It swealtsje ferjit
Ik haw ris fan ús âld oarre heard,
As immen siikkreunich ellindich stjert,
En nimmen mear nei syn kjirmjen heart,
Dan stjoert Gods ingel ta treast him jit
Dy leave fûgel Ferjit Ferjit.
En as in mem mei jammer en smert
Yn it neare kreambêd fan kommer fergiet,
En bidt en smeekt sa earmhertich har God
Troch de dea te brekken har jammer, har lot!
As it berntsje har leaf op 'e skurte sit,
Dan sjongt wer it swealtsje Ferjit Ferjit.
In seeman soms sa onhjirmlik swart,
En nei Gods wurden of boaden heart,
Dy siket yn stoarm by God syn behâld,
Oanropt sa oatmoedich de Hear fan de wrâld.
Mar as dy de stoarmen wer swije lit,
Dan sjongt it swealtsje Ferjit Ferjit.
As immen yn 't kwea de miet berint
En op it deabêd sa treastleas kreunt;
As 't onrjocht, as 't skraapjen him bejout,
As de dea, as de modder him yslik oangrout,
Foar dy sjongt it himelske fûgeltsje net,
It treastende swealtsje Ferjit Ferjit.
Och, honke, de tiid het wjukken oan,
Mar 't leave swealtsje Ferjit Ferjit,
Dat ivich ús bybliuwt yn wille, yn smert,
As ynbylding, mear noch, as sjochtme ús deart,
Dat himelske skynsel fljocht hurder dan jit,
Dat freonhâldend swealtsje Ferjit Ferjit.
It swealtsje, dat op nin swinge sit,
Mar ivich om ús sweeft troch de wrâld,
Dat heste fergetten; mar tink 'eroan,
De wrâld is jitte sa net bedoarn.
Wylst 't jongfolk op 't iis sa swalket en swit,
Sjongt foar Jeltsje it swealtsje Ferjit Ferjit.
Ferjou dochs wat oan 't brûzjend bloed;
Us bern binne yn Gods hân, yn Gods hoed;
De stipen binne it foar de âlde dei,
Mar 't moaie glêde iis bringt har sinnen wei,
En as de winter ús wer ferlit,
Dan sjongt wer it swealtsje Ferjit Ferjit.
Is dy dan fergetten dyn fammetiid?
Ik tink 'er net om, of it hert wurdt my bliid.
Wy hoalden en rieden let yn de jûn;
Wy waaiden 'eroer en roerden nin grûn;
Hoe suchte doe ús âld memke jit!
Sjong op no, leaf swealtsje Ferjit Ferjit.
It wie twa oere yn de moarn,
Dat it âlde pear dêr siet;
Dêr kaam it folk op de opsleat oan,
En song it heechste liet.
De hûn dy skrabe oan de doar,
Hja joegen har as skoaiers oan,
En fregen dêr te sliepen.
Mar Jokke-om koe har oan it lûd,
En rôp: ‘Kom yn mar, bern!
Jimm' mem sit freeslik yn de noed,
En joech de moed ferlern.’
Hja stoepen yn it binn'hûs op;
Har klean wien' rûch berime.
Ald Jeltsje sloech har eagen op,
En 't âlde sloof beswime.
Besaud wie 't hele selskip doe,
‘Wat of ús memke skele soe;
Mar skielik kaam it sloof wer by;
Hja joegen har wat fochte.
Wat wiene doe de bern wer blij,
't Wie alles wer terjochte.
‘Hoe wie ús mem sa fan de set?
't Is wier, wy binne al te let,
Mar 't wie ek hynster-iis.’
| |
‘O, blydskip wie 't net, bêste bern,
Mar skrik hie 't hert beklomme,
Da 'k jimme aanstons dêr moast sjen
‘Och! Tsjerkhôfboaden binn' 't foar my,
Deadsboaden, dea en toar.
Ik seach se earst oan ús Marij;
Kom, berntsjes, gean no mar te rêst;
Want jûn sil ik mar swije;
Dan moarn fertel ik wis foar 't lêst
Fan 't stjerren fan Marije.’
De oare deis kaam wer it selskip
En hja sprongen op fan blydskip;
Want it folk wie fan it tsjoar.
‘Hark, myn bern!’ rôp de âlde frou,
‘Earst jit myn ferteltsje.
Toef in bytsje; bliuw! ei, bliuw!
Hark nei de âlde Jeltsje.’
|
|