Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe Noarger rún oan Gabe SkroarNommele freon Gabe!
Foar fiif jier bin ik hjir mei de steamloftbol The Icarus fan jimme planeet oankomd. De Ingelsken,Ga naar voetnoot1 dy dizze brief ek mei weromnimd hawwe, wiene wakker skrousk en úthongere. Fan de reis sil ik dy mar neat ferhelje; it gong 'er snijsum troch, en op it lêste eintsje sloegen se 'er jitte twa grutte fûgels foar, dy neame se kondors. Dy bisten sloech de bealch ek krekt as my, doe ik onder de hannen fan de hynstetyskers en hurddravers wie. Do silste nuver opsjen in brief fan jimme Noarger rún te ontfinzen, en dat safier wei; 't is ek wol mûlk datste 'er ferskate stuorren foar betelje moatste, mar it sil dy net begrutsje; want do goarrest net, en ik koe it net litte om dy te skriuwen; want do biste ien fan dy lytse mannich op jimme wrâld, dy my behann'len as in minske, behalven aste oer dyn bier wieste. Do wo'ste wol graach ris witte hoe it my op 'e wrâld, en nei myn ferstjerren te Kollumersweach, fergien is; ik sil dan mar fan myn earste libbensjier ôf begjinne. Ik bin jong west te Peize yn Drint'; dêr tsjinne myn mem by in lyts koaterboerke. Wa myn heit west is, wit ik net, en dêr mei men ommers tsjinwur'ch net mear nei freegje te jimmes. It docht 'er ek neat ta fan my of ôf; want ik haw yn myn libben ek al onderfûn, dat de soan net altyd oan de faar liket, hoewol 'er by de grutte ljuwe op jimme wrâld wolris oars oer tocht wurdt. It libben te Peize wie sa. Nachts koene wy op in poatstâl strie bite, en deis moast mem de plaggen út de heide sleepje, en dan pangele it foaltsje mei by de wein, en gnabb'le hjir en dêr sa ris in grien heidetopke by de wei ôf. Lykas ik dy ferhelje, de ljuwe joegen it ús dêr sa rom as se ús it jaan koene, mar wy moasten oars mar sleepje en tôgje lykas sy ek; | |
[pagina 153]
| |
it wie dêr earmoede, en dêrom wiene hja ek maklik yn 'e behann'linge. Dat folle jild de ljuwe oerdwealsk en wreed makket, haw ik tenei rju onderfûn; dêr te Peize krige ik 'er ris in lyts foarpriuwke fan. Dêr kamen ienris twa Grinzer heartsjes oan op in wyld aventoer; it wiene studintsjes. De ienfâldige Drinten mienden earst, dat it ljuwe wiene dy't út de kriich kamen. Bosken hier hiene se op 'e holle as seadbulten, en dêr mûtsen oerhinne, omtrint as yn Yntsje Jans boekje beskreaun steane; oeribele mûtsen, mei kwastenGa naar voetnoot1 dêroan as fûsten. Boksen hiene se oan as lânrôlen. Horloazjes op 'e side mei lange keattingen, dêr grutte bosken koperguod oanhingen. De iene hie in grutte poepepiip yn 'e holle; de stâle wie in skieppepoat mei de kleien 'eroan, en dy rike as in panwurk. De oare hie in prûmke as in fûst efter de kiezzen. It wie yn de neisimmer, en de wei wie droech, en dochs hienen se learzen oan, en hja wiene op it ruterskerp. Yn de rjuchterhân hiene se in kneppel as in swinge; dêr hellen se in gleon skerp swurd út; en dêrby flokten se sa onhjirmlik en oer 'e mjitte grou op ús boer, omdat er har de hûsfestinge wegere, dat men klear hearre koe, dat dy maats op in hege skoalle gongen. Hja ferstoenen it út de pin, Gabe! Loekwol hja bleauwen jit al hingjen mei goede beloften, want it wie ek spinjûn. Dan komme de Drintske famkes by eltsoar te pizeljen en te kofjeslabjen, en dêr komme de feinten dan op ta, as de hûn op 'e ljirre. En ús frjemde bysfeinten hiene it dêr ek nei har sin as de foks by de koaiker, dat kinste tinke. En doe se seagen, dat 'er ek spek foar har yn 't leger lei, doe hâlden se har sa froed as ouderlingen yn 'e tsjerke; ja, hja makken de skeel mei ús boer ôf, doe de iene in grut hamboai út de rôk helle, en ris mastereftich psalmspile, wylst de oare song, dat him de strôte knapte. It âlde wiif sette har brul op 'e noas, en song mei in triljend lûd mei. Hja blettere as in wjerlaam yn de loft, sa mâl, kin ik dy sizze, dat de bysfeinten mar efkes it laaitsjen ynhâlde koene. Do kinste begripe, dat se by de fammen ris tige yn it nijgers kamen; en dy fermakken har ek ta de teannen út; de Drinten koene 'er net oan rûke, en hja waarden sa stil as piseamelers. Dat song en patte en regearre dêr salang om, dat einlinge de spinwielen fan de iene ich fan 'e keamer nei de oare fleagen as keatseballen. Us âld-boer, dy fuort wol murken hie, dat er murden op it hiem hie, reagge it hele oanset mei hurde wurden nei bêd