel krekte skuontsjes oan,
‘Hest fyftich gûne yn de pong;
Wel, man! hja wurde poer.
Allinne mei dyn gong en swong
Krijsto ien oan it snoer.’
‘In sarjes baitsje heste oan,
Dan likest' wol in keapmans soan;
't Is wier wat ik dy sis.’
En Oegeman dy rûn dat praat
As lije molke yn de earen.
Hy tochte: ‘Hearke is myn maat;
Dy wyt wol fan manearen.’
| |
| |
Op Nonkesbuorren wenne Tiet,
Dy 't hert op 't echte plakje siet,
Dy har mar seach, dy wie ferjûn
Troch 't gloeren fan har eagen,
Sadat de feinten jûn op jûn
By swermen nei har teagen.
As bijkes fleagen se 'er op oan,
't Wie of se 'er hunich rûkten,
En oft har eagen blier en skoan
Mei syd'ne triedsjes lûkten.
‘Jandoary, Oege! dêr is lucht;
Toe, neef! do moatste 'er foar de klucht
Us Oege hearde nei dat praat;
Mar Hearke-neef, syn grutte maat,
Want Hearke hie oan Tiet al sein,
Ja, swarde 'erop, en flokte:
‘Pas op! Kom Oege fier of hein;
Hy sit fol rude en jokte.’
‘Thús moat er op in klibbe hea
As 't jûn wurdt, skuort er him de lea
Fan jokte read en iepen.’
‘Pas op! bringt hy de romer ta,
Dêr kinst sabeare oan dippe,
Mar rik him hân noch mûle ta:
Pas op! nin fingers tippe.’
't Wie op in lette hjerstmisjûn,
En 't wie mei ljochte moanne,
Dat Oege-neef út frijen rûn;
Hy stoep krekt as in hoanne.
Syn sneinske pakje hie er oan,
Dêr hongen skipkeskeljen oan
Wat rink'le er mei syn fûstfol jild!
Hy waaide oer it Nonkesfjild,
Syn stappers kreak'ne moai.
Dan fage er him de plúskes wei;
Dan seach er nei syn skonken,
Of hoe syn sulv'ren keatting lei,
Of hoe de skeljen blonken.
‘Kom, wrachtich!’ rôp er, ‘no bin 'k klear.
Och, leave, leave Tietsje!
Ik meitsje o'naris nin gebear,
Mar tinken is it, wyt je?’
Sa komt er oan op Nonkesein,
Dêr fynt er Hearke sitten.
Dy biis rôp: ‘Bêste kastlein!
In dikkop sonder hjitten!’
En hospes-om dy wie wol klear,
Dy tocht: ‘Ik sil 't dy laapje.
De diker, Hearke! sokke mear;
Sok folk wol ik wol taapje.’
‘Dêr haww' je 'n fearn fan 't echte murch.
Haboes! goereis nei Tietsje!
Sa'n sûpke, Oege, is alles wur'ch;
Dat makket moedich, wyt je?’
En Oege loek in kûle yn 't glês,
Hy gloeide as in trompetter;
Mar hospes-om paste op it mês;
Want neef hie jild as wetter.
En dochs hy waard ús Oege sêd,
Hy woe de oare moarns yn 't mêd,
Hja nulle en lepkje op Nonkesein,
En Hearke priizget Tietsje;
Mar einling ropt de kastlein:
‘Acht oeren, feinten! wyt je!’
‘Kom, ja,’ seit Hearke, ‘ik gean mei.
'k Wol nei de wite wringe;
Dat leit ek krekt op Oege wei.
'k Sil him oan 't hiem ta bringe.’
| |
| |
Dêr stoe er einling foar it hiem,
Syn skruten hert dat tikke.
‘Kom, flink!’ sei Hearke, ‘nin gekliem!
Toe, luftich oer de hikke.’
‘Jûn, foltsen!’ ropt er oer de doar;
‘Binn' jimme sûn hjir jitte?
De kiel is my fan 't rinnen soar;
Ha jimme ek watte wiette?’
En Tietsje siet krekt by de hurd,
Hja sei yn 't earst nin inkel wurd,
En seach krekt as in wikel.
Mar skeetsk snaut sy him ta yn 't ein:
‘Och, man! bisto ferskrokke,
Rin dan werom nei Nonkesein,
Nei de âlde hospes Bokke.’
‘Dat hearlik boaitsfol wetter, feint,
Dat stiet dêr om de hoeke;
't Is juster fan de skuorre heind;
Dêr kinste ek fan brûke.’
Hy freget om in piiptabak;
Dat joech mar brân en ongemak,
Dat woe har heit net lije.
Hy woe ek wol in flaubyt ha,
Mar 't fanke woe 't net hearre;
Fan 't strookjen koe men ek net ha,
't Besleek dat wie mislearre.
Ferheftich taast er nei in stoel,
Mar Tietsje sei: ‘Ho! tankje.
Nee, Oege! 't is nin hospesboel;
Kom, plak jo op dat bankje.’
‘Wat jo mankearret, wyt jo bêst;
Ik hoef 't jo net te sizzen.
Ik ried jo, gean yn 't poepenêst
Dêr op de ko-stâl lizzen.’
Ferwezen striek er him om 't burd,
En woe jit ien wurd sprekke;
Sy groud' him ta: ‘Net by de hurd!’
En griep de tang', dy fekke.
Beteut're stoep er 't mulhús út,
En sei: ‘Jûn, faam, ik gong.’
En rûn by tsjuster ta beslút
Oan 't liif ta yn de dong.
Hy spielt him yn in sleatsje ôf,
En pangelt troch de miste.
Hy flokte op Hearke yn 't tsjuster hôf,
En woe, dat nimmen 't wiste.
‘Dy klitse,’ sucht' er, ‘het my hân,
Sy stjoert my troch it wiete lân,
Troch mist en dauwe hinne.’
Om no sa ier nei bêd te gean,
Dy smaad koe hy net dulde:
Dan wisten boaden en de bern,
Hoe dat dy faam him trulde.
Hy flijt him onder d' oes fan 't hea;
Sa waard dy smaad bedutsen.
Hy rekte moarns syn skrouske lea,
En tocht: ‘Dêr ha 'k se strutsen.’
Want in fatsoenlik boeresoan
Giet noait foar healwei trijen.
Hy kloppet no foarsichtich oan
De faam sei: ‘Wolkom thús fan Tiet;
Dat haw jo feardich makke.
Mar, man! jo stjonke en binne wiet;
Binn' j' yn de jarre rakke?’
‘Dêr heste in kroan, en spiel de klean,
En swij! Dat kinst wol tsjûge.
Lit Hearke mar út frijen gean;
Noait hearste it wer fan Oege.’
‘Ik haw in blauwe skine opdien,
En 't het my kwalik smakke.’
Mar Hearke wie nei Tiet ta gien,
En hie him skoan fermakke.
e.h.
|
|