Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Grouster weagen Rôlje, rôlje, wetterweagen! Rôlje en brûs om 't âlde Grou. Myriaden foar ús eagen Fleagen, stauwen om ús Grou. Rôlje, rôlje ús foarby! Hurde Friezen bliuwe wy. Rôlje, polskje, Fryske weagen! Rôlje, rôlje, âlde Grou! Brûs en wiggelje, âlde weagen! Kroanje de âlde rûne trou. Rôlje, rôlje, âlde Grou, Byld fan echte Fryske trou. Heit en mem binn' hjir bedutsen, Berntsjes, twiichjes fan myn hert. Suchten binne hjir ferbrutsen, Dy myn God allinne heart. Grouster weagen, bliuw my by! Rôlje, rôlje ús foarby! Rôlje, rôlje, Grouster weagen! Brûs en spiel jit om myn grêf; Libjend koe 'k dy net besjonge, Spiel my deade wei as tsjêf. Lit myn berntsjes leaf en frij Roeie en djoeie dan yn dy. [pagina 207] [p. 207] Rôlje, rôlje, wetterweagen! Rôlje en brûs om 't âlde Grou. Myriaden foar ús eagen Fleagen, stauwen om ús Grou. Rôlje, rôlje ús foarby! Hurde Friezen bliuwe wy. e.h. Vorige Volgende