Rimen en teltsjes
(1994)–Eeltsje H. Halbertsma, Joost Hiddes Halbertsma, Tjalling Hiddes Halbertsma– Auteursrechtelijk beschermdDe harkers op it Boalserter NutDe ljuwe, dy it Boalserter Nut lêzen hiene, hawwe my wolris moanne, om har te sizzen, wa dochs de oanhelle harkers wiene, dy Gabe dêr mette. Hoewol it no neat om 'e hakken het, of hja dat wite as net, sa sjen ik 'er dochs nin swierrichheid yn, om nijsgjirrige minsken 'n plezierke te dwaan, en dat te earder, omdat fan 't karakter en dwaan fan myn oanhelle freonen neat as inkel goed te sizzen falt. Op de gearkomste fan it Boalserter Nut seach men klear as de dei, dat de âlde repulikeinske gelykheid dêr noch lang net útstoarn wie. Ald en jong, heech en leech, riken en boargers, ryp en grien, siet hjir onder en troch eltsoar. De hear siet nêst syn tunier, mefrou nêst koopmanske har buorwiif, de dominy nêst syn koster, en de âldfaam nêst de juffers yn de dagen der optochte. Dy him hjir op syn steat, syn jild of syn amt watte | |
[pagina 57]
| |
foarstean litte woe, soe fan al de oaren útlake wêze. Mei ien wurd, men seagen dúdlik, dat de Boalserters noch net alleheel útskaaid wiene fan dy grutte kop, dy foar de fierste neikommelingen songen hat onder de spreuk: Sljucht en rjucht as dy fan Boalsert. De measte fan jimme sille wol rekkenje, dat it allegearre gelearde of foarname ljuwe west binne, dy it moarmeren kopstik foar Gysbert-omme yn 'e Sint-Mertenstsjerke oprjuchte hawwe. Och, nee, minsken! dat wiene meast dea-ienfâldige Boalserter boargers, mar dy it hert dochs sa heech tilden, dat it kopstik út Boalserter jild komme moast of hja woenen fan nin monumint wite. Want it hiele lân troch mei dy biddelkoer te tôgjen om in moarmeren byld foar har Gysbert te krijen, lykas oare folle rikere stêden foar har helden, keunstners of gelearden dienen, dat wie dy ienfâldige Boalserters fierste skamsum en te min. Iennige heechachters fan Gysbert kamen ris by eltsoar, praten oer it monumint, en yn 'n amerij wie it jild klear. Hja tochten en seinen as de âlde Friezen: ‘It is mei sizzen net te dwaan.’ Ik ha 'n mannich fan dat skaai yn de gearkomste fan it Nut oanhelle, en dêr wol ik no watte fan sizze, om 'er jimme 'n lyts begrypke fan te jaan. Dy flinke jongkeardel dan, dy Gabe dêr seach, wie de nommele ****, dy noch jongfeint as man fan ear tsjinne hie, en letter yn oare betrekkingen sa niver as nuttich wie. Opgeromd fan sin wie er spraaksum en koartswilich, en hoewol fan treftich folk, yn de omgong wakkere gemien mei heech en leech beide. Hy brocht yn sa'n stille lânstêd rju libben en beskave nocht troch syn omgong. Fan it lytse konsert wie hy de siel en it libben; want hy dwepe mei muzyk. Ek het Gysbert foar syn moarmeren kopstik in bulte te tankjen oan de hjitte iver en foarspraak fan dizze myn stalke. Hy wie altiten drok, mar noait net drokker as om ferlegene minsken mei ried en died út 'e need te helpjen. Dy minskefreon wie troud oan 'n edele dochter fan de hear en mefrou ****, dêr hja de prealkroane en de heechste skat op ierde fan wie. Hja wie yn myn eagen de type en it toanbyld fan 'n echt Frysk bestek fan 'n frou. Fiks út 'e kluten sketten, flink fan liif en lea, blank as 'n leelje, kaam jin út har laitsjende blauwe eagen en heel har tsjeppe en bliere troanje de kleare gollens temjitte. Alles oprjuchtens, alles freonskip, alles suvere natuer! En dy sierlike blom, dêr ús Leaven hear neat oan fergetten hie, moast ier, fan 'n deadlike wjirm