Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 209]
| |
Prins Willem de IV op de FroaskepôleIt is al nuver, dat de prinsen fan Nassau de earste prinsen wiene, dy it mei de Friezen roaie koenen. Mar dat lit him nochal hearre, as men begrypt, dat se mei eltsoar tsjin Spanje libben om libben fochten hiene; want it trochstean fan deselde gefaren makket wolris freonen fan twa minsken, dy eltsoar oars hiel net pasje soene. Dêrby hie Fryslân sokke kondysjes mei dy prinsen makke, dat se in bulte goed en nin kwea dwaan koenen. Dêrtroch kaam it ek by, dat Fryslân bestindich yn de bêste ienichheid mei syn prinsen libbe het, en sont Loadewyk fan Nassau altiten ien fan syn neikommelingen ta steedhâlder hie, wylst de prinsen fan Oranje troch de oare provinsjes dan ris efterôf set, en dan wer ris huldige waarden. Twaris binne 'er jierren en jierren ferrûn, dat de Hollanners nin steedhâlders hienen, en twaris is it hûs fan Oranje nei in bulte oproer, plunderjen en moardzjen 'er wer ynroppen. In ferieniging, dy yn nin 150 jier ea ôfbrutsen west hie, lei in fâlde yn it hert fan de Friezen, dy te lang sitten hie, om 'er suver wer út te gean. De prinsen fan Nassau seagen klear, dat se sonder de Friezen neat wiene; want as dy har loslieten, lykas de Hollanners faak de prinsen fan Oranje dienen, dan skeat 'er foar har neat oer, as har lytse steatsjes yn Dútslân wer op te siikjen en dêr har tiid mei hertejeien te ferdriuwen. De Friezen oan har kant onderfûnen, dat se yn frede en yn oarloch earlik en trou tsjinne waarden fan prinsen, dy safolle belang by har freonskip hienen. It belang en de tankberheid, fersterke noch troch de wente, dy út lange kunde oan eltsoar fuortsprút, makken dat men eltsoar mei in fertrouwen en ferkleefdheid behandele, dy by it folk ta in libbensbegjinsel oergong. Dit duorre oan 1748 ta, doe Willem de IV út de tsjinst fan Fryslân ta de hearskappije fan al de sân provinsjes oergong, en Ljouwert ferliet. Sa binne de soannen fan Nassau yn de skurte fan Fryslân bakere en bewarre, om earst algemiene stedehâlders, en by einbeslút yn ús tiden keningen fan it hiele lân te wurden. Dy lêste prins, Willem de IV, de oarreheit fan ús kening,Ga naar voetnoot1 ferienige alles yn him om de leafde fan in folk as it Fryske ta it heechste punt te fieren. Hy wie gol en deftich fan troanje; dimmen en minsum yn syn praat. Sêft fan aard hie er in griis fan geweld en bloed. Fan natoere wie er net hurddragende, en as in oprjucht kristen koe er syn erchste fijannen ferjaan. En dat safolle by de Nederlanners yn it algemien en de Friezen yn it bysonder ôfdocht, om in prins de herten fan it folk te winnen, hy wie gemiensum yn de omgong. Lit in prins in held en in steatsman tagelyk wêze, as hy in heech boarst set, kin er op dizze grûn nin goed dwaan. Yn Ruslân en Prusen mei dat; hjir is it de pest. As 'er wat oan Willem de IV hapere, dan wie er hast al te sêft foar in prins; want hy wie bang dat er immen besearje soe, en bleau faak healwei stykjen, as er trochtaaste moast. Troch syn sêftens en heale mjitterigels is folle fan it goede, dat er ús foarâlders tatocht hie, efterbleaun. Mei dat al bliuwt it wierheid, salang as hy te Ljouwert wenne, is 'er nearne yn nin steat fan Europa safolle folksfrijheid mei safolle earbied en leafde foar in prins ferienige west as hjir yn dit ús Fryslân. Fan âlde lju ha ik as bern no en dan wolris teltsjes heard fan de gemiensumheid fan de prinsen fan Nassau, en fan de genegenheid