Oan myn freon Gerhard van der Meer,
Doe hy de heechste dichterlike earetreppen bekleau
‘Wat darkert komt dêr oan?
Dy moat ik wolris praaie.
Ei, 't is ús masters soan;
Dy is hjir komd te maaie.
Yn 't masterjen trochleard.
Dei, dokter! dei, myn freon!’
Ik haw dat swiet ek preaun,
Mar 't mei nin swiet mear hjitte.
Dyn eare is heech en grut,
Dat wol ik hiel wol witte.
De pleagen fan dyn steat,
Myn freon, dy komme jitte.
Men komt dêr dan fan Grins
Ferhellet fan syn grappen;
Hoe dûnse faak en sprongen.
Do tinkst: ‘No ha 'k it wûn’,
En sjochst hast nei de moanne,
Allyk in nyt'lich hoanne.
Dy oer oerdwealskens skuorje.
‘Do praatste heech en krom,
Do sjochste grutsk en skrillich;
Dyn mûtse stiet te tillich!
Do sjochste net nei 't wetter.
Do hâldste har oan 't snoer:
| |
Do wolst har neat ferklearje.
Do litst de ljuwe seam'lje,
Do litste har wat eam'lje.
Mar einling krigest wurk,
En 't wol dy bjuster flotsje.
Stean fêst no as in Turk!
No meist dyn kop wol hotsje.
It gûlt en reint om 't hûs,
Do leiste swiet yn 't sliepen
Pomp! gau, de doar moat iepen.
‘Och, man! ik bin sa kel.
Toe, dokter-heite, reppe!’
Wurdt skrousk en kâld en poatt'rich,
Praat tsjin en bêdet del.
Hy moat, al is er noartlich.
Dy daalk dêrfan it witen.
Flean op no mei in sprong!
Hy twingt dy mei de pong,
Dat lit er dy wol hearre.
Oars neamt dat folk dy loai,
Dy sels mar ite en stjerre.
Dat moatste hearre, boai!
Ja, opswolgje en fertêre.
Jild krigeste einling ek,
Mar 't kin dy neat fermeitsje:
Do meiste 'er net oan reitsje;
Want sa, freon, is dyn steat,
Mei 't griizjen fan dyn hierren,
It wurk dijt mei de jierren.
Fan al dat swiere bodzjen,
Dêr 'n oar jit leit te dodzjen?
Yn 't keamerstof fersitten?
En 't romme fjild ferjitten?
Begniist mei dealske tosken,
Trochflimet him mei pleagen,
Mei dea en sjochte kimpe.
De gamm'le berntsjes krimpe.
Dêr, dêr is no dyn fjild;
Dêr is it lean te heljen.
't Is mei nin goud of jild,
Help dêr! Wês treast en steun!
O, yn dyn hert, myn freon!
Med. et Art. Obst. Doctor
e.h.
|
|