stutsen, ferkwine en stjerre; op it bêst fan har libben, de lust en leafde fan eltsenien dy har kende, gesegend mei skatten en oansjen, skuorde de dea har onder kritende benaudheden út de earmen fan har ferplettere man en âlders, ja, fan har leave bern, dêr se sa minlike jern by bleaun hie. Nee, dat stjerren ferjit ik net as yn myn eigen grêf. Fierder dy âlde froedsman mei syn smelle troanje wie myn brave buorman; 'n hiel gnappe baas en 'n wize fâd 'erby. Ferstannich, matich en oprjucht yn al syn dwaan en litten, wie hy 'n man mei 'n gesûne kop, en dêrby 'n fine opmerker, dy my de opkomste en fuortgong fan it patriottisme, dêr ik sels as jonge de lêste toanielen fan bywenne, op 'n hier útlein het. Hy hie 'er sels mei yn west en koe him net begripe, hoe men sokke brike flinken as earnst mei behertige hie. As men doe, tinkt my, oer folle pleatsen 'n net spand hie, wiene it krekt safolle gekkehuzen west. Ik woe se wizer hân hawwe, froedsman! sei ik ha jo ek mei boarte? ‘Wel ja,’ sei froedsman, ‘wa boarte doe net mei? De wiiste, de wolmienendste, de bêste en stadichste ljuwe diene lustich mei, kin ik je sizze. It wie 'n jacht, dy krekt as de reahûn, de mûzels of de pokken húsriem omgong.’ No dêr sizze je wat, froedsman, sei ik, dêr is 'n bulte wier oan. Wy hawwe twaris 'n jachte fan hjitte koartsen hân; jo wite wol, iend'ris fan domperije, en nochris ien fan liberalisme. Dat kaam hurd oan. De minsken dwylden krekt as se poergleon yn 'e kop wiene. Doe tocht ik, no moat ik 'er ek oan, mar mei folle purgearjen en litten, mei fêstjen en it putskjen fan deis 'n heal amer iiskâld pompwetter, bin ik 'er gelokkich noch mei de hele hûd ôfrekke. ‘Dêr binne jo nin drip better om,’ anderde my froedsman. ‘As wy beide op 'e merke steane, bin ik mear wurdich as jo. Ik bin as 'n ko, dy de pest hân het en wer opbettere bin; en ik sis jo, ik haw sa'n leksum al hân, dat ik krij de kwaal noait wer. Mar jo kinne de kwaal noch krije, omdat je 'm noch net hân hawwe, en dan moatte we noch ôfwachtsje, wat 'er | |
[pagina 58]
| |
fan jo telâne komme sil. Want dat sis 'k jo, ik haw it sjoen; yn dy politike beroerten sitte de minsken leaver yn klubs en sosiëteiten as thús by har affearens. Dêr meitsje se eltsoar de kop dan waarm; dêr disputearje en politisearje se, dat se skombekje, fiifhondert út; dêr drinke en klinke se ta heil fan it faderlân; ja, dêr sûpe sommigen as kreupels en komme mei 'n folle en beroaide kop en 'n lege pong by wiif en bern thús. Sosiëteiten binne sûpesteiten, seinen de âlden doe. Koartom, nimmen het by al dat politisearjen spek set as de tapkast fan de kroech- en kofjehúshâlders yn 't lyts, en de pong fan de foarnarne lju yn 't grut, dy mei de gekheden fan ús boargerminsken moai waar spylje. Alle minsken hjir te lâne miene, dat se cokterje en regearje kinne, de twa slimste dingen, dy 'er yn 'e wrâld besteane. De measte binne 'er noch keurmasters fan it geloof by.’ No, anderde ik, jo woene sizze, froedsman, dat de minsken prate en rjuchtsje oer dingen, dêr hja krekt safolle begryp oer hawwe as 'n aap oer de pasteleinkast. En is 't net nuver, dat lju, dy jamk te dom binne om har eigen lytse boel rjucht te stjoeren, krekt de alderwiiste binne om de kening en it hele lân 'erby te regearjen? Ja, froedsman! It is sa. It komt 'er krekt op del sa as dokter Stijl fan Harns yn dy tiid rime het:
Wat leest men wel 't meest en met 't minst verstand?
Ik zal 't u zeggen, vriend! ‘De bijbel en de krant.’
