Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe LikeblommenOp it lytse doarp Terkaple
Stoe alear ús âlders hûs;
Frede wenne dêr en wille
Yn dy âlderwetske klûs.
'k Wie de jongste fan sân berntsjes,
Heit wie watte stoef en stiif;
Mar ús mem wist him te troaien.
't Wie sa'n sêft meilijend wiif.
Yn myn earste famkesjierren
Hie 'k in suster, ús Marij;
't Wie de âldste fan de keppel,
Flugger wie 'er net as sy.
Meltsje, swylje, bûtermeitsje,
Alles fleach har troch de hân.
Dêrby moai fan liif en lidden,
En sa sindlik as de brân.
Hjerstmis oer de poel te strûzen
Nei de kij oan d'oare kant,
As de wite koppen rôlen,
Dat wie 't libben nei har trant.
En hja wie sa goed, sa sedich,
Die sa graach ús âlders sin;
As se winters útfanhûze,
Wie 'er ien yn 't hûs te min.
Simmers krige hja wol frijers,
Mar dy liet se meast wer gean.
Inkeld koe se Pinkstertiisdeis
Wol nei Snits te keamer gean.
Mar net fier fan ús fandinne,
Yn it âlde Goaiïngaryp,
Wenne Ids, en dy allinne
Wie har sin en har begryp.
As de kjeld it wetter strjemme
Tocht men net om kjeld en wyn.
O, hoe kriigden se op 'e puollen,
't Jongfolk yn de moanneskyn.
As de wite flokken fleagen
Wie Marij ek op 'e fljocht;
Alle dagen ride en djoeie
Wie dan ek har grutste nocht.
Mei har trijen jonge pearen
Teagen se nei Grinslân ta;
En it iis dat wie fol wjekken,
En de winter moalke sa.
Al it rieden fan ús âlden
Wie mar praten yn de wyn.
Ids dy wiste alle wjekken,
En werom wie 't foar de wyn.
Mem stoe op 'e wâl te kriten,
Mar ús heit dy snuorre har ôf:
‘'k Sil 'er net in trien om litte,
Al bring ik dy sneon te hôf.’
De oare jûns begûn te kommen,
En it waard sa stil yn hûs;
Teiïch wie 't en watte mistich;
Soms dan reinde it by de rûs.
| |
[pagina 220]
| |
Marije wurdt te hôf brocht op 't Goaiïngarypster tsjerkhôf
| |
[pagina 221]
| |
Aak'lich rûsde it om de skuorre,
't Kreake op 'e skoarstien near,
En as mem yn 't mistich waar seach,
O, hja sloech har hannen gear.
Soms begûn dat sloof te kriten,
Mar ús heit bleau steech en stom;
Wy as berntsjes boarten bûte,Ga naar voetnoot1
En wy tochten nearne om.
Einling komme dêr twa mannen,
En dy tikje oan de doar:
't Wiene ljuwe fan Terherne,
En ús heit kaam selver foar.
‘Boer!’ sa spriek ien fan dy ljuwe,
‘Wat is 't aak'lich mei Mary.
't Griist my om it út te sprekken ...
Mar hja 's wei ... dat sis ik jy!’
En da sleepten se de slide
Midden oer de bûthúsflier,
En dêr lei Marije dea op,
Sonder mûtse oer it hier.
Mei in Likeblom by 't jak yn,
't Aak'lich pronksel fan de dead,
En har moaie reade lippen
Wiene no sa blau as lead.
‘'t Is Gods wille!’ rôp ús heit doe,
‘En dêr is net oan te dwaan.
Dy myn libben en myn lust wie,
Moat ik oan de Heare jaan.’
Hja wie yn de mar ferdronken,
En har Ids dy wie ontkomd;
Mar dy is tenei fertige,
Want syn fleur wie him ontnomd.
Sy waard te Goaiïng'ryp begraven,
Tichte by de âlde toer,
En de swiere klokken bromden
Heel de Lege Wâlden oer.
En ús heit, om wurd te hâlden,
Liet by 't grêf nin ink'le trien,
Mar it kneagd' him oan de siele:
Hy is as it stof fergien.
Jongfolk, tink no om Marije,
As it iis sa hearlik blinkt:
Tink dan, dat in kweade ingel
Jimme nei it grêf ta winkt.
|
|