De Noarger run oan Gabe Skroar
in brief skreaun yn de moanne, fun en opbrocht troch syn omke doctor e. halbertsma fan grouwergea,
mei kanttekeningen fan j.h. halbertsma
Friezen, echte goede lânsljuwe!
Gabe Pibes is dea; jimme kenne him; ik haw syn koer omskomm'le en alles besjoen; ik haw de koer omkeard, en 'er alles úthelle. Ik woe net yn syn boel omhelje en skuorre; mar beppe het boppe yn syn sliepmûtse in lyts briefke fûn; dêr stoe eigenhandich sonder help fan in dominy yn: ‘Dokter-omke sil myn kurator wêze.’
Omdat ik no oansteld bin as kurator, haw ik alles ek ris goed neisjoen. Skulden hie Gabe net, mar ek nin effekten; dat wie syn ongelok, want dan hie de man ferneamd wurden as syn sweager Tys.
Ik haw alles omsnuff'le krekt as alle kurators dwane, en einlinge kaam ik ek oan it parsizer fan Gabe; dêr fyn ik om it hânsel earst in blauwe snier, en dêronder in grut papier, en dat wie de brief fan de Noarger rún. Ik jou him, lêzers, sa as er wie. Goed stiet 'eryn en tsjoed; dy 'er net oan rûke wol, dy moat 'erfan priuwe, en dy it net lêze kin, moat it sjonge.
doctor halbertsma