ta. No moasten ús frjemde útfanhûzers ek tsjin heuch en meuch yn de plommen. Mar wat ik egentlik sizze woe, dizze studinten fregen ús boer de oare deis of de soan har ek nei Noarch bringe woe foar jild en goede wurden, en dat waard har net wegere. Dêrby, omdat it sokke hege ljuwe wiene, moast ik 'er foarslein wurde: ik wie doe treddeljier âld, en ik hie lea sa flink as in fûgel; ik wie in skilderstik fan in hynzer. Hinne gong it jit al stadich, mar werom, doe waard ik oars oanpytske; doe moast ik lije as in hûn. Want doe ús studintsjes fierdernôch wiene nei har sin, doe geaten se har fuorman in fearn barndewyn yn 't liif, en treauwen him noch ek fjouwer skeljen ta; en no gong it lijen oan. De Drintske jonge, dy my oars altyd aaide en oer 'e moannen striek, waard in boal oer my, en dat deade sûpke en dy onnoazele fjouwer stikjes jild besoargen my wol hondert swipeslaggen; 't wie in foarpriuwke fan itjinge ik tenei fan honderttûzen gûne en in magefol reade wyn onderfûn haw. Nei dizze lange kronkel yn myn brief sil ik dy mei in mannich wurden ferhelje hoe ik út Peize weirekke bin. Do moatste witte dat ik ta myn ongelok it moaiste en it flinkste hynzer yn it hele Drintske lân wie, en ik rûn dêrta sa'n gnap trantke, dat 'er oeral fan my praat waard: te Grins yn de Slingerij; te Onderdendam yn Grinslân; op 'e Burgumerdaam; op it tolhûs oan 'e Swartewei; op de Trije-romers; ja, te Amsterdam oan de Bearebyt, rûn ik oer alle hynstetyskers tongen as in wonder fan de wrâld. Einling komt Seakele mei de knolfoet, in soan fan dy âlde grouwe Homme, by ús te Peize: dy ienfâldige jobbe foei mei de doar yn 't hûs, en bea ús boer hondert ryksdaalders foar my sonder dat er him easkje | |
[pagina 154]
| |
liet. Us boer, dy yn alles dom wie behalven yn it jild, begûn út sa'n grut gat te bliezen, dat Seakele mei syn knolfoet wer nei hûs hompelje koe sonder rúntsje. Doe de boer seach dat 'er aventoer yn my siet, doe waard ik fierd en tein as in jufferke, en ik hie in libben as smoarge beanne. Ik die neat mear, ik friet hjouw're en beanne sels oer de meuch; ja, it âld wiif, dy oars jitte goarriger wie as de boer, treau my sels de stuten yn de hals as hja de romte 'erfan hiene. Ik waard sa glêd as de pultrom fan jimme âld mem, en elts, dy my seach, sloech de hannen yn elkoarme. Mar lykas ik dy sei, it wie ta myn ongelok, want dêr ried nin hynstetysker, nin hynstegek troch Peize of ik moast betomke en besjoen wurde fan it iene lid ta it oare. En dan krige ik foar in ôfsetter jitte in streek mei in Ingelske swipe ta, dat ik oan de souder ta fleach fan pine. En dat neamden se dan pronkjen! En dan wie 't: ‘O-ho, poalle! ho, popke!’ wylst my de hûd pipe fan de striemmen.Ga naar voetnoot1 Loekwol ik waard net ferkoft: ús boer wie oer it hynzer tild, en dy holde it mar op trijehondert gûne yn. Dêrmei waard it Noarger merke, en dêr soe ik jild jilde. De jûns foarôf joech it âld wiif my in poatfol groat, dat se de deis oerhâlden hiene, en karde my oan 'e hals wylst ik friet; en de jûns tsjin it alderlêste kaam Annegien har dochter, en joech my in stik Grinzer koeke; it fanke kriet en snikte. Ik wreau har wiete wangen mei myn kâlde hynstesnút, en slikke har om 'e troanje; en Gabe-heite, ik die it mei in folle oprjuchter en frommer sin as do, doeste jimme lytsfaam op 'e weide hea patteste, doe ik foar de lêste kear te jimmes haaide. De moarns foar dei en foar dage waard ik nei Noarch laat. Dêr seach ik heel folle ferroaide Fryske hynstetyskers, dy in heale nacht, fjouwer op 'e rige, op ien bêd omtom'le hiene, mei in liiffol Drintesop en knarsige stoeten; dy seach ik no yn de tinten al te smookjen en te swetsen. Ik seach Drintske fammen en feinten, dy de hele nacht patte en kofjedronken en psalmsongen hiene; dat wie in libben! Alle alderferneamdste en alderfernimstichste hynsteljuwe betomken en betaasten my, en lieten my draavje. Dy my hawwe woene lekkene my, mar op myn skonken koene se neat sizze; dy wiene sa suver as glês en myn eagen klear as in gril. Einlinge kaamsto en jimme heit 'er oan. Do wieste doe in opsketten jonge; do rûnste doe wakker parmantich mei in swipe yn 'e heide; dan stiekste ris in grou promke efter de kiezzen, dat dy de gieletabaksflibe by dyn wite poddehierrige burd delrûn; mei ien wurd, do hieste doe gânsk smoar neidatste in beestke wieste. Doe heste my ek al ris in linige feech mei de swipe jûn, en it het dy tige nei stien datste doe net in slach tsjin dyn tinne skroarshûd krige heste, datste oer 'e heide trûzele biste. Ik wie doe skraach fjouwer jier âld, en sa flink as in leep; jimme heit sei 'er net folle fan. ‘In gnap gudske,’ sei er, ‘mar de kop is watte Drintsk.’ Nei folie hânbakjen waard ik foar trijehondert gûnen min in dikketon oan jimme ferkoft. Ik hie dy deis fan folle kwea bewarre west, hiesto dy net tefolle mei de merke bemoeid; want wy rekkene let op reis, en doe wy op Bakkefean kamen, dêr sieten in fiifentweintich skeve en sûzige hynstekeapers, dy my opmeunsteren en wakker priizgen. Grutsk datste sa'n gnappen nijkeap foar 'e karre hieste, jageste my dat de oare deis my de bealch tsjin 'e rêch oan siet; dat kaam fan al dat priizgjen. By jimme âlders haw ik it as in prins hân, mar ienris heste my aak'lich pleage; witste, Gabe, dy Boalserter merke, doeste sa onder wetter wieste? Dy deale, wat wieste oan de gong! Witste, doe jimme de woarsten by Toon Poep út de skoarstien hellen? Ik kaam dy nachts neiby om fan honger en fan toarst. Ik kaam nêst in wite guds te stean, in âlden trompetter; dy sloech as in filekaan, mar ik wie flugger as hy, en ik tochte as dat sa moat, hawar dan! en ik joech him in trewinkel, dat him de kalkoensprint yn syn meagere skinke stie, en doe wie er tefreden. De oare moarns, doe ik fan de stâl helle waard, tocht' ik, dit sil wêze om wat te fretten; jawol! in amerfol kâld wetter yn de bealch, en doe nei de Kliuw alleman foarby; dyn goede Wobbelke griisde | |
[pagina 155]
| |
it ta de teannen út. Har wite klean seagen 'erút krekt oft se troch de reade wyn helle wiene. En har golle blauwe eagen waarden sa bleek! Hja woe dy ek al nei hûs ta driuwe, mar dêr hieste nin earen nei. Do wieste in baloarigen hont, aste dy oan de taapkast oerjûn hieste. Op 'e Kliuw smiet de kastlein my jitte in tek oer, en joech my brea, it ienichste dat ik dat etmiel krige. Dêrfandinne moast ik nei de Wommelser merke. Dêr bâlten se it fan fierren al út, doe se dy dêr oankommen seagen; dêr heste doe jitte ferteld fan jimme reis nei de jichtmasters, witste wol? Witste ek wol, datste jit ek ris efkes mei de karre omtearste, doeste op 'e weromreis ris mei de faam oanlizze woeste, en datste de man út it dykhûske, dy de boel wer oerein holp, in keizersgûne joechste foar it swijen? Witste wol hoeste sliepste, doeste by dy faam har âlders kaamste? Witste wol, dat Wobbel my noch menne moast? Noait bin ik sêfter mend, noait mei sêfter wurden oantreaste; want it fanke siet yn tûzen neden. Witste wol? Mar ik sil dy mar net mear ferwite, wy wiene beide jong en dertel; en om mar rjocht troch te gean, it neifertriet wie grutter as it plezier west wie. Do leiste twa dagen op it fjouwerkant te snoarkjen, en wol in fearnsjier tenei kreunste noch oer dyn weismiten jild. En jimme heit het fjouwer wiken mei lynsied en trudzepoeiers dokterje moatten foardat my de reis út de lea wie. Hoe jimme Rommert my it hurddraavjen learde, dat witste; en ik naam it tige oan, mar dat wie myn ongelok. Do witste wol, hoefolle wyn 'er opbealge is, hoe 'er leagen' en flokt is, doe ik de earste Wytmarsumer swipe wûn; hoe jimme heit doe sjongende en flokjende thúskaam, dat er yn nin fiifentweintich jier dien hie. Jimme mem skriemde; it sloof miende dat it de man yn de sinnen slein wie. De oare moarns doe de rûs 'erút wie, kaam jimme heit allinne by my yn de stâl, en kloppe my op it skoft; ‘Rúntsje, rúntsje,’ sei de man, ‘dit wie mis. Lit hearen om in gnap hynzer gek wurde, foar in boer kin dat net. Do silste de doar út’; en in wike dêrnei rekke ik de doar út. De Wytmarsumer swipe hie my hondert gûne djoerder makke, en ik waard foar fjouwerhondert gûne min in dikketon ferkoft oan mynhear Flessinga. Dy hear hie folle jild, en dêrby in skoan hynsteferstân. Hy koe alle hynzers yn ús Fryslân, en hy wiste har lek en brek; syn moaiste hûsrie wiene teamen, swipen en gereiden. Nin hurddraverij waard 'er fersomme. Foar de herbergen stoene de kastleins mei in rûne rêch mei de hoed yn de hân fan fierren al te wiuwen. De gnapste faam waard altyd foar de hynzers set. Op de hurddraverijen siet mynhear grutmachtich yn it lân op 'e wein, mei in pypkuorfol wyn tuske de fuotten. Syn goede kunders stoene dan by de wein en strieken him