Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Jûntiids weemoed Oer de elzen beamkes oan it mêr Blonk sleaukes Hesperus lampe. De lêste goudene sinne sonk wer Yn dauwe en dampen, En de elzen oan it mêr Dy slepten wer. Ut dy dauwige skimering kamen Alde bylden en nammen Fol fan oantinzens nocht. O skynsels fan freonen! O sjammen! En de elzen oan it mêr Dy slepten wer. ‘Hilligen! Leave! Bliuw yn jimme wrâld! Och, nin jûn fan dizze wrâld Kin ús sielen ferienigje...’ Hesperus wie útdien, En de elzen oan it mêr Dy slepten wer. [pagina 208] [p. 208] De hege gasten op 'e Froaskepôle Vorige Volgende