Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 93]
| |
Oan de swanneblommenGa naar voetnoot1Op 'e Pikmar by Grou
Lang fergetten swanneblommen,
Driuwers op 'e stille mar;
'k Freegje wurden fan de stommen,
Alde Fryske wapenblommen!
Tinkt 'er immen jitte oan?
Mei har griene sterke spjirren
Komme se út it wetter op,
Ivich bluist'rich alle jierren,
Prykje en loaitsje hja fan fierren,
Tsjin it gleone deiljocht op.
Fyn besneine syd'ne lapen
Dobberje op it wetter om;
't Binn' har griene gledde kapen,
Dy op 't âlde Fryske wapen
Sprieken: ‘Sa driuwt Fryslân om!’
Winters binne hja fergetten,
En hja rêste yn de grûn;
Onder iis en snie besletten,
Yn de puollen, yn de petten,
Sliepe hja de winter rûn.
Wa sil har wer libben meitsje?
Wa docht har de eagen op?
Ut har deasliep har opweitsje,
Dat se boppe wetter reitsje,
Freonlik gluorjend út har knop?
Lykas d' âlde Fryske lânen
Faak ferswolge troch de see,
Mar troch krêft'ge Fryske hannen
Wer ferlost fan twang en bannen
En ophelle út de see;
Komt de hân, dy 't al bestjoeret,
Lûket jimme út de grûn,
As de maitydssinne gloeret,
't Dôve libben wer oanfjoeret,
Krûpe jimme út de grûn.
Yn in weake grûn fertize,
Sitt' se yn har stamme fêst;
Freonlik sill' s' har troanje wize,
Freonlik laitsjend wer oprize,
Ut dat kâlde wetternêst.
Blier sjen se oer it wetter hinne,
En hja rypje ta in knop,
Stoov' har berntsjes oan de sinne,
Geane hjerstmis dan wer hinne,
En ferdriuwe as kaf en hop.
Sa ek, Fryske wetterfammen,
Gongen de âlde Friezen oer,
Binn' fergetten de âlde nammen,
Binn' ferdylge de âlde stammen,
En útwjûd mei ierd' en oer.
| |
[pagina 94]
| |
Binne 'er no ek krêft'ge tûken,
Utrûn út dat âlde haad,
Dy fan bûgen witte of bûken,
Mei gjin twingen of gjin lûken
Binn' te troaien fan har paad?
Fryske blommen, wetterfammen,
Pronkers op de stille mar,
Tsjûgen fan dy âlde stammen,
Fryske blommen, wetterfammen,
Sis my, lykje wy oan har?
e.h. |
|