hunich om de mûle, en priizgen my danich, en holpen mynhear ta de flessen; mar as it tsjin de lêste reed gong, dan beloek syn troanje as in wytling, en hy waard stil en fertrietlik. Wûn ik de priis, dan kaam mynhear, en de rider en al de tsjinners fan de hurddraverij skeef en snústerich thús, faak nei middernacht. En as de frou dan yn de iere moarntiid út it bêd kaam, dan lei alles 'er sa heuverich hinne, dat it minske besaude fan dy boel. Mynhear lei by har yn de weage te snoarkjen: dêr wie nin moares yn te krijen, foar alve oere net. De rider siet yn de wein te brommen, mei in hynstetek om. De feint lei op 'e heasouder. De hynzers stoene mei in ribfol hea en sonder drinken op 'e stâl. De faam siet by har sterke kofje en har swiete bôle mei ljirre, dêr neat fan brûkt wie, te knikkeboljen: har geest mimere jitte oer de griene tútsjes, dy mynhear har justerjûne yn de stâl jûn hie. Wat haw ik dy mear te ferheljen, Gabe? Do witste hoe jimme mem oer de Wytmarsumer merke tochte; no, sa tochte ús juffrou 'er ek oer; mar mynhear Flessinga koe en woe folhâlde. De pong wie by him net te ferdylgjen, mar de hûd woe it net langer lije. Mynhear krige in pynlike kwitânsje fan de wynkeaper, dy hjit de podagra. Dat is in lyts diveltsje, dy alle wynsûpers of har bern of bernsbern sa by jierstûnen yn de foarste knokkel fan de grutte tean mei niddels en flimen, dy yn de hel fan de baarlike kweade smeid en hotte binne, sa heislik en groulik troch ieren en sinen, troch murch en bonken pjukt en flimet en skrabet, dat se fan de swang fan in buffelske jas al moard en brân roppe. Us âlde master Homme moast dalik by mynhear komme. Dat wie in nuveren master; dy sei samar plompwei: ‘Fiskaal, 'y habbe tefolle omswabbe op dy hurddraverijen, en tefolle wyn sûpt. Nim no rêst! Jo hawwe swipen genôch foar immen, dy mei de | |
[pagina 156]
| |
De Noarger rún op 'e hynstemerk te Burgum
| |
[pagina 157]
| |
foet yn it kessen sit. Nim no rêst; it is lang genôch hurd troch de wrâld flein mei jo. Yt foarearst net mear, as nedich is om it libben te hâlden, en sûp wetter. Ik sil je in drank besoargje om iepen liif te meitsjen. Ik kom moarn werom, en, as ik kin, jûn. Ik haw in earm man oan de pleuris; dy giet foar. Dei, mynhear; betterskip!’ Mynhear, dy wol wiste dat master Homme krekt spriek as syn eigen gewisse, woe him troch it oardiel fan in kundich stêddokter frijpleitsje litte. Mei kûgelsfoarsje fleach ik en de feint nei stêd, en dokter kaam mei. De dokter, dy krekt sa goed as master Freark seach, dat de hûd fan mynhear ferrêden wie, rôp fan fierren al: ‘Gevatte koude? gevatte koude! niets anders,’ en alleman op it slot leaude it, behalven de koetsier en master Freark. De boeren seine yn de skearwinkel tsjin eltsoarren: ‘Hoe, divel, soe ús mynhear kjeld fette hawwe? As er op reis giet het er mear klean oan as wy mei ús fjouweren.’ Mar mynhear wie tefreden; de dokter kaam alle dagen werom, joech him de romte fan flear, tee, promsop en readekoalsop, dat út in stêdsapteek komme moast, en mei in moanne twa stoep ús mynhear wer mei de foet út it kessen. Do silste wol heard hawwe, dat ús mynhear Flessinga dêrnei betomm'le is; dat er it hurddraavjen 'er opjûn het, en dat er jitte âlderling yn de tsjerke wurden is. Troch de rêst, dy mynhear syn skonk genêze moast, waard ik útrêst, en ik waard smoarfet ferkoft oan mynhear Von Steinach, in edelman út it stift fan Utrecht, dy in dochter fan in rike molktaper troud hie, wylst er yn dy stêd syn lêste peinjen útsette om einlinge by haren en snaren doctor yn 'e rjuchten te wurden, en sadwaande loai troch de wrâld te kommen. Salang as it jild fan dy âlde molktaper duorre, hie ik it opperbêst; ik waard goed fuorre, en as ik mei mynhear en de frou ried, dan wie ik mei kwasten en franjes behinge. Mynhear wie grutsk, dat er sa ryk foar 'e dach kaam, en mefrou wie grutsk, dat se sa foarnaam troch de stêd ried. Einling like it jild op te gean, en ik waard meager; want it fuorjen kaam net fan, en ik moast alle dagen jeie en fleane mei mynhear om de krediteurs te ontmennen. Doe it al te mâl gong, krige mynhear in hege post op in frjemde pleats. Mynhear teach mei syn heel boeltsje fuort, wylst de sinne yn 't noarden siet. Hy liet my en myn maat, ek in blauwe rún, op de stâl stean mei in ammerfol wetter en in goed ribfol hea. It hûs seach 'er mâl