Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende It â1dershûs Wêr libbet in minske loksillich? Wêr libbet in minske mei nju? Yn 't âlde âlderlik hûsstee, Dêr libbet, dêr hoalet er willich, Dêr het er sa'n wille, sa'n nju. 't Neitinzen fan bernefernoegen Fan âlders har leafde en trou, Fan koest'ringe by de gloede, Dat jout in ynfieren ferhûgen Oan it Halbertsma's nêst fan Grou. [pagina 135] [p. 135] Kom, treftige boaikes fan Hidde, Fan Hidde, fan Hidde en Rjurtk! Lit ús foar 't âldershûs bidde, En tsjûge wat it betsjut, Dat Hiddes âlde klûs Is 't echte Fryske hûs. e. halbertsma Vorige Volgende