Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De Fryske tsjirlen Wiene de âlde Friezen frij, Fryske soannen binne wy. De âlde moed is net ferrûn: O, wy stjerre foar ús grûn! Stoarm en wetter haww' wy hân Oer ús leave Fryske lân; 't Folk, dat foar nin weagen swicht, Fait it oarlochsswurd ek licht. Jane wy dan ek nin keap Foar in wylde stropersheap! Frijdom, koft troch eigen moed, Is ús mear as guod en bloed. 't Gleone skerpe krigersswurd Lûke wy foar hûs en hurd, En wy binne eang of bang, As foar frjemde keunings twang. Brûz' no 't âlde Fryske bloed! Kom wer, frije Fryske moed! Frijdom, frijdom is ús noft As de fûgels yn de loft. De âlde Friezen wiene frij; Foar de frijdom fjochte wy, En in echte frije Fries, Het fan frjemde twang in griis. e.h. Vorige Volgende