Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De âlde Friezen Frysk bloed, tsjoch op! Wol no ris brûze en siede, En bûnzje troch myn ieren om. Flean op! Ik sjong it bêste lân fann' ierde; It Fryske lân fol ear en rom. Klink dan, en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn. Ompolske fan it hege sâke wetter, Fertroppe op in terp of stins, Hien' d' âlde Friezen yn de wrâld net better. Har lân en frijdom wie har winsk. Klink dan, en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn. Frjemd fan it jok fan frjemde hearen, Faak earm, mar dochs sterk en frij, Stoe de âlde Fries stânfêst by syn manearen. Hy wie in Fries, in Fries stoar hy. Klink dan, en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn. Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden Mei 't gleone swurd yn d' iiz'ren hân, Wie wille yn dy fromme tiden, Wie 't foar de frijdom fan har lân. Klink dan, en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn. [pagina 85] [p. 85] Fan bûgjen frjemd, en fij fan leave wurden, Wie rjocht en sljocht har hert en sin. Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden Stoen' s' alle twang en oerlêst jin. Klink dan, en daverje fier yn it rûn. Dyn âlde eare, o Fryske grûn. Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen, Oerâlde leave Fryske grûn, Waard noait dy taaie bân ferbrutsen, Dy Friezen oan har lân ferbûn. Klink dan, en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn. Trochloftich folk fan dizze âlde namme, Wês jimmer op dy âlders grut. Bliuw ivich fan dy grize hege stamme In grien, in krêftich duorjend leat. Klink dan, en daverje fier yn it rûn Dyn âlde eare, o Fryske grûn. e.h. Vorige Volgende