Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 134] [p. 134] Rekest Jou, keuning, oan ferbûke minsken, Oan breid en frijster dochs de freed'! Lit ús ús leave skutters patsje: Wy hawwe boaske en sitte yn need. Want is 'er hjir of dêr in merke, De spylman saget om 'e nocht; Net ien dy ús te dûnsjen freget, Net ien springt mei ús yn 'e bocht. Wat hawwe wy in moaie winter! En as de diken is it iis; Wy fleane 'eroer as winterfûgels, Mar sonder skutters. Is 't nin griis? 't Is wier, jo litt' se útfanhûzje; Mar, och, wy sjen dy maats net oan. In diakensrôk mei gleone knopen! En poepeskuon mei spikers oan! In bollefel sit op har rêch bûn; Dêr sit in blikken teebus op. En om 'e hals, yn pleats fan doeken, In learen ding, it hjit in strop. Hoe heislik is har toet bewoechsen! 't Is of 't in âlde tarkwast is; En wol men har ris ljordich tútsje Men rekket noait dat kramtried mis. De iene hompelt op syn blierren, En klaget oer de hurde wei, En bringt yn pleats fan Dimterkoeke In koarste knarsich mikk'brea mei. Dy bringt in himdfol hippentrippen; De grize rint ús oer de grouw'! Wat stjonke se fan 't plaggestoken! In neare wallem giet har ou. In tredde skarr'lt op Keulske redens, Dêr opkoft yn dat heidelân: Mar is dat poepe-ark wat roastich, 't Gewear dat blinkt dochs as de brân. Mar, och, wy mei' dat ding net lije; Dat moardzjen, o! dat griist ús sa. Och! teagen se mei sein' en kanne Mar nei de lege mieden ta. En as wy ris in oansit hâlde En komt it op 'e bûse oan, Dan moatte wy de gearjeft meitsje: Hja ha ferkearde broeken oan. Mar heart men dan dy feinten praten Fan fammen dêr yn har kertier, O nee! dy mei' se net oan rûke. Wy leauwe it wol! Hja binne tier! Wy kenne ek wol manlju, keuning; Leau dat de Fryske fammen mar. Mar hawwe wy har op 'e skurte, Dan hawwe se mar ienris kar. Dêrom wol dochs in bytsje tajaan; Och, keuning, keuning, jou ús freed'! Jo sille tûzen tútsjes hawwe: Help mar ús skutters út de need. Lisk Doekeledr. Rymkema Ut namme fan alle Fryske fammen, dy skutters yn 't fjild hawwe. e. halbertsma Vorige Volgende