Rimen en teltsjes(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De lêste freon Wat bisto, libjen? Tsjin 't lot te stribjen Yn noed en yn hoopjende weane: Lange riten fan rou, En nochten, dy as dau By de moarntiid yn wolk ferfleane. En wat bisto, dea, Foar waams skepter fan lead De slaaf en de keningen trilje? De lêste, bêste freon, Dy ús oer is bleaun, Om ús soargen yn 't grêf te stiljen. [pagina 79] [p. 79] As 't alles is weiflêd, Spriedsto ús noch in bêd, lDêr w' as roazen op sliepe yn freden: Alle hertwûnen helest ús, En de eagen besegelst ús Ferskriemd en ferwekke yn neden. j.h.h. Vorige Volgende