Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 90]
| |
It maarteblomkeGa naar voetnoot1Kom, myn leave foarjiersberntsje,
Mei dyn wite poanne op:
Krûpsto ek wer út dyn herntsje?
Wolkom, wolkom, griene pop!
Koeste troch 'e snie jit boarste,
Lytse leave poanneman?
Koeste troch 'e hurde koarste
Poarje, lytse maarteman?
Wieste dêr net trochferklomme,
Yn dy izerhurde grûn?
Koeste troch 'e winter komme?
Wiest de hiele winter sûn?
Hieste 't dêr net kâld, myn koeze,
Hest dêr ek nin selskip fûn?
Heste dêr allinne klûze
Yn dy djipbeferzen grûn?
Wolkom, trij'ris wolkom, soantsje
Fan 'e skrouske wintertiid!
Wis, do bliuwste hjir in toarntsje,
En do makkest ús ris bliid.
Mar myn leave griene boade
Fan dy romme griene tiid,
Fij! it rûge en kâlde noarden
Gûlt en bilet wiid en siid,
Spijt jit heil út swarte loften,
Reint en touwert wyld en kâld,
Oft 'er tûzen tongers ploften
Op 'e keale kâlde wrâld;
Pipet jit troch mêst en tuorren,
Faget tek en beammen wei;
Skoddet jit mei hûs en skuorren,
Bliest de wylde weagen wei.
No, do biste 'er no, myn koeze,
Mei dyn wite poanne op,
Simmerloften sill' hjir rûze,
Bliuw hjir mar, myn leave pop.
Och, do kinste hjir net bliuwe,
Dat leit net yn dyn natoer;
Mennich oeren silste kliuwe,
En dan is dyn libben oer.
Hast litsto dyn holtsje sinke,
En dan giest wer nei de grûn;
Nimmen sil om dy mear tinke,
As dy 't libben dy het jûn.
Dy sil dy yn 't libben roppe,
Grien en prûzich lykas hjoed,
En do komste wer hjirboppe,
Leaf fergetten maartekrûd!
e.h. |
|