út. De foargevel wie gnap, en de glêzen heel en himmel. Mar efter yn it hûs wie nin rút heel. As de iepening al te grut wie, dan waard 'er in âld japon fan mefrou yn treaun, en de lytse skuorkes waarden mei onbetelle rekkeningen oerplakt. Efterhûs lei it 'er nuver, krekt as 'er Wyldemerk hâlden wie; dêr leine wol tûzen lege flessen en wol tsientûzen oesterskulpen; stikkene weinen en gereiden, âlde weitasken, âlde hûnehokken, belgereiden en hynstesliden leine trochinoarre; wol tsien gros stikkene pipen en stikkene romers stiene yn tsien âlde wynkuorren boppe op 'e hynstedong, en midden yn dy rûzige boel kuiere in heal ferhongere âlde bok fan ús jongehear om, dy einling troch syn bletterjen de buorren 'eryn rôp.Ga naar voetnoot1 Doe waarden wy ferlost, en mei ienige wiken waard mynhear skjinmakke en wy ferboelguodde; mar mynhear, dy wol tsienris safolle oerhâlde as al syn krediteurs mei-elkoarme, liet my stil opkeapje; want hy mocht my graach lije. No rûn ik foar jitte moaier wein, en ik waard mei goudene kwasten behinge, mar dat duorre net lang, want op in kâlde jûn stoe ik te lang foar de komeedzje te tuorjen, en dêr waard ik befongen. Ik waard stram troch al myn lea. No waard ik oan skuld ferronsele oan in Fryske kowe-keapman, dy my gau wat oppappe, en doe waard ik oan in stêddokter ferkoft, en dy joech my de laach einling allehelendal. Dy jage my in kertierspoat op 'e stiennen. Doe | |
[pagina 158]
| |
moast ik nei in hynstemerke, en dêr waard ik troch in boer hinne laat, dy him it ligen sa masterlik ferstoe, dat nin dominy de wierheid út de bibel glêder oplêze koe as hy syn leugens út de holle; hy swarde, dat ik mar in wike kreupel west hie, hoewol it wol in fearnsjier duorre hie, en as it net wier wie, dan mochten se my de hals wol útsnije, en hy soe tritich dûkaten oan de earmen jaan; en, sei de man dêrby, it beest is stom, mar as er syn deugden oplêze koe, dan hie it wol in dei wurk. Nei lang talmjen en hânbakjen waard ik einling foar fiifentweintich inkelgûnen en in nij helter oan in koaiboer ferkoft yn it leechlân. O leave freon Gabe! wat wie it my noflik dêr op 'e âlde koai. Dêr hie ik einling rêst. De pôle wie my oars nôch ôfearte en skiterich, mar dochs wie ik tefreden. Moarnsier sjaggele ik mei in slommerige en bingeljende trêde it âld tsjernepaad yn it rûn, en deis kôge ik oer de ferlittene skytpôlen fan de kij. Simmerdeis dan hie 'k 't dêr as smoarge beane, man; dan krige ik in amerfol sûpe as it 'er oerskeat, of in amerfol waai as de bargen it net opkoene. Nei fiif stille fredige jierren krige ik by myn kertierspoat jitte ek in dampich boarst. Ik koe net langer stâlje, en it lân lei foar in simmerkrite, sadat it winters onderrûn, en dêrom koe ik ek net bûtendoar bankje, en no moast ik it âlde tsjernepaad, dat ik mei myn wyldlânske soalen jier en dei úthoald hie, ferlitte. Dat leave, romme, golle leechlân moast ik foar ivich ferlitte, Gabe! Ik waard op in rûzige, snústerige en dizige hjerstmoanne fan de stâl yn de pream laat, en doe waard ik mei in goed ferstân troch trije flinke keardels nei de Burg'erdaam treaun. Us âldboer hie om de skrouske moarn ôf te warren in gul romer barndewyn op nagels yn de mage slein tsjin syn meuge, en do witste, Gabe, hoe it dan giet. De âlde man, troch it ontidige moarnsûpke rûzich en sûzich yn de holle, rûn op 'e Burgumerdaam kroech út, kroech yn, en dêrmei, doe it ferstân wei wie, soe ik ferhann'le wurde. Ik kaam yn in rige fan wol twahondert âlde gudsen te stean; dat krong en dat stonk dêr, dat gûlde en raasde dêr, dat jins it hearren en sjen fergong, en, man, ik haw dy deis wol hondert falske eden heard. Dêrmei komt 'er in heal ferwyld're Stienwiker oanspringen, dy krong mei syn bleate kop tuske de meagere skonken fan my en myn buorman yn. Hy soe my nei de tosken sjen; hy wie wakkere lyts, en doe er myn kop net rikke koe, doe sprong dy poarre by my op en rukte my de âlde kevels hast út it lid. Ik tochte, maat, as ik no sa flink fan lea wie as doe ik nêst de âlde trompetter stoe, dan krigeste al in lawibus. De Stienwiker begûn te hânbakjen en soe my danich lekje, mar ús âldboer begûn dat te fertretten, en sei, dat er my fan nin healslachtige poep fersmaadzje litte woe, en sa waard dy ôfballe. Doe kaam 'er in lyts keardeltsje oanpeaskjen mei in skieppegrouwen baitsje en in foerlekkens broek