Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Fryslân Alle minsken binn' myn bruorren, En de hiele wrâld myn thús; Mar it bloed yn Fryske ieren Krûpt nei Fries en Fryslân ta, Krûpt nei Fries en Fryslân ta. Brabân, ha! dyn snipp're famkes En dyn bierkes hien' myn hert. Skoander lân asto bloeit nearne, Mar ús Fryslân biste net; 't Trouwe Fryslân biste net! Hearlik Hollân! mei dyn stêden, Moaie grêften, jild en rie: Wêr soe 'k earne leaver wenje, As 'er mar nin Fryslân wie, As 'er mar nin Fryslân wie. Gelderlân! hjir op dyn bergen Sjen 'k Gods moaie wrâld yn 't rûn. O gesichten! Hoe ferruklik Is 't dêrjinsen op 'e grûn, Is 't dêrjinsen op 'e grûn! Fryske hert! kinst hjir noch grine? Hert, myn hert, hoe stunest sa? Ik bin fan 't platte lân onwennich; Och! ik moat nei Fryslân ta; Och! ik moat nei Fryslân ta. Ja, ik sjen dy flakke weiden; Karren stowe oer 'e wei; Feint en faam nei merke jeie; Flodders fleane efternei, Flodders fleane efternei. Fryslân! Fryslân! de lânsdouwe Dêr ús mem my widze het; Dêr ik boarte mei de famkes; O! dat lân ferjit ik net; O! dat lân ferjit ik net. Fryslân! Fryslân! dy ferjitte Sil ik yn it tsjust're grêf, En dyn heldenrom útmjitte Salang as ik sykje kin, Salang as ik sykje kin. j.h.h. Vorige Volgende