Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 87] [p. 87] Nacht Stjerren blinke, wyntsjes swije, En natoer leit yn 'e slom. 't Is de stille nacht fan 't frijen; Kom, myn leave famke, kom! Lit ús hân oan hân hjir sitte, Foar nin loerjende eagen bang; Lit ús wrâlds fertriet ferjitte. Leafde wit hjir fan nin twang. 'Jippe stilte is om ús hinne, En it fjild leit yn de dau; 'k Hear it flústerjen allinne, ‘Ivich, ivich, leafde en trou!’ Ingels yn dit hillich tsjuster Flodderwjokje om ús ta; Sizze fan ús lok ferwondere: ‘Wêr is 't yn de himel sa?’ j.h.h. Vorige Volgende