oan; in eintsje reap hie er om de hoed bûn, en dêr siet in prikke op. Yn de rjuchterhân hie er in skyld iken stôk en yn de lofterhân in stút: de heidetûkjes sieten him jit yn syn skiere hoazzen. Dy helle my út de rige wei en liet my ris draavje, en doe gong de Kollumersweachster mei de koaiboer yn in smidshûs, en nei in healoere pimpeljen en jeuzeljen en swarren, krige ús boer tweintich inkelgûnen yn de bûse en stoatskaafde nei de pream ta. Ik moast dyselde jûns jitte mei in selskip fan twaentweintich oare ondogenske, heal útlibbe gudsen nei Kollumersweach ta, en doe waarden 'er onderweis ytlike stûken hjouwere fan in boer stellen,Ga naar voetnoot1 en dat wie ús lêste gastmiel. In jong hynstedokter, dy ek op 'e Burgumer market omrûn, bea ús keapman twahondert gûne foar ús hele selskip; him tochte dat er alle mooglike | |
[pagina 159]
| |
hynstekwalen fan ús leare koe as er ús útslachte, en dan learde er de hele keunste foar hondert gûne, omdat er rekkene foar ús flêsk en bonken fiifentweintich gûne by de blikkers te Ljouwert keapje te sillen, en fiifensantich foar de hûden by de loaier; mar ús keapman woe sa net. It wie oars oer ús beskeard. Wy moasten dêrmei allegearre foar de tsjiiswein rinne yn Grinslân op, de iene dizze en de oare d' oare wei hinne. Us keapljuwe reizgen al goe'keaper troch Grinslân, as do nei de Boalserter merke, Gabe heite! Nachts slepten se onder de weinen, en lieten ús oan de wei weidzje. Tsjiis hiene se op 'e wein, en as se 'er ytlike fan ferkoften dan betingen se de kofje by de ljuwe ta. Dêrtroch kaam it, dat se onderweis neat koften as brea. Tsjin de winter kaam ik werom mei de lege wein, en no wie ik sa ôfbeund dat myn ein neiby wie. Ik koe nin string mear stiif lûke, en ik hompele efter de wein oan op trije skonken. Us baas stoe yn de doar en dy rôp fan fierren al: ‘Dei, wolkom thús! Wel, hoe hawwe se it makke?’ ‘Goed,’ sei de fuorman, ‘mar dy blauwe rún mei syn kertierspoat, dy woe my beskite.’ ‘Ja,’ sei de baas, ‘dat hinget 'er lûklam by; dy sille wy moarn mar út de hûd nimme’ (dat woe sizze, dat ik deid wurde soe). Mar de dea wie gauwer as de Kollumersweachsters. Hy naam my jitte dyselde nachts fan jimme planeet op. Myn romp waard bedobbe, en it bytsje flêsk, dat ik oerhâlden hie, wie yn fjouwer jier fergien, mar myn bonkenGa naar voetnoot1 binne wer opdold, en nei Ingelân stjoerd, dêr fyn temeald, en as dong oer it boulân struid. Myn hûd is mei hier en al toud, en tsjinnet as beklaaisel om in koffer, dy jitte oer de wrâld omswabbet yn postweinen, yn trekskippen, mar myn ik, myn eigen ik, dat mei dy sprekt, wêr bleau dat, Gabe? Danich haw ik omswabbe, rûnom en yn allerhande dieren haw ik omswabbe. Dy âlde ljuwe dêr yn Egypte hiene nin ongelyk, as se leauden, dat de sielen faak fan it iene dier yn it oare teinen; my is it teminsten sa fergien. Soms siet ik yn in kowepânse; dan yn in bargebealch; dan yn de robbe fan in kabbeljau; dan siet ik yn in protter op 'e naald fan it hûs, mar noait haw ik mear eangste útstien as doe ik yn in ea'barre siet, en myn hûsbaas in deade rôt troch de weaze skowe moast.Ga naar voetnoot2 Ik miende te boarsten! Einlinge bin ik sels yn in minske tein, en sint ik dêryn sit bin ik út it lijen; sa tochte ik, mar it is oars útkomd. Nuver sil it dy yn de earen liede, dat ik sokke rare gongen nei myn ferstjerren gien bin, mar, heite, leau watste tinkste en tink watste leauste, mar ik leau wat ik onderfûn ha. Lykas ik dy alles ferhelle haw, sa sil ik dy ek ferhelje, dat ik krekt sa goed in siel haw as do, en dat ik mei myn kertierspoat, en do mei dyn skeve skroarstile it eigenste paad bewannelje moatte; it paad namenlik om wizer en ferljochterGa naar voetnoot3 te wurden. De bisten ek in | |
[pagina 160]
| |
siel? do silste my útlaaitsje, Gabe, mar hark dêr jimme grutte, onferjitlikeGa naar voetnoot1 Bilderdijk ris oer: Gy, oorlogsbriescher, trotsch op 't menschlijk eerlivrei,
Die, 't schuimende gebit beknabb'lend met de tanden,
Hem over struik en heg, door bosschen en waranden,
Door stroom en meeren voert, en, juichende in uw vracht,
Gemoedigd door zijn stem, en vuur en staal belacht! -
Gy, ô gewiekte schaar van dieren, in de pluim
Beminnaars van den mensch, (hetzij in 't waterschuim
Of 't ongeziene spoor der luchtkring opgeheven,
Of hupp'lende over de aard,) hem dienstrijk bijgebleven!
