Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan Piter Mulier Mei de lapekoer Ik haw har kend, dy iens it libben, O Stalke, fan dyn libben wie. Ik seach har as de roazen bloeien Sa prûs, sa glimkjend, sa fol tier. Ik seach har as de roazen kwinen, Fan njirren stutsen yn it hert. Har wrakseljen tsjin dea en pinen, O Piter, dat ferjit ik net. Ik haw mei swakke en tankb're klanken Har gollens op in blêdGa naar voetnoot1 beskreaun, En 'k wyt, do silst it net fersmaadzje; 't Is hertejefte fan in freon. Dêr mei de Fries it noch wat lêze, En dan sil 't leaf, as wy, fergean; Mar, o, har blier, har skrander wêzen Sil ivich foar ús sielen stean. Boalsert, dizze alfde fan heamoanne 1836 j.h.h. voetnoot1 Lapekoer, bl. 111. Vorige Volgende