Hidde en Almansa
Ballade 1217
Hidde wie nei Liss'bon tein
Goud of sulver woe er net,
Bea er yn elts moarngebed!
Mei it krús op helm en skild
Fleach er oer de muorren.
Mannich Moar foel yn syn swurd,
Onder 't fjuchten, skuorren.
't Kristenfolk wûn 't ta beslút,
En de Moarman moast 'erút.
Ear en bût, oerwinners lean,
O! de Moar dy hâlde neat.
Lân en jild en hege steat
Moast hy jaan yn slavernij.
Hidde krige 'er ien fan mei,
| |
Tsjep, en edel fan geslacht,
Klaaid yn keuninklike pracht
Woe s' in prins net wike.
Hidde brûkte har foar faam,
En hja tsjinne 'im as in laam.
Mar ús Sillichmeitsjers wet
‘Frijheid,’ rôp de keuning út,
Kristenen, foar minskebût!
Dêrmei elts syn faam weidreau,
Mar allinne Hiddes bleau.
‘Moaie ridder,’ sei de faam,
Fier fan âlders, tichtby jy,
Lichemsfrijheid helpt my net:
Finzen giet mei jo myn hert.’
Hoe, Almansa! Is 't dy earnst?
Dat moai flaaien stean ik net.
Njirren krôlje ier en let
Gean nei heit-en-memmes ta,
My, leas famke, silst net ha.
‘God, stjoer' al dat kwea oer my
Swiete fijân! doe myn each
Friezen yn dit Liss'bon seach,
Wie 'k in lokkich minske.
Mei ús pleats hien' j' ek myn hert;
Fier dan mei wat jo taheart.’
Jonge blom, kom, skriem net mear.
Frijers kinst nôch krije.
Eltse Spanjert flamm't op dy,
Sjongt de swietste melodij
Friezen binne stymsk en stil,
Spanjerts bûge nei dyn wil.
‘Spanjert is jaloersk en falsk;
Dêr mei 'k net fan hearre.
Jou my oan in Spanjert net;
Lokkich sit dat wiif 'erta,
Dy sa'n dapp're Fries mei ha.’
Skande, skande oer de man
Nee, sa'n frouljudieverij
Stiet de frije Fries net frij.
‘'n Faam,’ sei hja, ‘sill' jo net stelle.
Ik klaai my yn manljuklean,
En as feint sil 'k mei jo gean.’
Goud en sulver haw ik net;
Mei in hearefeint te fjild,
Faam, te reizgjen kostet jild.
Dêr kin 'k net foar riede.
Moed en stiel is al de skat
Dy't ik ha fan 't nidich lot.
‘Nomm'le kaptein, dat is neat;
Fier in hege banjersteat,
En al binn' jy earm en bleat,
Ha 'k bedobbe dêr yn 't fjild.’
Faam! De stoere reis op see
Stoarm en klip en tongerfleach
Tape triennen út dyn each.
‘Lit de see,’ sei hja, ‘mar beare.
Yn de dea mei jo is 't swiet,
Bûten jo is 't al fertriet.’
't Hege wurd sit tsjin myn kiel.
Moaie! ik moat it sprekke.
In leaf breid yn 't Fryske lân
Het al lang myn hert en hân.
Soe 'k myn trou dan brekke?
Spanjes goud en 't Moarske swurd
Troaie my net fan myn wurd.
‘O, hoe sillich is de faam,
Dy't sa'n freon mei krije!
God joech har syn heechste sein'.
Hjir nimt myn getrún in ein,
Och, ferjou myn kwea oansiik!
Leafde wie 't, dy't yn my spriek.’
‘Sis fan my jins breid goendei;
| |
Dit swier keatting fan fyn goud,
Dêr ús mem noch is yn troud,
Lit se sierje jins swiet hert:
My ferlitt'ne stean se net.’
‘Ik swar leafde en maniju ôf.
Yn in kleaster slûp ik wei,
En ik slyt myn libbensdei
Leau dat ien ynfieren bea
Dêryn duorret ta myn dea;’
‘Bea, o ridder, foar jo min,
Foar jins breid en ljuwe.
Swij har, wat Almansa die!
Swij har ivich 't onbeskie,
Hidde spriek (syn moed waard fol):
‘O do - eed'le faam! - farwol.’
j.h.h.
Dit rymke lei onder in restje skroarsmjitten. Dêr wiene in hele boel snipperkes by, dêr Gabe watte op kwattele hie; mar ik kin 't allegearre net lêze, sa droevige fyn is 't skreaun. Wêr't er dat allegearre weiskrabe het, wit ik net. Hjir is 'er in bytsje fan; foldocht it wat, dêr binne noch wol twahondert sokke flardkes.
|
|