It holograaf
Dêr het in boer yn Dútslân west,
Dy hie sa'n skoander hûn;
In biter (út it echte nêst;
Dy hâlde allinne by de nacht
Oer hûs en hiem en alles wacht.
In ychel wie 't; it wie in aas;
Nin minske stie him as syn baas.
Besprekke koe him ek net ien,
Nin skoaier, nin soldaat,
Of wa't mar fan dat wurk ferstoe,
Nin buorman liet er op it erf.
Hy tinge dalik nei de nerf,
Krekt as 't in frjemde wie.
Nin frjemde pijde 'im iten ta,
Frâns tocht: ‘Ik wol 'er dochs net oan.’
Ferrifelje koe men him net,
En fluitsjen, flaaien holp ek net,
Dy nei him ta doarst gean
Dy snaude er yn de klean.
Op iener's wurdt de hûn sa stil,
Hy sjocht sa slûch, sa sleau.
No tocht de boer al om de pil,
En sei: ‘Dat divels reau!’
Dy jout him oalje yn mei tsjiis,
Driakel, skrabe bokkehoarn -
It holp net! Frâns dy moast 'er oan.
‘Dat griist my om myn bêste Frâns!’
‘As ik no mar syn moardners fûn!
De strûper sil him dochs net ha.
In earlik tsjerkhôf komt him ta.
Nin dief kaam hjir myn hiem tenei.
| |
Pastoar beskrobbet boer Michel. - Stiennen klokkestoel
En om't syn Frâns sa'n bêsten wie,
Hy draacht him nachts nei 't tsjerkhôf ta:
't Bedobjen foel him hurd.
‘Och!’ tocht er, ‘'t is de neare nacht;
Nin minske hâldt hjir dochs de wacht.
En merkte it ek tenei al ien,
Dat grêf wurdt gau wer grien.’
Sa tocht de boer, mar 't wie wol mis;
De opdracht, ja, dy wie goe'keap,
Mar 't leed dat koste jild.
Want praat de boer wat plomp en krom,
En liket by de stêdlju dom,
Hy is yn 't sparjen oars nin bloed;
Hy stiet syn man dan goed.
De skoalmonarch giet ier oer 't hôf,
En sjocht al fluch dat stik.
‘Wat?’ seit er, ‘iere moarn in grêf?
Nee, hjir is modder oan de kloet.
Lit ik dit sitte ond'r 'e hoed,
En rop ik hjir pastoar net by,
No rint er nei de pastorij,
‘Ja,’ tocht er, ‘master, skilje mar!’
Doe rôp pastoar fan boppen del:
‘Hoe liedt dy skoallebok sa fel?
Men het hjir noait nin rêst.’
‘Net kibje, bêste hear en freon!
Ik bingelje sa by pastoar
Foar sânen oars net licht.
Gau oan de mantel en de bef!
Dêr by de muorre is in grêf:
| |
Pastoar smyt gau syn mantel om,
En sjaggelt op it eagenblik
‘No,’ seit er, ‘freon, it ding is sa;
Lou deadegraver moatt' we ha.
Hjir, master, sit wat yn;
Dêr komt Lou loddeman al oan.
‘Kom, meits dat grêf ris op!’
‘Bêst, hear! Wacht mar in eagenblik,
Hy dolt en wrot, en ta beslút
Hy lûkt 'er Frâns by 't sturtein út.
Dat spultsje wie ferkeard.
Pastoar dy ropt út hals en kiel:
‘'t Is slimmer as in moard.
God jou, dat sokken ketter wurdt
Sis my, wa soe de skuld hjir ha?’
‘'t Is Frâns! Dy hearde oan Michel ta.’
‘Kom, helje 'im mei in rin.
No, dêr kaam Michelboer al oan:
Pastoar dy gûlt fan fierren al:
‘O Michel, dat stiet skean.
Sis my, hoe komt dy hûn yn 't gat?
Want, Michel, w'rachtich! witste wat?
Bring ik 't net dalik oan,
‘Sêft, sêft, mynhear! Ei, wachtsje wat!
Dat ding het, tink ik, tiid.
It wie in kristen-hûn, mynhear!
‘In hûn, ek as er alles het,
Dy heart yn wijde ierde net.
Michiel! dyn straf wurdt swier.’
‘Wat straf? Dy hûn het jo, mynhear,
Ek yn syn testamint betocht.
Wel, woll' je jitte mear?
Want fiifentweintich gûne, maat,
Is fan in hûn in gnap legaat.
Foar Lou en master elkmes tsien.
Wie dat net kristlik dien?’
‘In hûn, dy testaminte het?
Dat liicht Michiel!’ sei Lou.
‘Wel, man, 't is nei de nije wet,
En seiste dat 'k it flou?
Nin prester of nin dominy
Skreau dêr in ink'le letter by.
Wie dat foar Frâns net braaf?’
‘No, om't dy hûn sa kristlik wie,
Sa stopje him mar yn it grêf,
It is oars ivich string ferbean,
Mar no moat dat sa gean.’
Troch 't testamint bleau Frâns te hôf:
Nei de Neurenberger rimer Grübel
e.h.
|
|