fan it Fryske folk foar dy prinsen. Ik sil jimme 'er ien fan sizze, dêr mûgl'k in bulte de skouders fan ophelje; want it is nin dichter, dy hjir opsnijt, en de prins mei in folle hunichkwast om de mûle strykt; it is ek nin grutte mieltiid, dêr de gasten salang toasten op de gesondheid fan de prins en syn folk drinke, dat de helte smoardronken onder de tafel leit. It is mar in platte plompe boereset; mar dêr men even dúdlik, ja, mûgl'k al sa dúdlik, as út it galmjen fan in dichter, of it klinkjen fan de sjampanjeglêzen, de wolmienendheid fan in from ienfâldich minske út priuwe kin. Op de jachtpartijen, dy Willem de IV hâlde, doe er noch geef wie, foel 'er meastal it ien | |
[pagina 210]
| |
of oare mei in boer of in arbeidersman, dy se yn 't fjild metten, foar, en as er mei syn smite op Camstrastate, op Sytsjebuorren, te gast wie, dan koe it 'er wolris suver nasjonaal, dat is, rûch trochskuorre. Dêr wiene dan, behalven de gewoane omballingen fan de prinsen, ek folle by Groustins, Oene en Willem fan Haren, en mear sokke bysfeinten, dy termen yn 'e holle hienen, as it mei wysheid te rêden wie, mar dy op syn tiid ek in bulte fan de gekheid hâlden. Sa is 't ris bard, dat se út jeien west hiene, en let yn de eftermiddei mei de honger yn de hals oan de Froaskepôle kamen. Dêr fregen de hoflingen oan de boerinne, as se ek wat foar har te skaffen hie; it wiif, dat in sloofke like, sei koartôf: ‘Nee.’ ‘Mar habbe jo dan neat yn hûs, muoie?’ frege de hongerichste út de heap. ‘Neat, dan soe 'k flouwe,’ sei it wiif; ‘ik kin wol wat pankoeken foar jimme bakke.’ De prins fan Nassau mei syn hofstoet pankoeken ite op de Froaskepôle yn 't gesichte fan Ljouwert? Dat like al watte nuver. Mar hja tochten: ‘Dat wiif ken ús dochs net yn dizze jachtplunjes; en wat kin 't ús ek skele, as wy mar in eintsje fan ús holle termen fol krije.’ ‘Kom, meitsje dan mar klearrichheid,’ sei de hofling, en mei-ien gong de jagertrop yn hûs. De prins waard in wâldstoel yn 'e hurdsherne set, en dêr folgen de oaren op skammels en banken nêst; sa sieten se om in grut fjoer fan smoezen en takken hinne har te koesterjen en út te pûsten. Mei in lyts kertierke briek muoie mei de besleekspôt troch it sintrum fan de hearen hinne, en de pankoekspanne yn de lofter- en it pankoeksizer yn de rjuchterhân, frege se: ‘Wa sil earst?’ ‘De man yn 'e hurdshoeke,’ antwurde ien fan de hoflingen. It wyfke dribbele gau nei in aad ta yn de molkenkeamer, dêr se in pantsje fol fersk tsjerne bûter úthelle; doe noch in potsje mei fine wite struisûker út de boddelerij, en it pankoekjen naam in begjin. Hja bakte de man yn de hurdsherne lytse flitterkes fan pankoeken; fine, swiete, danige swiete pankoekjes, sis ik jimme, en by krige noch in sulveren foarke ta, om se mei op te iten. Doe de man yn de hurdsherne syn bederf hie, wie de bar oan numero twa, dy allernêst him siet. De foarke mei de bûter en de sûker waard earst weiburgen; en dêrop draait de boerinne 'er him in dregen stro yn oalje út; as it foar in slatter west hie, it mochte bekend stean. ‘Moedertje, wij lusse ook wel pannekoeken in boter,’ sei de hofling, dy 'er alleheel nin tinzen op hie, dat de boerinne ien fan har koe. ‘Ja, ja!’ sei muoie, ‘oalje is foar jimme goedernôch!’ en de hearen mochten lypje of pypje, de oaljepankoeken mei sjerp moasten 'ertroch. Op de keap ta moasten se de boel 'er mei de tsien geboaden op syn âld-Frysk ynproazje; want foarken krigen se net. De prins lake him slop.
j.h.h. |
|