Foarwurd
Ut de sodzige Grou, út de driuwtillen fan it wetterlân, komt soms in âlde ferwettere stobbe op, dy jier op jier wer griene twigen en nije útrinsels jout, salang as er sels weikwynt en him to stjerren jout. Sa stiet ek ús âlde earwurdige Fryske tale dêr as in stamme, dy fergean sil. Hy bringt soms jitte griene ranken oan it ljocht, om einlinge yn de nacht fan de tiden te ferdwinen en fergetten te wurden. Sokke útrinsels binne dizze twigen, d' iene rjocht en d' oare bryk, sa it de natoer opjûn het. Nim se foar leaf, en fermeitsje jimme 'ermei, Friezen; dat is ús winske allinne.