Gy, morgenkraaier, met al 't klokkend kiekenbroed,
Uw stem gehoorzaam! Gy, ô beeld van huwlijksgloed,
Getrouwe tortel! en gy dartle duif! - Mijn klanken
Vermoeiden, wilde ik u voor trouw en liefde danken,
Aanhanklijk, teeder, en voor 's stervlings oog gedwee,
Wie telt de golven op der ongemeten zee?
Wie al de schelpen die zy opwerpt aan de stranden? -
Gelukkig in uw staat, in de opgelegde banden,
De Noarger rún foar de tsiiswein
| |
[pagina 161]
| |
Verbeidt ge 't oogenblik van 't algemeen herstel,
ô Dieren! - 't Nadert; hoopt! - Ook 't bijtjen in zijn cel
Ontslipt de zorgen niet der Godheid. - De albezieling
Bedoelt, waar 't stof bezwijkt, behoudnis, geen vernieling.
Geen wormtjen wordt vertreên, geen mijtjen zal vergaan,
Of 't zwakste leven zelfs verëdelt in 't bestaan.
Leauste my no ek, Gabe, dat ik wer libje, en dat ik in siel haw as do? Sint ik in minske yn de moanne wurden bin, wat haw ik onderfûn, wat haw ik onderfûn, wat haw ik onderfûn! Ik woe graach dat ik de âlde Noarger rún bleaun wie; dan hie 'k myn beanstrûken tehakke, myn leave klaver oarbere, en myn hea kôge as alear, en ik hie net ien fan al dy ferkearde driften en oankomsten, dêr my no mear pleagje as de swipe fan de Kollumersweachsters my by jimmes pleage het. Mâl bin ik 'er hjir trochswabbe, man! ik bin hjir in abbekaat wurden, mar omdat ik wat los libbe, sadat ik mar ien's yn it jier nei de tsjerke gong, en twaris wyks nei de komeedzje, en alle jûnen by de ûlkjes rûn, sa wie myn ynkommen te lyts. Ik joech my oan it skriuwen, en ik haw it folk en de âlde keningGa naar voetnoot1 tsjin eltsoarren opfierd; de âlde kening is weijage, en in nij kening wer oansteld, en ik haw my yn it kessen set: en no ik oan it laad sit, bin ik sa stil as in pipermûs. Ik bin hjir minister fan finânsjes: ik sil, hoop ik, op it lânsjild better pasje as op myn eigen. No silste ek wolris wite wolle, Gabe, hoe it hjir yn de moanne steld is? Heel oars as de ljuwe miene by jimmes. Jimme dichters skriuwe altyd fan stille, bleke, leave, freonlike moanne; ik soe it dy luchtige maats kwalik nimme, as ik net wiste, dat dichten en ligen twa ambachten wiene, dy eltsoar sa lyk binne as it smeien en it slotmeitsjen. Want do kinste wol begripe, dat it hjir heislike kâld en wearich is. Want Schröter, in poep fan jimme planeet, het klear berekkene, dat hjir bergen binne dy fiifentweintichtûzen foet heech binne; dat is heger as jimme allerheechste bergen. No witste ek, dat hege bergen kâld binne. Dyselde Schröter het sjoen, dat 'er by ús gatten binne, dy 30.000 foet djip binne, dy 'er troch ierdbevingen útsmiten binne. Hoe, divel, kinne se no de moanne leaf en freonlik neame? Bleek is er ek net as de sinne 'er net op skynt; want as dat sa net is dan is er sa poerswart, dat jimme him net ienris sjen kinne; hy is oars mar 51.570 milen fan jimme ôf. Jimme kinne ús yn sânentweintich dagen in kanonskûgel tastjoere, as jimme 'er mar nôch krûd efter sette. Stil is er ek net, lykas jimme dichters him neame; want hy reizget alle 28 dagen om jimme planeet, en docht yn deselde swang de grutte reis om de sinne mei jimme, sadat men net sizze kin, dat wy hjir lang stillizze op de lingte fan in pikelhjerring. Om mar net mear omhalen te meitsjen, it is hjir yn folle dingen krekt oars en omkeard as te jimmes. De dichters, om mar watte te neamen, dy ivich yn har gedachten boppe jimme planeet omswervje, dy harsels en de oare ljuwe de holle licht meitsje mei frjemde optinksels en dromerijen, en dy onderwilens ferjitte om foar de kokenGa naar voetnoot2 te soargjen, en dy dêrom ivich hongerlaapje en krimmenearje, dy wurde hjir yn bargen feroare, om har siel en liif rêst te jaan, en har ris út te iten. De krantedrukkers, dy de minsken te jimmes yn de | |
[pagina 162]
| |