Leau net, dat it noch sa ris komme kin, lykas ferline jier de wiersizzer op Ljouwerter merke profetearre oan Keimpe Polityk, dy de planeet fan ús lân by him loek: ‘Harkje, mannen! Hark!’ sei de planeet. ‘De eigenwysheid bringt ús lân yn it lijen. De twisten fan ús bline foarâlden hawwe ús yn de hannen fan de Jakobinen spile, en kin 't geharrewar fan even bline neisieten ús net bringe onder de swipe fan mieren, dy mei earnseagen loere op dat gehaspel, om 'er 'n hân tuske te krijen? Is it net te dwaan om jimme sparpôt, freonen? It stienâlde sprekwurd, seit it net, dat de iene, as er dines nimt, 'n beleefde bûging makket en seit: ‘S'il vous plaît, monsieur!’ wylst de oare dy tagraut: ‘Dass wol ich haben, Halunke!’ en aste 't net mei 'n rep jouste, dy mei 'n izeren latte noch op de hûd tatichelt, dat dy de ribben kreakje? Harkje, mannen! Hark! Dy net heare wol moat fiele.’ Profete-lak!
Dy lytse man, sawat swart fan opslach, wie de skrandere froedsman ****. Hy hie ús bêste histoarjeskriuwers, lykas Hooft en Brand, sa faak lêzen, dat hy se hast fan bûten koe. En wat him belangryk foar my makke, wie syn wenst, om de útkomsten fan de âlde tiden op ús tiid en regearing ta te pasjen. Romans dêr bemuoiden dy ljuwe har net mei: dy lieten se oer oan de juffers yn de dagen der optochte, en oan de eigenwize soannen fan madam Oberflächlich. No kom ik oan myn eigen oppernolke foargonger. Foar syn persoan wie er bleek en fyn fan troanje, en sawatte rimpen en skichtich yn syn wurd en manearen. Hy wie ien fan de bêste kristenen, dy ik op myn reis troch dit libben mette, en ik hoopje him wer te sjen, om him nochris te tankjen foar al it goede, dat er oan my dien hat. Hy hie rju fermogen, mar hy wie it ek wurdich; want as 'er 'n earlik en iverich, mar ferlegen ambachtsman by him kaam, dy liende er jild frij fan rinten.
De stânfries wie myn trouhertige freon ****, string fan gemoed en woldwaand mei de mylde hân. Yn de Frânske tiden in segen fan 'e stêd, wie hy steil en onfersetlik as hy de wierheid, it rjucht en de wolfeart fan de miente, him fertroud, foarhie. 'n Fêste stipe fan syn folk, en altiten 'n foarstanner fan witenskip, keunst en ferljochte godstsjinst, stoar er fredich, lykas hy wiis libbe hie, nei it beromde leksum:
Laet d' ijveraer in zijn waen, die uw geloof weerstreeft;
Het geloof van hem is goed, die zijnen plicht beleeft.
Het menschdom moge in geloof, het moge in hoop verschillen,
Maer ware menschenmin moet elk betrachten willen.
