* In gek hie it wakkere drok mei in ezel, dy't er it a-bie leare woe. In wiis man seach it, en sei tsjin him: ‘Dat is ferkeard, boai! In beest kin fan dy nin sprekken leare, mar lear do swijen fan it beest.’
* Trou him net, dy gappet fan honger, en syn gebed by God ferjit, as hy iten kriget. Dy syn plicht net telt njonken God, dy boppe him is, fynt 'er nin bien yn om syn evenminske te misdwaan, dy gelyk mei him stiet.
* Hâld it kwea en fertriet fan oaren foar dysels. O nachtegaal! bring do de tynge fan it leave foarjier, en lit de ûl' it ongelok fertelle.
* Ik seach in ryk mans soan by it grêf fan syn heit twistjen mei in earm mans soan. ‘Sjoch,’ sei er oan de earme, ‘wat rêst ús heit dêr onder in moaie grutte grêfstien, en dyn heit, fij man! dy leit dêr onder wat skovele klinkerts, dêr in mannich teisterkes trochwaachse.’ ‘Wier is it,’ anderde de earme feint, ‘lykas je sizze. Mar foar't jins heit him onder dy swiere stien weiwrot, is mines al lang opwjokkele en yn 'e himel flein. Neat fitere him oan in ierdryk, dat him twong om ivich te bodzjen, en earmoede ta lean joech. En dy yn hege steat libje, wat sil it har soer falle yn oerfloed en eare fan sa'n hearlike wrâld te skieden. De slaaf, dy syn boeien ôfskoddet, is lokkiger as de prins, dy se finzen nimme.’
* In hillich minske drôge earen, en seach in keuning yn 'e himel, en in wysgear yn 'e hel. ‘Hoe is dat komd,’ rôp er gysten, ‘dat dy sa ferhege, en dy sa ferstaat is? Dat moast oarsom wêze!’ Doe kaam dizze stimme út 'e wolken: ‘De keuning krige de himel, omdat hy de deugdsumen heech sette, en de wysgear sonk yn de hel, om't er him mei de lju fan de keuning ôfjoech.’
* O keuningen, harkje nei myn rie! Dêr is nin moaier, nin wizer yn al jimme brieven as dizze: ‘De wizen binne de pronk fan it keuninkryk, en de deugdsume de rom fan de godstsjinst. De keuningen hawwe it selskip fan de wizen mear nedich, as de wizen it selskip fan de keuningen.’
* In ongelokkich heit hie in deugdsum soan, dy't ier stoar. De stienhouwer frege him: ‘Wat skriftuerpleats moat ik op syn grêfstien bikje?’ Doe spriek de heit: ‘It wurd fan God is te hillich om 't op stiennen te bikjen, dêr waar en wyn it útfaget, dêr minskefuotten 'erop traapje, en dêr de hûnen it besmoargje. Wolste lykwol wat hawwe, bikje 'er dizze wurden op: 'Ik spriek: ‘Och! hoe swiet, hoe streeljend wie myn hert it blide grien fan dyn libben, dat no yn de tún fersoarre leit!’ - De deade andert: ‘Heit! ha geduld ta 't foarjier, as de roas wer út it môg'le stof opsjit, en op myn boarst stiet te pronkjen.’
j.h.h.