steatkunde ferljochte wolle, en dy dêrom yn it tichthûs set wurde, dy wurde hjir oansteld as opsichters yn in ferbetterhûs. Keapljuwe, dy by jimmes in bankerot makke hawwe, dy hawwe hjir it measte kredyt; want dy bringe de grutste slompen jild mei, en dy betelje alles mei rij jild.Ga naar voetnoot1 Ambachtsljuwe, dy by jimmes alle dagen kleie oer har swier wurk en oer krapte, as krije se alle dagen it liif fol ierdappels of beane mei smoar, en faak jûns noch in foech dripke ta in hertsterking; dy krije allegearre in moai nij gnap hûs te bewenjen, de kost foar it iten, de brânje te jou. Deis hawwe se in nij sarjes rokje oan, en in lekkens foar sneins. Alle moarnen krije se in nij sulveren doaze fol hearebaai, mei in sulveren tonderdoaske yn de bûse, en in sulveren pipedop op in skjin lang piip; in rotting mei in sulveren keatting krije se yn de hân, en sa wurde se alle dagen op strjitte stjoerd om te kuierjen, te smoken en te praten; mar sy meie net yn in herberge gean om wat te keapjen; want dêr wurdt har oplein om it jild thús te litten en mei soarch te bewarjen, en hja meie net arbeidzje. En hoe mienste, Gabe, dat har dat libben bekaam? krekt as mynhear Flessinga de reade wyn. Dy krige it podagra, en sy de ferfeling. Se sizze no yn earnst, dat se op 'e ierde út gekheid seine: Het werken is zalig. De dominys en pastoars, dy wurde hjir lânsontfangers.Ga naar voetnoot2 De dokters wurde dominys en pastoars, en âlde froulju dokters. De effekteljuwe moatte yn de goudminen arbeidzje dat har de bonken knappe. Dat bekomt dat soadsje divelske nij, Gabe! Do begrypste wol, Gabe, dat 'er fan de trijehondert wol oardelhondert desertearje; twahondertenfyftich reizgje troch twang fan ús kening yn de izerminen, mar de fyftich, dy op 'e modder bliuwe, hearre it suchtsjen en stinnen fan har bruorren, en behâlde it, en bewarje it; hja sette in knoarketabak efter de kiezzen, en hja swije. Seeljuwe wurde boeren, en de boeren seeljuwe. De bûterkeapers wurde oansteld as direkteurs fan de fiskbanken, dêr se yn de fiskwiven omtsjouwe kinne, en de alderondogensteGa naar voetnoot3 wurde abbekaten. De skoallemasters moatte hjir by de jiskewein rinne. It bekomt har nij, mar hja binne jit fleurich omdat se hjir mynhearGa naar voetnoot4 neamd wurde. Dy by jimmes jiskelju wiene, dat binne hjir onderwijzers der jeugd; krekt moatte se itselde dwaan as de skoallemasters alear by jimmes. De kontroleurs, ynspekteurs, ferifikateurs, sekretarissen, referindarissen, en bûtengewoane gesanten, en alle oare lanten, kanten, arissen en darissen, steuren en leuren, dy by jimmes pensjoenen fan it lân krigen, wylst dat se sels fan de rinten dûbeld en dwers libje kinne, dy wurde hjir oansteld as oppassers yn de pesthûzen. Dat is in aak'lich libben, Gabe! want omdat se sa bang foar de pest binne, rinne se ivich mei in jittikdoek foar de mûle. Hjir komme ek wolris keningen en prinsen fan jimme planeet oan; de goede, dy har folk hoede hawwe as in harder syn skiepkes, dy wenje allegearre op in moai bûtenpleats; en hja hawwe alle jierren fjirtjinhondert gûne ynkommen, en dêr hawwe se neat foar te dwaan as te fiskjen en te jeien foar har eigen plezier. Hja hawwe in libben as in grytman! De ondogenske prinsen en keningen, dy by jimmes yn de folop libbe hawwe, dy alle dagen oer it gelok en de wolfearte fan har folk praat hawwe, en mear om har eigen tocht, dy wurde hjir fan lânswegen yn in grut earmhûs onderhâlden; mar dêr sil op in oar jier jitte in stik oanboud wurde. Ik bin jit al wakker warber yn myn post as minister: ik nim de minsken it jild hjir flitich | |
[pagina 163]
| |
ôf, en ik jaan it jitte ftitiger út. En as 'er wat al tefolle tekoart komt, dat fol ik mei holle wurden en sifers wer oan, en dan miene de ljuwe hjir yn de moanne, dat it opperbêst útkin: sa dom binne de lju by jimme jitte net. De Noarger rún minister fan finânsjes? silste útroppe, dat liket nuver. Ja, Gabe! ferwonderje dy net tefolle, man. Do biste ommers bibelkundich; stiet dêr net yn beskreaun, dat kening Saul earst de ezels dreau, en tenei de minsken? No, Gabe, sil ik myn lange brief te'n ein meitsje. Ferjou it my, dat ik minister fan finânsjes bin! Myn hert is oars goed. Skriuw gauris werom; ik dwaan it ek by libben en 'sondheid. - Jimme âlde noarger run |
|