Net allehelendal as master Spin, en ek net allehelendal as mynhear Mich. Earst moatst de ljuwe fiks yn 'e toet sjen, as de iene, en dan sjochste bedaard foardel en nei dysels, as de oare. Earst praatste lûd mei de ljuwe, as mynhear Mich, en dan yn 't geheim mei dysels, as master Spin. - Sjochste Jarich, sa ha ik dien, dat is it geheim.
Op in oare kear kaam in jong keapmantsje by him, mynhear Skrepper hjitte er, dy illindich oer syn ongelok simpere.
Ei, kom, keardeltsje! sei master Ale, do moatst' it lok mar siikje; do moatst 'er mar op rinne.
Skrepper. Wel, ik rin 'er lang op, man, mar wat kin it helpe? 't Is of de divel 'ermei spilet. Ik sil tenei de hannen oer eltsoar lizze, en bliuwe by honk.
Mr. Ale. Foaral net! Foaral en beliven net, mynhear Skrepper! Net opjaan! jimmerwei moat je 'erop gean; mar tige by tige 'erom tinke, hoe je it gesicht drage.
Skrepper. Hoe? watte? hoe 'k it gesicht draach?
Mr. Ale. Ja, ja, ik sil 't je better betsjutte. - Doe myn buormans hûs boud waard, doe lei de hiele strjitte fol spjirren, balken, stien en kalkbakken. Dêr kaam ús boargemaster Kriek, dy doe jit in pypjong en blastich froedsmantsje wie. Dy rûn mei de earmen fier fan eltsoar, mei de holle yn 'e nekke en de noas steil nei de wolken ta, en de Brol op. Pomp! dêr lei er hals oer kop, en briek syn lofter skonk, dêr er jitte krepel oan giet. - Wat wol ik dêr no mei sizze, mynhear Skrepper?
Skrepper. Och! it âlde leksum, dat me' de noas net al te heech hâlde moat.
Mr. Ale. Ja, sjoch je wol? en dochs ek net al te leech. Want in toarntsje dêrnei kaam 'er wer in oar foarbygean, dat wie mynhear Bombom, de stedsrymler. Dizze man moast jimmerwei ien fan beiden yn 'e kop hawwe, soargen of gedichten. Dy slûpte sa glûpsk en ferslein foarby, en seach stiif nei de grûn, oft er 'eryn delsinke soe. Krak! der briek in tou; as de blits foel 'er him in stegerbalke foar 'e noas del. De stumper foel fan kjelte yn 'e swime, en moast fjouwer wiken siik op bêd lizze. - Begryp je no wol wat ik mien, mynhear Skrepper, hoe me' it gesicht drage mei?
Skrepper. Je miene yn 'e mids, net?
Mr. Ale. Ja, just, dat me' net te dryst yn 'e wolken, en net te bang nei de grûn sjen moat. As me' de eagen bedaard nei de beide siden weidzje lit, koartom as me' om jin hinne sjocht, dan komt me' jit al troch 'e wrâld, en it ongelok sit meast yn 'e holle fan 'e ljuwe sels.
Op in oar tiid kaam 'er in jong kowekeaper by him, Pjitter Ploffer hjitt' er; dy woe in bytsje jild ha foar in lytse negoasje, dy er yn 'e holle hie. ‘Ik wyt wol,’ sei er, ‘folle sil der net útkomme; mar it rint my no dochs yn 'e bek, en ik kin 't safts meinimme.’ Dit praat stoe master Ale net oan. - Hoefolle soest dan wol hawwe moatte, Pjitter?
Ploffer. Och! net folle, in fotsen hondert gûne sawat.
Mr. Ale. O! as 't net mear is, dy kinst krije; heel wol, man! En dan silste sjen, dat 'k 't goed mei dy mien; want ik sil der dy jitte watt' op tajaan, dat onder goefreonen wol tûzen gûne wurdich is.
Ploffer. Mar hoe no, master! dêr jit op ta?
Mr. Ale. O! 't nimt my net ôf; 't is mar in ferteltsje. - Doe 'k jong wie, hie 'k hjir in buorman, in wynkeaper, mynhear Gleon, in nuver mantsje; dy him in seldsum praat oanwende, mar dat brocht him ta de poarte út.
Ploffer. Ei? en wat foar praat wie dat?