Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Skipperssankje Ferjit my net as bolle wyntsjes waaie, En ik oan 't roer myn sankje sjong; As kroeze weagen 't glêde skip omaaie; Ferjit my net. Ferjit my net as millioenen stjerren, En 't freonlik moantsje my beskynt; En do swiet droom' hest yn 'e sêfte fearren; Ferjit my net. Ferjit my net as wrede touwerfleagen My slingerje dêr God it wol. As ik ompolskje mei de dea foar eagen; Ferjit my net. Ferjit my net, as wreed de stoarmen bylje, En 't libben hinget oan in tried; As wy ferslein oan 't needtou ride en fylje; Ferjit my net. Ferjit my net as swarte tommelweagen Oertrûzelje it warleas skip, En alle eleminten tsjin ús teagen; Ferjit my net. Ferjit my net as w' einling jit fersinke, En teare yn 'e djippe see: Wol dan mei triennen om my tinke; Ferjit my net. e.h. Vorige Volgende