Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 86] [p. 86] Sibbel fan De Ryp Sibbel fan De Ryp stiet op 't skerp; Sil ride. Wol ris nei Harns op redens ta; Lit glide! Allinne ride, En noait net glide Mei frjemd folk wol hja, Traldra. Is Sibbel nin tsjep faam? seit sy; Wa bliuwt 'er in tsjep faam mei my? Dêr tsjen de keaplju op har ta Mei heakken. ‘Moai famke,’ sizze sy, ‘ryd net Yn wjekken.’ Mar hja oan 't rekken Docht lange skekken. Neat te keap! seit hja, Traldra. Myn waren binne te 'joer foar jy; Siik yn 'e stêd jins kreammerij. 't Studintsje wonk te Frjentsjer my, Woe patsje. Lei sêftkes om myn hals syn hân, Sei: ‘Skatsje!’ Meist my net patsje, Al seiste, skatsje. Feint, studearje do! Traldra. Mar Sibbel het nin boekje foar dy: De flinkste faam yn 't gea is sy! Is Sibbel fan De Ryp nin tas? Lit saaie! Mei my lei mannich hearke op, Woe aaie. Meist my wol flaaie, Mar 't kin net aaie. Hearke, hannen thús! Traldra. Sibbel is in flink kant faam, seit hja: Wol hearehân net oan har ha. Hâldt Sibbel fan De Ryp nin streek Yn 't riden? O! ja, as sy mei har leaf feint Mei glide. Dan kin 'k wol ride, En lit my glide Yn syn earmen. Traldra. Bin 'k net in rappe faam op it iis? Mar wa wol ride mei in biis. Is Sibbel net foar har leaf feint Allinne? Hy is in boer, en ik wurd syn Boerinne. Ik wol him minne, En lit se rinne Dy my sa aaikje. Traldra. Bin 'k net in echte faam fan 't lân? In boer jou ik myn hert ta pân. j.h.h Sibbel fan De Ryp Vorige Volgende