| |
[pagina 59]
| |
Dy gesette man hienen wy ta dokter, dy by ús út-en-ynrûn. Mei syn rûne folsleine troanje, readfallige wangen, en blier-skrandere eagen, wie hy it byld fan de gesondheid, dy hy syn lijers werjaan moast. Ik sjen him noch as 'k siik te bêd lei, en hy moarns de gerdinen mei 'n flink goedenmorgen weistriek. It wie krekt as de ingel fan heil út de wolken delsaaide en foar my stie; ja, 't gesicht fan dy man makke my hast noch better as al syn poeiers en drankjes mei-eltsoar. - Foardat hy te Boalsert kaam, wie er dokter west te Dokkum, en dêr het er wat fan ien fan myn folk heard, dat jimme wite moatte. Hoewol it rju smoarch stiet om hjir fan myn folk te praten, sa moat ik dochs, om ferstien te wurden, sizze, dat te Dokkum it nêst stiet, dêr myn foarâlden yn hikke en tein binne. Hege sprongen het ús folk noait net makke, en dat is mooglik de reden, dat se de hals noch net brutsen hawwe, mar as boargerminsken trije ieuwen oanien swietsjeswei, by it wâltsje lâns, fuortpandere binne. De earste, dêr ik fan wyt, wie Douwe Halbetsz (Halbetszoon) fan Dokkum,Ga naar voetnoot1 dy oan de side fan prins Loadewyk fan Nassau yn Grinslân fochten het, en dêrom fan Alva by sentinsje fan 20 maaie 1568 ta de galge ferwezen is. De twade, dy 'k wyt, hjitte Justus Halbetsz, dy yn 1674 medicine-dokter te Dokkum wie. Letter hawwe se oan de namme fan de âldfaar Halbetsz, lykas oan tûzen oare Fryske nammen, de sturt-ma (safolle as man) hinge, om 'er 'n fan fan te meitsjen, en Halbets waard Halbetsma. Sont it jier 1700 skreauwen folle fan ús staak Halbetsma faak mei in r: Halbertsma; sa diene ek ús pake en heit, en HALBERTSMA waard de fêste fan fan ús, har soannen en neikommelingen. Yn it lêst fan de foarige ieu libbe 'er noch 'n neisiet fan Justus Halbetsz te Dokkum, dy ek al medicine-dokter wie, en safolle ik wyt, regearend boargemaster fan de stêd 'erby. No, fan dy Th. Halbetsma hat dokter my de folgjende set fertelle. De skroarren brochten doe har wurk oan de klanten sels thús; wie it 'n rôk, kammesoal of jas, dy sloegen se oer 'e earm, en sa gongen se oer 'e strjitte nei de klant ta. Allyk wie it wisânsje, dat de dokters by de begraffenis it lyk folgen fan de pasjint, dy ûnder har hannen bleaun wie. De dokter gong dan ek mei de roumantel oer de earmen nei it stjerhûs ta. Sa kaam it by tafal te barren, dat wylst dr. Halbetsma mei de roumantel oer 'e earm nei de begraffenis fan 'n pasjint gong, syn skroar him temjitte kaam mei 'n nije jas oer 'e earm foar ien fan syn klanten. Yn it foarbygean sei dokter: ‘Goeden morgen, baas!’, wêrop syn skroar anderde: ‘Goeie morgen, dokter! Bringt dokter syn werk thús?’ De takke fan dizze man is mei syn soan mr. Cornelis Halbetsma, dêr ik de âlde freonskip noch mei oanhâlde, te Leien útstoarn. By syn wiif juff. Jonckheere hie er nin bern. Us dokter hâlde net folle fan konsulten. Dokters, sei er folle, binne eargjirrige en jaloerske wezens, dy yn de praktyk net licht bekenne, dat se missjoen habbe. As 'er no twa oer ien pasjint geane en de iene sjocht de kwaal oars yn as de oare, dan kriget jamk nin ien fan beiden syn sin. Hja lizze it op 'n akkoart mei-eltsoar, en sa wurdt 'er 'n drankje by eltsoar klitst, dat twa wegen útgiet; dat is te sizzen, nin ien wei yn 't geheel, en dus de pasjint bliuwe lit sa as hy is. As dat no wier is of net, lit ik oan de konsjinsje en de ûnderfining fan de hearen fan de keunst oer; mar dokter **** sei altiten, as hy fan 'n konsult thúskaam: Vele honden is der hazen dood. | |
[pagina 60]
| |
