De Fryske hurdsiler
Dêrnei stiet myn Fryske sin.
Wetter, wetter is myn libben,
Hinget siel en libben oer.
't Libbet, popert my troch de ieren
As ik oer de weagen stjoer.
As de wylde fûgels djoeie,
't Reidmosk tsjottert leaf fan toan,
De eintsjes troch de weagen roeie
As it djier yn griene weiden,
Dan oer Fryske markes driuwe
Makket hert en sinnen bliid.
Yn de kâlde hjerstmismoarnen,
Wolkom, stoere noardewyn!
Moantsje mei dyn sulv'ren hoarnen,
Wolkom mei dyn gleone skyn!
Sûzje my troch mêst en linen,
Ljocht my op de tsjust're poel!
Noarman hurdet ier en sinen,
't Moanljocht wiist my paad en doel.
Yn de kâlde hjerstmismoarnen,
As 't noardwesten giert en bromt,
As de heil it wetter giselt,
Dobb'rje ik iensum op de romt',
Diggelfjoer sit oan de toppen,
Swarte loften hingje 'eroer,
Touwers fluitsje troch de stroppen,
Eangstich skuorje ik oan it roer.
't Skipke kreaket, hellet, sûcht;
Hingje, slepe, dweile, sjouwe,
Dat is 't libben dat my noecht.
De hurdsiler
| |
Noflik is 't dan thús te kommen,
Om de ljochte gleone klûs
Fan it diggelfjoer ferhelje,
Fan it wylde weachgebrûs.
As de berntsjes freegje en harkje
Wat har heit het onderfûn,
Moast 'k sa'n dei mei noed trochfarkje,
Trij'ris noflik is de jûn.
Friezen binne wetterliuwen;
Het it wetter wille en noed,
'k Wol in wetterpolsker bliuwe;
'k Bin fan 't âlde Fryske bloed.
Sa, Tsjerk Hiddes, grutte lieder
Fan de frije Fryske fleat,
Wie dyn libben, waard dyn stjerren
Silen, swabjen wie dyn libben.
Hiest net oer de weagen bromd,
En de Ingelsman betong're,
Wa hie dan dyn namme romd?
Ja, De Vries, dyn Fryske namme
Is net op de weagen stoarn:
Nee, by libbet oer de seeën
Ivich, Fryske wettersoan!
Dêrnei stiet myn Fryske sin;
e.h.
|
|