Oan Auk
Mei in lapekoer
Hja flaait dochs ek myld,
En har each pluert sa blier,
As se lêst, as se skriuwt,
As myn Auk, as myn lamke,
‘Ho, ho! 'k bin nin bern mear.
Sa praat Auk, en is prot.
‘Miene jo, dat wy stilstean,
Net waachse en net groeie
Dat 'k my haw fersprutsen.
O, noait wol 'k 't wer dwaan,
En hjitte sil 'k dy faam,
'k Sil praatje as in bluffer,
Dy knibbelt om dyn minne.
Wêrmei kin 'k dy dochs winne?
Wat sankjes, wat grapkes.
Dimter, dizze 27 fan gersmoanne 1835
j.h.h.
|
|