En no kom ik oan twa fan myn âldste en bêste freonen, dy, hoewol't se net op it Nut kamen, my tefolle goeddien hawwe, om har hjir yn it ferjittelboek te litten; it wie it nommel pear mynhear **** en mefrou syn wiif. Dy hear wie 'n echte Fries, en 'n tige man fan de âlde styl. Hy hie rju termen yn 'e holle, en dy sa geef, sa edel as goud. ‘Nin franjes fan holle wurden en kompliminten; dwaan is 'n ding,’ sei er. ‘Hâld oarder yn dyn dingen, datste krekt witste, op wat gat do sitste. Jou foaral en beliven nin jild út, datste noch net yn 'e bûse heste. Effekten binne defekten,’ sei er. ‘As de kroande hearen mei de noardersinne weigeane, dan kin ik se net, as myn krediteuren onder de boargers, foar 't rjucht daagje. Dêrom, ik wenje net op it papierren souderke; mar ik haw dochs effekt, om my mei de blêden tydliks te fermeitsjen, en wurdt 'er de pin troch strutsen, ek goed; ik bliuw dochs sitten op de fêste grûn fan myn Fryske greide.’ Hy wie 'n kundich en binlik lâneigener, dy alle boerestrûpers yn syn siel ferachte. ‘Dy de boeren strûpe,’ sei er, ‘strûpe har eigen lân earst.’ Fan grize Fryske sprekwurden, b.f. ‘Asto it lân net beskytste, beskyt it lân dy,’Ga naar voetnoot1 wie er net fiis. Mei ien wurd, dy earlike Fries sei it, sa as de wrâld woechsen wie. ‘Rjucht troch see, en net omsjen! Doch safolle goed aste kinste, en lit it dan op 'n generaal pardon oankomme!’ Mefrou, altiten by honk, wie 'n wurdich, gastfrij en wakker foldédich minske. 'n Goeddwaande ingel foar earme widdowen, libbe hja boppedat foar har folk en freonen, om dy genoegen te dwaan. As se dy oan har hearlike tafel krige, wie har grutste nocht, as se de fine gerjuchten, dy se opdiste, braaf nuttigje woenen; sels priuwke se 'er mar efkes oan. Onder de gasten rûn inkel wolris ien, dy obligaat op de mondharpe spile, of om it plompwei te sizzen, dy allinne 'n grutte klaaihazze mei ham en gram en de nedige omballingen ophimmele, sonder dat de man 'er oars of oars fan waard. Sa'n man soene se dêr yn 'e hichte stekke, krekt as hy har út lêst en ellinde holpen, en 'n monster ferslein hie. Op inkelde hege feesten, dêr freugde pas joech, hie mefrou har moed net, eardat it lêste kromke fan har fynste gerjuchten oarbere wie, en dy mei safolle drippen fan har fine winen begetten, dat de gasten sjongende fan tafel opstienen. Dy dan net song betelle syn gelach net. ‘It liet,’ seinen de âlde deftige Romeinen, ‘is de saus fan it gastmiel.’ - Koartom, dizze gasthear en gastfrou wiene grutten fan it âlde jestaal; hja lienden nin diners, lykas de grutten fan letter tiid; hja joegen diners, sonder 'er oait of oait 'n griselke foar wer te nimmen. ‘Jimme moatte ús ris wer fersiikje; jimme moatte jimme skea e's wer ynhelje,’ sizze de iters as se weigeane, en rosje har hûd oan 'e stile fan 'e keamersdoar; mar dêr woe dit nobele pear minsken neat fan wite. - Dit inkele eksimpel, soks wyt ik, bewiist neat, en hoewol ik 'er 'n bulte oare ta befêsting bydwaan koe, sa haw ik dat hjir allinne oanstippe, om mine, op 'n ûnderfining fan fyftich jier rêstende, oertuging kenber te meitsjen, dat fan alle nasjonale deugden, dy ús âlden noch by it begjin fan dizze ieu egen wienen, nin ien, ûnder Hollanners en Friezen beide, mear efterútgien is as de gastfrijheid, dy yn alle tiden fan 'e wrâld holden is foar it onfeilbare teken fan 'n edelen aard. Doe 'k oer 't jild preke hie, sei mynhear tsjin my, dat it goed foldien hie, en 't muoide him, dat er my net heard hie. ‘Mar dou weetste wel,’ liet hy 'erop folgje, ‘dou weetste wel, dat ik niet op 't Nut komme ken.’ No, dat wiste ik doe net, en ik woe 't him ek net freegje, wêrom net? Mar jierren dêrnei kaam 'n âlde gelearde en trouhertige freon fan De Saan by my te útfanhûzjen, en dy joech my 'n bytsje ljocht, trochdat syn heit, dy him it ding faak útlein hie, en de brave oprjuchters fan it Nut, kennissen wiene. Har lieder wie 'n wolmienend en sedich, mar ek kundich en ferljocht man. Trou oan syn geloof miende | |
