Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan in berntsje yn de oare wrâld Byld fan myn hûs en myn herte! Bern fan myn siel en myn sinnen! Wêzen fol leafde en fol nocht! Neame, o! doar ik dy nimmer, Mar binnen hjir yn it herte Dêr stiet dyn namme beskreaun. Lakest my freonlikjes oan Mei glûpige freegjende eagen Gods ingel lake my ta. Sietste my jûns op 'e skurte En streak'ne dyn hantsjes myn wangen, Oer wie de soarch fan de dei. [pagina 133] [p. 133] Leiste jûns ier sa te sliepen Mei onskulds waas oer dyn troanje, Roazen bloeiden sa net. Tuske de sliep en it weitsen Tyspele jit foar myn sinnen Inerlik, berntsje, dyn byld. Tusken it ljochten en tsjuster Wekken dyn flaaiende lûdsjes Leaflikjes my út de sliep. Triennen ferrinne en ferdroegje, Mar wûnen yn memmeherten Helet de ivichheid mar. Tiden en minsken fergeane, Mar libjend' stiet foar myn siele Ivich en ivich dyn byld. e.h. Vorige Volgende