| |
De winter fan 1624 yn it wetterlân
't Wie droevich near yn 't wetterlân,
It jongfolk hie nin tier.
Yn fjouwer jier nin winter hân,
Dat foel de minsken swier.
‘It riden,’ rôpen se, ‘is 't nin griis?
Dat sil ús glêd ferjitte.
O pôle, freas it hynster-iis,
Hoe fluch soe 'k dy ferjitte!’
Dat folkje wie foarsiker bang
Omdat er fjouwer jierren lang
Wylst onferduldich rôp it folk:
‘Men sit jin de ears yn strimen,’
Dêr komt er as in tongerwolk
En brûst út de easterkimen.
Reedslypjen
| |
| |
Gjin feint, dy no nin redens socht:
De slypstien stoe net stil.
Om rie fan de âlden waard net tocht;
De fammen rôpen: ‘Och! 't is neat,
De froast sil ús belitte;
Want gean de roeken oer de sleat,
Dan lit er 't meast wer sitte.’
Mar Noarman bloes fûlbandich troch,
De loft stoe spits en moai.
't Wie winter, en no mei in sjoch
Wie 't jongfolk oan de goai.
Jûns sprieken se de reizen ôf,
En pochten fan har riden.
Men tocht om kij noch hûs noch hôf;
't Wie wille oan alle siden.
De fynste pakjes moasten oan;
Nin kjeld waard 'er mear field.
Hja glommen as de iere moarn,
En rink'len fan kâld jild.
De loaikerts, dy oars by de hurd
't Is of dat folk betoov're wurdt;
't Binn' de earste, dy har reppe
Dêr wenne fier yn 't wetterlân
Ald Jokke en Jeltsje-muoi,
Twa ljuwe sindlik as de brân,
It wien' de tsjepste ljuwe dêr,
De rykste fan de buorren;
Hja wiene jimmer yn de wêr
Mei skreppen en mei skuorren.
Hja hiene trije grutte bern,
Twa dochters mei in soan;
Hja pielden mei dy grutte bern
Dat libbe fredich mei eltsoar
Sêft as de weagen oer de mar
Mar doe de winter kaam yn 't lân,
Doe wie dat hûs oerstjoer,
De bern dy wiene as de brân,
It moarns- en jûnsmiel waard besteld,
De âld heit koe 't fuorjen skikke;
As memke simp're waard net teld,
Dat koe har ear net rikke.
Nei omkes, muoikes, moast men ta,
Al knistere de loft ek sa,
Dêr waard net mear foar swicht.
Jûns dagen se nei meltsjen op
Ferskrouwe en út de rakken,
En roasteren de lea wat op
By prikkefjoer en takken.
Dan rieden se nei Harns op see,
De juffers kui'ren op de ree
Yn de allergrutste pronk.
It wie in wonder om te sjen:
Seach men dêr nei it iis te sjen,
En koften wat se winsken.
Sa sloofde har dat jongfolk út:
Hja krigen hast nin lins;
Mar einling moast men ta beslút
Ek nei de stêd fan Grins.
Hja strieken dan nei Grinslân oer;
Net ien mocht foar har bliuwe.
De grutte Sinte-Mertens toer,
Dêr moast men ek op kliuwe.
Yn Grinslân kamen se op in doarp
Ien fan it selskip hjitte Woarp,
Hy sjocht in moaie sulv'ren priis,
‘Want, fammen!’ sei er, ‘is 't nin griis?
Dy doas sil hjir net bliuwe.’
Hy teach net ienris 't baitsje út,
Hy striek se ôf, en ta beslút
Dat stoe dy Grinzers matich oan,
Mar 't mocht har dochs net bate.
De Friezen spanne op 't iis de kroan,
Dêr kinn' se net tsjin prate.
‘Wy sieten langernôch oan 't tou;
Hijla, kast'lein! skink yn.
Jaan sels de flesse ek in knau,
Jo moatte ek troch de wyn!’
Sa geide doe de útlitt'ne Woarp:
‘'k Wol ride om liif en libben,
'k Wol tsjin de bêste út it doarp;
| |
| |
Hja sette dêr in goe' gelach,
De jûn dy foel dêr koart,
Mar 't wie sân oere op 'e slach,
De moanne stoe har freonlik by,
En de eastewyn bloes tige;
Hja rieden fleurich as in bij
De hertetrek wie dochs nei honk:
Hja setten no ris tige skonk,
Dêr waard nin iis hast roerd.
‘Us heit en mem,’ sa spriek in faam,
‘Wat mei dy sloven tinke?
De hikke is wrammels fan de daam;
Hja kinn' net ite of drinke.’
‘Wy moatt' jit op 'e Like oan;
De moanne skynt de hele moarn,
Kom, lak!’ sei Woarp, ‘is mem yn noed,
Dat sil wol wer besoarje.
In Likeblom moat op 'e hoed!
Lit de âlde lju wat gnoarje.’
Mar Jokke en Jeltsje gnoarren net,
Hoe eang waard it har om it hert!
Har rie wie skjin ferlern.
By in lyts fjoerke sieten sy
Yn 't skynsel fan de moanne,
En hearden de fertsjirmerij
Fan de ûlen yn de loanne.
‘Wat is de wrâld feroare, faar!’
‘It jongfolk sjocht net mear gefaar,
It lân moat sinke as in stien.
Wêr moat dat jitte hinne?
Nei rie fan de âlden wurdt net dien,
Hja witte it mar allinne.’
‘Earst skrept men mei it fee, en docht,
En faak is 't jûnmiel lang al ree,
Ear't m'ien fan 't jongfolk sjocht.
De wrâld is, sis ik tûzen kear,
De oerdwealskens wint al mear en mear,
De minsken binn' feroare.’
‘Ald Sjearp-om mei syn knollefoet,
Dy oars mei 't jûnwurk die,
Dy strampelt ek al mei de stoet,
Krekt of er 't lean wei hie.
In grouwe balstien moast 'er mei;
Sa moast dy âlde heuker nei
‘Och, binn' jinwurdich de âlden tel?’
Sa jeuz'le Jeltsje fuort,
‘It libbenspaad dat is sa smel,
De wei nei 't grêf sa koart.
Mar dat betinkt it jongfolk net.
Hja litte de âlders suchte.
O God, dy heel de wrâld befet,
Hâld har yn hoed en tuchte!’
‘As suchtsjen holp, ik suchte mei,’
Sa spriek âld Jokke-om doe,
‘Mar 't brocht nea himels treast tewei,
Dy smert ferlichtsje koe.
Mar 'k haw alear in teltsje heard,
Hoe! dy troch eigen tadwaan stjert,
Soe dat âld Jokke-om kwelle?’
|
|