Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Blomke op it grêf fan Petrus Passyfloara, do leave blomme, O! byld fan krús en lêst, Dy wol ik op de dobbe plantsje, Dêr no ús Petrus rêst. Us Petrus, de eare fan syn stamme, Sa edel, from en trou, Ferliet syn freonen hjir op ierde Yn triennen en yn rou. Geleardheid mocht dyn holle siere Mei earekrâns en lof, Dyn eed'le deugden wiene, Petrus, Mear as dat tsĵef en stof. Fersierd mei inerlike deugden, Mei 'n hert, sa Frysk, sa rûn, Naam him 'n Demon yn syn kloeren En trape him te grûn; [pagina 82] [p. 82] Betsjustere syn kleare holle, Benaam him frede en rêst, En skuorde him mei eameklauwen Yn syn ferskriklik nêst. Wa kin de tûzend jammers neame En 't hert-ferwringend leed? Nin swurden fan de wrâldstirannen, Nin folter wie sa wreed. O! 'k sjen him jit sa djip fersonken Yn mimering sonder ein, Ferskromfele ta sine en bonken, Fertoarre en ferslein. En doe de dea syn bânen loste, Doe tanke ik God út hertengrûn. De triennen fan ús freoneherten Binn' no fersige en ferrûn. Mar ivich sil myn siele eare Dyn eed'le neigedachtenis, Foar dy dit blomke bloeie litte, As ik ek yn de ierde lis. Hoe steatlik sprekt mei hurde wurden Syn eed'le neigedachtenis, Dat bliere jeugd en wrâldske hope Mar inkel stof en spinreach is! Wie him troch tûzend martelingen In tsjuster Golgotha dizz' wrâld, Wol God syn earme siele treaste, En nimme him yn syn behâld! Passyfloara, do leave blomme, Sa hearlik oan te sjen, Do ropste ús ta yn earnst'ge tale: ‘Bist ek sa'n minskebern!’ Passyfloara, do leave blomme, O! byld fan krús en lêst; Bliuw yn gedacht'nis fan syn lijen; Us goede Petrus rêst. Emden, 27 decembris 1855 doctor e. halberstma Vorige Volgende