[pagina 61]
| |
hy, dat mei dommens nin klear begryp fan de plichten fan kristen en boarger te pearjen wie; hy lei him dêrom mei liif en siel ta, om it onderwiis op de berneskoallen te ferbetterjen, en nuttige kundichheden, dêr de gemiene man nea fan heard hie, troch begryplike skoalboekjes oeral te fersprieden. De ferljochte lju fan syn tiid yn dy oarde wiene soks meast mei him iens, en rjuchten yn 1784 mei-'noar dat selskip Tot Nut van 't Algemeen op, dêr neierhân alle departeminten mei tûzenen fan lidden oer 't hiele lân út groeid binne. Mar yn de byienkomsten fan dat selskip waard, bûten de folksfoarljochting, yn 't begjin ek noch watte oars betiksele, sei myn stalke, en dat wie 'n angeltsje, dat de prinselju, nei syn sizzen, danich stiek. It wie doe de ûngelokkige tiid, dat de naasje, om sa te sprekken, yn twa fijandige legers ferdeeld wie; te witen, yn oranjelju en patriotten, dy eltsoar it ljocht yn 'e eagen net gunden. De patriotten woenen feroaring fan regearinge, dy de prinselju wegerden. It hôf begong yn 1787 de deadlike misslach, dat it 'n leger fan Prusyske soldaten yn it lân rôp om har te helpjen, en sadwaande de patriotten 't rokk'leaze eksimpel joech, om yn 1795 op har bar de Frânske soldaten yn te heljen ta har ondersteuning, en sa is ús lân doe njonkelytsen 'n Frânske provinsje wurden. Yn dy tiid no, foaral nei 1787, spile de regearring, mei frjemde bajonetten efter de rêch, hjitkoppich de baas. De patriotten waarden ferfolge, ek tsjin it sin fan de bêste prinselju; de foarnamen út alle amten staat, de minderen tebekset; alle byienkomsten, dêr patriotten sieten te beriedslagjen, as nêsten fan Jan-rap en oproer úteltsoar jage; en sa kaam it, dat de patriotten de fergaderingen fan it Nut yn it begjin as 'n frijsprekkerij misbrûkten, dêr se feilich oer de regearring sizze koenen, wat har foar de mûle kaam. No is 't net fier te siikjen, tinkt my, wêrom de prinselju it Nut skouderen as 'n klub fan lânpesten, en de patriotten 'er 'n skûlpleats yn sochten, om 'er feilich alles yn te sizzen wat hja woenen. Ta de prinselju hearde de âlde aristokrasy en it hôf; de soldaterij mei har kommandanten; de amteners dy fan it lân iten en klean krigen; alle lju fan de steile reformearde tsjerke; want ortodoks en oranje wie doe hast ien wurd. Ta de patriotten hearden folle meagere beunhazzen en gelearden, dy by de feroaring macht, jild en ear sochten, en op de grutten, dy de fette posten ynhienen, skolden as stjonkende aristokraten; ek de lju út 'e deftige boargerstân, dy op de namme fan ferljochte en liberale minsken oanspraak makken, meast braaf en wolmienend, mar min trochsichtich folk, dy op 't ein troch breinroere Jakobinen oer 'e kop mend binne; folle skroaren, skuonmakkers, herbergiers, dy de els, de nudle of de tapkast mei it kessen op it stêdshûs omroalje woenen. Dêr wie boppedat 'n apenatuer yn 'n party, om al de kattesprongen en babbel'gûchjes fan frjemde naasjes, benammen fan de Fransjes, nei te dwaan, hoewol dat har ôfgong as 'n baarch it saffraanfretten. No wie it omtrint yn 'e tiden, dat de Frânske revolúsje, en 'n bytsje earder, de Amerikaanske frijheidsoarloch oan 'e gong wie, en dy twa omkearingen makken de hjitste koppen hjir sa oerstjoer, dat 'er feroaring komme moast, al soe de ûnderste stien boppe. It like wol, dat de Jakobinen it yn har eigen lân, fol fan jild, handel en 'n fleurige skipfeart, net mei de hele hûd hurdzje koenen. As ondogenske jonges, dy de breakrommels stieken, wie 'er nin rêst yn har bonken, foardat 'er 'n frjemd man kaam, dy har mei de bollepyst op 'e breadronkene hûd tichele, dat har de bonken kreakene. - By folle Oranjelju siet de godstsjinst mei yn 't spul; de godstsjinst, sis ik, dy yn pleats fan leafde en iendracht te stichtsjen, lykas har roppinge is, de geest feninicht en dy fonken fan partijgeast ta 'n helsk fjoer oanbliest. Dêr is noch it sizzen fandinne komd: ‘Meitsje him de kop net Oranje, of hy slacht dy healdea!’ De roomsken wiene meast patriotten, en dat wie natuer-eigen. Want hja wiene sletten bûten alle amten en betsjinningen; de reformearden, as beliders fan de religy fan steat, wiene dêrta allinne berjuchtige, en troch de feroaring, dy de patriotten yn it each hienen, koe dat hatelik privileezje allinne te neatte gean, en alle godstsjinsten 'tselde rjucht op 'e lusten fan it lân krije, lykas hja 'er de lêsten fan hienen. Mar op de gearkomsten fan it Nut, | |
[pagina 62]
| |
dêr de grutte saak fan it folksonderwiis bûten har tsjerke om rigele en fuortsterke waard, bleauwen de roomsken folle wei. Wat de minnisten oangiet, lang wiene hja de stillen in den lande, dy har net om polityk bekroanen: dy 't lân hie hie har ek, en as se 't te krap krigene, ferfarden se nei 'n oar lân of provinsje ta. Net Pietsje foaroan boartsje! Net regearje! Net stjoere as har eigen affearens! Sa wiene se yn stilte fermogende lju wurden; de ryksten onder har folle fermogender as de earste amteners fan 't lân, dy, hoe heger har traktemint wie, ek des te heger steat fiere moasten, en de wierheid fan 't Fryske sprekwurd bewiisden: In swan hat syn fearren krekt sa goed nedich as 'n mosk. Myn heechfereare freon, de gûverneur Jr. AEbinga fan Humalda, hat my wolris ferhelle, hoe de grutte lâneig'ners út de Fryske aristokrasy, foar de stimmingen, by rike minnisten kamen om jild te lienen. Yn har ôfsondering hienen se altiten jild en tiid, middels en lust hân om har op nije útfiningen en fabriken út te lizzen; om har kennis yn hege rekkenkeunst en stjerrekunde, yn natuerwittenskip, en foaral yn histoarje en steatkunde, te oefenjen. Hja kamen op de hichte fan har tiid, en begûnen har te ferienigen mei de tiid, dêr se yn libbene. De âlde ienfâldens yn kledaazje, dêr men de minnisten as 'n montearring oan koe, begûn pleats te jaan foar 'n pak, sa as de tiid sei. Mei de kledaazje feroare ek har libben binnen en bûten hûs. Hja kamen swietsjeswei yn de selskippen fan oare gesinten, en sommige iisbrekkers onder har weagden 't yn iepenbiere gearkomsten te ferskinen, dêr se it wurd fierden. Om koart te gean, tefoaren wieën de minnisten yn 'e wrâld, en no kaam de wrâld yn 'e minnisten. Soe 't nin merakel west hawwe, dat de frijheids- en gelykheidsswimel, dy Noard-Amearika, hiel Frankryk en safolle hûnderttûzenen yn Nederlân befongen hie, sokke hollen alleheel frijlitten hie? De minnisten wiene folle patriotten om gelike rjuchten foar alle boargers te betingjen, en sa waarden hja ek de foarnaamste oprjuchters en útbreiders fan it Nut, om ljocht en boargersin onder dy evenboargers te stichtsjen, dy mei de hannen har brea fertsjinje moasten. Har eachmerk en dwaan yn dat alles wie siker net kwea, mar of se 'er sels side by spûn habbe, dat is 'n oare fraach. No gisje ik foar it neist, wêrom it earlike oranjebloed fan 1795 net op it Nut komme koe. 'n Prinseman fan âlder ta âlder hie de haat tsjin de patriotten en har klubben mei de tate ynsûgd. Dy earste bestimming fan it Nut, dy hy him foarstelde as 'n smokkelgat foar patriotske slûkers, siet him noch yn it krop, en hoewol dat alles no ferjitten en ferjûn wie, en de man bêst wiste, dat 'er neat as 'n ûnskuldige útspanning fan oerbleaun wie, sa miende 'n stege Fries dochs, dat hy de skyn fan 'n omflapte Oranjeman op him lade soe, as hy de gearkomsten fan it Nut mei syn bywêzen ferearre.
de preker |
|